Morfeem
In morfeem (meartal: morfemen) is in elemint fan in wurd mei in eigen betsjutting/funksje, dat net opdield wurde kin.
Der binne twa typen morfemen:
- Dy't as selsstannich wurd bestean.
- De net selsstannich foarkommende wurdfoarmjende eleminten (affiksen). Affiksen binne der yn twa haadsoarten, de prefiks en de suffiks.
In ferbiningslûd (of bynmorfeem) is in tusken -s- of in tusken -e-: doarp-s-tsjerke, bern-e-boek.
Foarbyld
bewurkje seksjeIt wurd doarpstsjerkje hat de neikommende morfemen:
- Selsstannich morfeem 'doarp'
- It ferbiningslûd 's'
- Selsstannich morfeem 'tsjerke'
- De suffiks '-je'
It wurd berneboekje hat de neikommende morfemen:
- Selsstannich morfeem 'bern'
- It ferbiningslûd 'e'
- Selsstannich morfeem 'boek'
- De suffiks '-je'