[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fred Gerard

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 apr 2018 om 16.15 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
Fred Gerard
persoanlike bysûnderheden
echte namme Fredrick Frances Gerard
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 novimber 1829
berteplak St. Louis (Missoury)
stoarn 29 jannewaris 1913
stjerplak St. Cloud (Minnesota)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
berop/amt keapman
aktyf as tolk
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e ferneamde
   Slach oan de Little Bighorn

Fred Gerard (folút: Fredrick Frances Gerard; St. Louis (Missoury), 14 novimber 1829St. Cloud (Minnesota), 29 jannewaris 1913) wie in Amerikaansk keapman fan etnysk Frânsk komôf, dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw as tolk foar it Amerikaanske Leger wurke. Hy wûn in beskate bekendheid om't er yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben

Iere jierren

Gerard waard yn 1823 berne yn St. Louis, yn 'e Amerikaanske steat Missoury. Hy waard keapman en fêstige him yn Fort Berthold, yn 'e Dakota's, mank de Arikara-, Mandan- en Hidatsa-Yndianen. Dêr wied er in hoart troud mei in squaw, de suster fan in Arikara-kriger dy't Fluitsjende Bear hiet. Nei 1873 waard Gerard troch luitenant-kolonel George Armstrong Custer ynhierd om as tolk te fungearjen foar syn Amerikaanske 7e Kavaleryregimint, dat doe legere wie yn Fort Abraham Lincoln, yn Noard-Dakota, en inkele tsientallen Arikara-krigers as ferkenners tawiisd krigen hie.

De Slach oan de Little Bighorn

Under de Grutte Sû-Oarloch naam Gerard yn 1876 as boarger-tolk foar it 7e Kavaleryregimint diel oan 'e simmerkampanje fan it Amerikaanske Leger tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Njonken de Arikara wiene der foar dy fjildtoch ek seis Krieske ferkenners oan it regimint tafoege, dy't fia in oare tolk, Mitch Bouyer, mei de Amerikanen kommunisearren. Nei't oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn súdlik Montana, op 25 juny in grut Yndiaansk doarp ûntdutsen wie, liet Custer de 7e Kavalery frijwol daliks út twa ûnderskate rjochtings oanfalle. Trije kompanjyen, ûnder lieding fan majoar Marcus Reno, diene in wraam op 'e súdkant fan it doarp, wylst Custer sels mei fiif kompanjyen omried om út it noarden wei oan te fallen en nochris trije kompanjyen ûnder kaptein Frederick Benteen nei it súdwesten ta stjoerd waarden om 'e ferwachte flecht fan 'e Yndianen ôf te snijen.

Mei't de Arikara-ferkenners oan 'e trije kompanjyen fan Reno tafoege waarden, wie Gerard dêr ek by. Doe't Reno syn troepen de rivier oerstieken en de súdlike ein fan it doarp oanfoelen, flechten de Yndianen lykwols net fuort, mar streamden de krigers krekt ta it doarp út om 'e oanfal ôf te slaan. Op dat punt fan 'e slach ried Gerard efter de fiif kompanjyen fan Custer oan, dêr't er oan Custer syn adjudant William W. Cooke it boadskip oerbrocht dat de wjerstân folle sterker wie as ferwachte. Nei't er dy tynge dien hie, ried Gerard werom om him wer by Reno te jaan. Dat wie it lêste dat der fan Custer en syn fiif kompanjyen sjoen waard, dy't neitiid oan 'e lêste man ta útrûge waarden troch de Yndianen.

Reno hie ûnderwilens syn troepen oardere om ôf te stiigjen en har yn in skermutselingsliny op te stellen, mar troch de nûmerike oermacht fan 'e fijân waard er al rillegau sa swier yn syn kwetsbere lofterflank oanfallen, dat er him weromlûke moast yn it strewelleguod dat by de rivier lâns groeide. Op dat punt fan it gefjocht waard de ferkenner Bluodderich Mês yn 'e holle rekke troch in kûgel wylst er njonken Reno op it hynder siet, sadat it bloed en stikjes harsens de majoar yn it gesicht spatten. Mooglik noch yn shock fan dat foarfal, oardere Reno syn mannen om op te stiigjen, ôf te stiigjen en wer op te stiigjen. Doe rôp er harren ta: "Wa't ûntsnappe wol, folgje my!" en late er in gaoatyske flecht de rivier oer en by it steile klif oare kant de rivier op. Reno ferlear by syn flecht 3 ofsieren en 29 soldaten, wylst 14 oant 19 oaren fermist rekken.

De measten dêrfan wiene yn 'e dusoarder efterbleaun yn it strewelleguod oan 'e ferkearde kant fan 'e rivier. Dêrûnder wie ek Fred Gerard, dy't him dêr mei de soldaat Billy Jackson oerenlang beskûl hâlde moast foar de Yndianen. Op in stuit makken hy en Jackson kontakt mei twa oare efterbliuwers, luitenant Charles DeRudio en soldaat Thomas O'Neill, mei wa't se de nacht fan 25 op 26 juny trochbrochten. Op 'e middei fan 26 juny waard it groepke ûntdutsen troch guon Yndianen, mar Gerard en Jackson, dy't oars as DeRudio en O'Neill harren hynders beholden hiene, rieden doe fuort en wisten de krigers efter harren oan te lokjen, by de oare beide mannen wie. Neitiid wist Gerard de rivier oer te kommen en him by de troepen fan Reno en Benteen op it klif te jaan dat letter Reno Hill komme soe te hjitten. Dêr makke er him neitiid by it fersoargjen fan 'e ferwûnen nuttich as assistint fan legerdokter Henry R. Porter. Op 'e moarn fan 27 juny waarden de belegere kompanjyen op Reno Hill ûntset troch de oankomst op it slachfjild fan farske Amerikaanske troepen ûnder brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon.

Lettere jierren

Nei de slach kearde Gerard werom nei it boargerlibben en waard er wer keapman. Hy troude mei in Ella S. Waddell, dy't ôfkomstich wie út St. Louis, en krige ferskate bern mei har. Yn 1879 lei er in tsjûgenis ôf foar it Hof fan Undersyk dat gearroppen wie op oanfraach fan majoar Reno, dy't beskuldige wie fan leffens en plichtsfersom ûnder de Slach oan de Little Bighorn en op dy wize syn namme suverje woe. Yn 'e offisjele ôfskriften fan dat ûndersyk waard Gerard syn namme misstavere as 'Girard'. Yn 1912 died er wiidweidich ferslach fan syn ûnderfinings ûnder de Slach oan de Little Bighorn oan skriuwer Fred Dustin, dy't foar dat doel by alle oerlibbenen del gie. Fred Gerard stoar minder as in jier letter, yn jannewaris 1913, yn St. Cloud yn Minnesota, yn 'e âlderdom fan omtrint 83 jier. Hy waard begroeven yn St. Joseph.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.