[go: up one dir, main page]

Synonym

taalkunde
Dizze side giet oer it taalkundige begryp synonym. Foar oare betsjuttings, sjoch: synonym (betsjuttingsside).

In synonym fan in wurd yn in taal is in oar wurd yn deselde taal mei min of temear deselde betsjutting. Dit ferskynsel wurdt synonymy neamd.

Foarbylden fan (gedieltlike) synonimen yn it Frysk binne:

It doel fan in thesaurus is it beskikber stellen fan in list mei lykaardige of besibbe wurden. Dat binne gauris synonimen.

Komôf en betsjuttingsskieding'

bewurkje seksje

Oarspronklik hie elk wurd syn eigen spesifike betsjutting. Synonimen ûntsteane dan ek ynearsten folslein los fan elkoar. Se kinne dêrnei yn it algemiene taalgebrûk yn fergelykbere konteksten foarkomme, en sadwaande útwikselber wurde. Yn de evolúsje fan it taalgebrûk kinne dêrnei beide synonimen ûngefear like gongber bliuwe, of it iene synonym kin it tsjin it oare ôflizze. Dat lêste komt it faakst foar omt folsleine synonimen yn in taal krekt besjoen oerstallich binne.

Synonimen kommme faak fuort út kontakt tusken en it mingen fan folksgroepen of talen (troch lienwurden). Aldere lienwurden wurd trochstrings troch nije ferkrongen

Synonime wurden, sinnen, útdrukkings binne net sûnder mear útwikselber yn deselde kontekst. Trochstrings dominearret ien fan de synonimen yn it idoame fan in taal of in regio binnen in taalgebiet. Yn de rin fan de tiden kinne dêryn ferskowings komme, en sa ûntstiet in ferskil yn belibbing. Ofhinklik fan it taalgefoel en de ûntwikkeling ûnderfine minsken bepaalde synonimen dus al as net hielendal identyk kwa betsjutting. Bepaalde leksikografen fine dêrom dat gjin inkel synonym foar hûndert persint deselde betsjutting hat as in oar wurd (besjoen yn it ljocht fan sosjale lagen en harren taalgebrûk), omdat etymology, ortografy, foanetyk, ambiguïteiten, konnotaasje ensafuorthinne se unyk meitsje. Mar om praktyske redenen brûke in soad minsken se dochs troch elkoar.

De oarspronklike reden foar it ferskil yn betsjutting ferdwynt nei lange tiid faak út it ûnthâld. Sa identifisearje folken har faak mei de nammen dy’t histoarysk oan earder libbende folen jûn waarden, ek al is dy sibskip hast net oan te toanen.

Synonimen binne ek gauris in boarne foar eufemismes. Fryske synonimen binne neist it Frysk Wurdboek ek te finen yn Frysk Puzelwurdboekpuzelwurdboeken.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Wurdboek