[go: up one dir, main page]

Sulver of sulvergriis is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan griis. It kin omskreaun wurde as in ljochtgrizige kleur. Sulver is ferneamd nei it ealmetaal mei deselde namme. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is sulver in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) jildt yn teory itselde, mar yn 'e praktyk wurdt ljochtgriis dêr produsearre troch inkeld in bytsje swart te brûken. As kleuroantsjutting is it wurd 'sulver' al teminsten yn gebrûk sûnt 1481, mei't de ierste oerlevering yn it Ingelsk (yn 'e korrespondearjende foarm silver) út dat jier datearret. Yn 'e heraldyk is de tinktuer sulver (ek oantsjut as argint) ornaris synonym mei wyt.

sulver
kleurkoördinaten
heksadesimaal #C0C0C0
RGBª (rgb) (192, 192, 192)
CMYKº (cmyk) (0, 0, 0, 25)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Sulver heart eins in metallic-kleur te wêzen, mar der bestiet gjin meganisme om 'e stofeigen glâns fan metaal as ûnderdiel fan in effen kleurflak op in byldskerm wer te jaan. Dat komt om't dy glâns ôfhinget fan 'e foarm fan it sulverkleurige objekt en de ynfalshoeke fan it ljocht, en dêrom fariabel is. Sadwaande kin it wiere oansjen fan sulver as kleur inkeld op in kompjûterskerm werjûn wurde mei it gebrûk fan spesjale software dy't de oanhâldend feroarjende glâns fan ljocht op in metalen oerflak simulearret. Yn 'e skilderkeunst en de heraldyk, dêr't men ek te krijen hie mei in twadiminsjonaal flak, waard foarhinne wol in metallic-ferve brûkt om sulver wer te jaan, dy't glinstere as echt metaal om't der minuskule stikjes sulver yn ferwurke wiene.

 
In sulverkristal.
 
In sulversteaf.

Besibbe tinten

bewurkje seksje
sulver #C0C0C0                         
âldsulver #848482       
Crayola-sulver #C9C0BB       
gainsboro #DCDCDC       
jiskegriis #B2BEB5       
ljochtgriis #D3D3D3       
platina #E5E4E2       
Romeinsk sulver #838996       
sonysk sulver (sonic silver) #757575       
sulverrôze #C4AEAD       
sulversân #BFC1C2       
sulvertsjelk #ACACAC       
tuskenbeiden griis #BEBEBE       

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.