[go: up one dir, main page]

Neisyngronisaasje

(Trochferwiisd fan Neisyngronisearre)

Neisyngronisaasje of neisyngronisearring is it yn it stadium fan 'e postproduksje tafoegjen of ferfangen fan lûd by in film, tillefyzjeprogramma of fideospultsje. It giet dêrby om 'e stimmen fan 'e akteurs, dy't ferfongen wurde troch stimmen fan oare akteurs dy't in oare taal sprekke as de oarspronklike taal fan 'e produksje. It is de bedoeling dat de nije stimlûden dêrby safolle mooglik syngroan rinne mei de bewegings fan 'e mûlen fan 'e akteurs op 'e bylden. In synonym fan neisyngronisaasje is dubben (fan 'e Ingelske term dubbing). Neisyngronisaasje wurdt yn 'e regel brûkt om bûtenlânske films en tillefyzjeproduksjes oer te setten nei de memmetaal fan it grutste diel fan it publyk fan it beskaat lân. Soms wurdt it ek poer brûkt om 'e lûdskwaliteit te ferbetterjen, wêrby't de oarspronklike akteurs dan neitiid yn 'e studio harren eigen stim noch in kear ynsprekke. Foarhinne kaam dat folle mear foar as tsjintwurdich. Fan 'e films fan 'e Dollars Trilogy fan regisseur Sergio Leone, waarden op dy wize bygelyks twa orizjinele ferzjes makke, in Ingelsktaligenien en in Italjaansktaligenien.

In neisyngronisaasjestudio.

Neisyngronisaasje en ûndertiteling

bewurkje seksje

Neisyngronisaasje wurdt faak brûkt as de standertmetoade om films en tillefyzjeproduksjes oer te setten yn gruttere taalgebieten, wylst lytsere taalgebieten oer it algemien kieze foar in (folle goedkeaper) alternatyf, nammentlik: ûndertiteling.

 
Neisyngronisaasje fersus ûndertiteling yn Jeropa.

██ Allinnich mar neisyngronisaasje

██ Meastal ûndertiteling, mar soms ek neisyngronisaasje

██ Neisyngronisaasje foar bern, fierders inkeld ûndertiteling

██ Belgje: Flaanderen brûkt neisyngronisaasje foar bern, fierders inkeld ûndertiteling; Walloanje brûkt allinnich mar neisyngronisaasje

██ Net ien fan beide; ynstee wurdt almeast in kommentaarfertaling brûkt

██ Lannen dy't ornaris gebrûk meitsje fan ferzjes fan oare lannen om't de talen tige opinoar lykje (Slowakije brûkt faak Tsjechyske neisyngronisaasjes en Wyt-Ruslân brûkt yn 'e regel Russyske kommentaarfertalings)

Sitewaasje yn Nederlân en Flaanderen

bewurkje seksje

Yn it Nederlânske taalgebiet fynt men neisyngronisaasjes oer it algemien steurend, om te laitsjen en/of opdwaanderich oerkommen (wat der fansels ek mei te krijen hat dat men it net wend is). Yn 'e regel wurdt inkeld gebrûk makke fan ûndertiteling, útsein as it om produksjes foar bern giet. Wat dat oangie, waard oarspronklik altyd ien neisyngronisaasje foar it hiele Nederlânske taalgebiet makke, mar sûnt rûchwei de midden fan 'e 1990-er jierren komt it hieltyd faker foar dat der in aparte ferzje yn it Flaamsk neisyngronisearre wurdt. Reden dêrfoar is dat it Nederlânsk fan Nederlân en it Belgysk-Nederlânsk útinoar groeie, en dat Flamingen Hollânske neisyngronisaasjes steurend en dreech nei te kommen fine soene. Soms komt it ek foar dat tekenfilms neisyngronisearre wurde mei foar in diel Hollânske en foar in diel Flaamske stimmen (lykas dien waard by The Lion King). Soks wurdt lykwols net faak dien om't dan sawol in diel fan it Flaamske publyk as in diel fan it Nederlânske publyk him ergeret.

Foar- en neidielen fan neisyngronisaasje

bewurkje seksje

Sjoggers hawwe oer it generaal nommen in sterke foarkar foar de oersettingsmetoade dy't yn harren eigen taalgebiet wizânsje is. Wa't ûndertiteling wend is, ergeret him faak oan 'e beheinde lipsyngroniteit fan neisyngronisearre programma's en priizget it feit dat de orizjinele stimmen fan 'e akteurs hanthavene bliuwe. Wa't neisyngronisaasje wend is, fynt almeast dat neisyngronisearre produksjes better te folgjen binne en ergeret him oan 'e tekst dy't it ûnderste diel fan it byld 'ferpest'.

Ynformaasje-oerdracht

bewurkje seksje

Undertiteling is fanwegen de romte ûnder yn byld en de lêstiid dêr't de sjogger ferlet fan hat, beheinder as de oarspronklike tekst. Yn 'e Nederlânsktalige ûndertiteling fan in Ingelsktalich programma wurdt trochinoar sa'n 30% fan 'e oarspronklike tekst weilitten. It is net te mijen dat dêrtroch ynformaasje ferlern giet, al hinget de hoemannichte fan 'e ferlern geande ynformaasje ôf fan 'e feardichheden fan 'e ûndertiteler. Troch ynstee gebrûk te meitsjen fan neisyngronisaasje kin de measte ynformaasje wol oerbrocht wurde, al geane ek dêr guon dingen ferlern, lykas ûnfertaalbere wurdboarterijen. Ek is it by neisyngronisaasje sa dat de oersettings fan guon sinnen ynkoarte of oprutsen wurde moatte om 'e syngroniteit mei de bewegings fan 'e mûlen fan 'e akteurs te behâlden.

Neisyngronisaasje is gefoeliger foar sinsuer en manipulaasje as ûndertiteling, om't de oarspronklike tekst by neisyngronisaasje hielendal ûntagonklik makke wurdt, wylst dy by ûndertiteling noch gewoan te hearren is. Bekende foarbylden fan manipulearre neisyngronisaasjes binne de Dútske ferzjes fan 'e films Casablanca (1942) en Notorious (1946), dêr't alle ferwizings nei de nazys út fuorthelle wiene.

Tagonklikheid

bewurkje seksje

Neisyngronisearre films en tillefyzjeprogramma's binne net goed te folgjen foar dôve en staffe minsken. Oan 'e oare kant binne ûndertitele films en programma's net of min te folgjend foar analfabeten, leechletterden, blinen en minsken dy't min sjen kinne. Ut in Sweedsk ûndersyk út 1979 die bliken dat bern tusken de sân en alve jier in ûndertitele tillefyzjeprogramma minder goed begripe koene as in neisyngronisearre ferzje. Yn in Nederlânsk ûndersyk út 1999 joech 11% fan 'e minsken boppe de fyftich jier oan dat se ûndertitels dreech te folgjen fûnen.

In foardiel fan neisyngronisaasje is dat it byld net fersteurd wurdt troch ûndertitels. Filmmakkers as Bernardo Bertolucci en Éric Rohmer wiene om dy reden tsjinstanners fan ûndertiteling. Dêr stiet foaroer dat in film of programma mear fan syn autentisiteit behâldt as de oarspronklike stimmen te hearren binne. Neisyngronisaasje wurdt boppedat as minder autentyk ûnderfûn om't folsleine syngronisiteit nea berikt wurde kin: de mûlebewegings fan 'e akteurs wike altyd yn hegere of mindere mjitte ôf fan 'e sprutsen tekst fan 'e stimakteurs.

Ek it weromkearen fan almar wer deselde stimakteurs wurdt as in neidiel fan neisyngronisaasje beskôge. Yn it Dútske taalgebiet is it sa dat in akteur oan in fêste stimakteur keppele wurdt, dy't tenei al syn rollen neisyngronisearret. De sjoggers wenne op dy manear oan it (neisyngronisearre) stimlûd fan in akteur. Doe't de Ingelske akteur John Cleese ris frege waard foar in Dútsk reklamespotsje, spriek er sels de Dútske tekst yn, dy't er út 'e holle leard hie. Dêrop klagen de sjoggers dat it Cleese syn stim net wie, en besleat de makker fan it spotsje it neisyngronisearje te litten troch Cleese syn fêste stimakteur.

Leareffekten

bewurkje seksje

Troch neisyngronisaasje geane de effekten fan it hearren fan 'e oarspronklike taal fan in film of tillefyzjeprogramma ferlern. Bleatsteld te wurden oan frjemde talen is nammers goed foar de kennis fan dy talen. Dat is ek de reden dat tsieners yn Nederlân, dy't eltse dei op 'e tillefyzje en it ynternet bleatsteld wurde oan Ingelsk, dy taal oer it algemien folle better machtich binne as harren leeftydsgenoaten yn Dútslân of Frankryk, dêr't net ûndertitele mar neisyngronisearre wurdt. In groep ekspêrs op it mêd fan meartalichheid advisearre dêrom yn 2007 de Jeropeeske Kommisje mei klam om it gebrûk fan neisyngronisaasje werom te kringen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.