[go: up one dir, main page]

In earm (meartal: earms of earmen) is ien fan 'e beide boppeste lidden fan it lichem. De earm bestiet út twa dielen: de boppe-earm (brachium) en de ûnderearm (antebrachium), wêrfan't de boppe-earm it diel fan it lichem beslacht dat tusken it skoudergewricht en it earmtakkegewricht yn leit, wylst de ûnderearm it diel fan it lichem is tusken it earmtakkegewricht en it polsgewricht yn. By de pols giet de earm oer yn 'e hân. Boppe-oan heart it skouder mei syn bonken en spierstruktuer anatomysk ta de earm, mar ornaris wurdt ornearre dat de earm oan 'e sydkant fan it skouder begjint.

De bonkestruktuer fan 'e minsklike earms.
Dizze side giet oer it lichemsdiel earm. Foar oare betsjuttings, sjoch: earm (betsjuttingsside).

Frijwol alle wringedieren hawwe twa foarste of boppeste lidden en twa efterste of ûnderste lidden. By de minske, mar ek by minskapen en apen, wurde de boppeste of foarste lidden 'earms' neamd; by oare soarten bisten wurde de ekwivalinte lichemsdielen yn 'e regel betitele as foarpoaten. Troch middel fan 'e hân hawwe earms by de minske in wichtige funksje as grypmeganisme; foar fuortbeweging, dêr't earms by minskapen en apen (en foarpoaten by oare bistesoarten) in protte of yn haadsaak foar brûkt wurde, binne se by de minske troch de rjochtoppige hâlding op 'e skonken (by bisten: de efterpoaten) minder fan belang. Inkeld by klimmen, swimmen en om by hurddraven it lykwicht te bewarjen brûke sûne minsken de earms by fuortbeweging.

De bonkestruktuer fan 'e earm wurdt beweechber makke troch de oanwêzigens fan trije gewrichten. Boppe-oan de earm sit it skoudergewricht, dat in kûgelgewricht is en oer trije draai-assen artikulearre wurde kin. Healwei de earm, dêr't de boppe- en de ûnderearm gearkomme, sit it earmtakkegewricht, dat in kniergewricht is dat mar oer ien as beweegd wurde kin. Hielendal ûnderoan sit it polsgewricht, in saneamd aaigewricht, dat oer twa assen beweegd wurde kin. It skouder en de earmtakke wurde mei-inoar ferbûn troch de boppe-earmbonke, dy't tige sterk is en net maklik brekt. Undersyk (mei minsklike kadavers) hat útwiisd dat in boppe-earmbonke wol in gewicht fan 140 kg drage kin ear't er knapt. Tusken de earmtakke en de pols sitte njonken inoar de speakbonke en de piipbonke, dy't folle lichter binne en dêrom ek makliker brekke. De wichtichste spieren yn 'e earm binne de biseps en de triseps, dy't beide yn 'e boppe-earm sitte, en dêr't de ûnderearm mei bûgd en strutsen wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.