Amerikaanske Leger
It Amerikaanske Leger (Ingelsk: United States Army of U.S. Army) is de grutste en âldste tûke fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, de kriichsmacht fan 'e Feriene Steaten fan Amearika. It is in lânmacht en ien fan 'e acht unifoarmearre tsjinsten fan de Feriene Steaten. It Amerikaanske Leger hat in sterkte fan rom 1 miljoen man, en falt bestjoerlik ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. It waard yn 1775 oprjochte as it Kontinintale Leger, en hat sûnt yn mear as fyftich oarloggen en oare konflikten fochten. De ofsiersoplieding fan it Amerikaanske Leger wurdt fersoarge troch de Amerikaanske Militêre Akademy te West Point.
Amerikaansk Leger | |
---|---|
flagge | embleem |
This We'll Defend Ingelsk, "Dit Sille Wy Ferdigenje" | |
algemiene gegevens | |
lân | Feriene Steaten |
soarte | lânmacht |
doel | oarlochfiering op lân |
bysûnderheden | |
namme folút | United States Army ("Amerikaansk Leger") |
ôfkoarting | U.S. Army |
lokaasje haadkertier | it Pentagon (Arlington County, Firginia) |
oprjochte | 1775 |
sterkte | 475.000 aktyf (2016) 540.000 reserve (2016) |
falt ûnder | ● Am. Ministearje f. Definsje ● Dep. fan it Leger |
offisjele kleuren | swart, goud en wyt |
webside | www.army.mil |
De fjildflagge fan it Amerikaanske Leger. |
Sterkte
bewurkje seksjeIt Amerikaanske Leger is opboud út trije dielen:
- it Geregelde Leger (Regular Army), dat yn 2016 út 475.000 man yn aktive tsjinst bestie
- 2 reserve-ôfdielings:
- de Nasjonale Legergarde (Army National Guard, ARNG), mei 342.000 man
- de Amerikaanske Legerreserve (United States Army Reserve, USAR), mei 198.000 man.
Yn totaal hat it Amerikaanske Leger dus in sterkte fan 1.015.000 man.
Bestjoer
bewurkje seksjeIt Leger falt bestjoerlik ûnder it Departemint fan it Leger, ien fan 'e trije militêre ûnderôfdielings fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. It haadkertier is fêstige yn it Pentagon, yn Arlington County yn Firginia, fuort besuden de Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. It Amerikaanske Leger hat in twakoppige lieding dy't bestiet út in boargerlik amtner, de ûnderminister fan it leger, teffens haad fan it Departemint fan it Leger, en in militêr ofsier, de stêfsjef fan it Leger, dy't ek lid is fan 'e Mienskiplike Stêfsjefs. Dêrboppe stiet de minister fan Definsje en dêr wer boppe de presidint fan de Feriene Steaten, as oerbefelhawwer fan alle Amerikaanske Striidkrêften.
Doelen
bewurkje seksjeIt Amerikaanske Leger tsjinnet as it diel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dat him taleit op oarloch op lân. Dêrby binne de doelen:
● it hanthavenjen fan frede en feilichheid en it fersoargjen fan 'e ferdigening fan 'e Feriene Steaten, syn oerseeske gebietsdielen en besittings, en alle oare gebieten dy't yn it besit (sij it permanint of tydlik) fan 'e Feriene Steaten binne;
● it ûnderstypjen fan it belied fan it regear fan 'e Feriene Steaten;
● it ta útfiering bringen fan 'e nasjonale doelen fan 'e Feriene Steaten;
● it ferslaan fan alle lannen of oare entiteiten dy't ferantwurdlik binne foar dieden fan agresje dy't de frede en feilichheid fan 'e Feriene Steaten yn gefaar bringe.
Skiednis
bewurkje seksjeDe foarrinner fan it Amerikaanske Leger, it Kontinintale Leger, waard op 14 juny 1775 ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch troch it Kontinintaal Kongres (de foarrinner fan it Amerikaanske Kongres) oprjochte as in feriene legermacht om 'e Britten te befjochtsjen. De earste befelhawwer fan it leger wie generaal George Washington, dy't neitiid de earste presidint fan de Feriene Steaten wurde soe. Yn 't earstoan waard it Kontinintale Leger oanfierd troch ofsieren dy't earder yn it Britske Leger tsjinne hiene, en dy't harren ûnderfining dêrwei oerbrochten nei it nije leger. Meitiid soargen assistinsje fan Frânske kant, de beskikbere helpboarnen en de strategyen dy't mooglik en ûnmooglik makke waarden troch dy helpboarnen, foar in earste ûnderskie tusken it Kontinintale en it Britske Leger. In grutte ynfloed hie fierders generaal Friedrich Wilhelm von Steuben, dy't de Amerikanen Prusyske taktyk en organisaasje bybrocht.
Nei't de Feriene Steaten harren ûnôfhinklikheid wûn hiene en de Britten har dêr yn 1783 by dellein hiene, waard it Kontinintale Leger gau-gau ôftanke fanwegen it hearskjende republikeinske wantrouwen tsjin steande legers. Tenei moasten steatsmilysjes it iennichste leger fan 'e Feriene Steaten foarmje, mei as útsûnderings inkeld it 1e Amerikaanske Rezjimint, dat yn it Westen de frontier ferdigenje moast tsjin 'e Yndianen, en ien batterij artillery om it federale arsenaal te West Point te ferdigenjen. Fanwegen oanhâldende konflikten mei de Yndianen besefte men lykwols al rillegau dat der ferlet wie fan in grutter steand leger, it Geregelde Leger (Regular Army). Dat wie earst hiel lyts, mar nei de Amerikaanske nederlaach yn 'e Slach oan de Wabash waard it yn 1791 reorganisearre en fergrutte ûnder de namme fan it Legioen fan de Feriene Steaten. Yn 1796 waard it Legioen omneamd ta it Amerikaanske Leger.
De Amerikaanske Loftmacht komt fuort út it Amerikaanske Leger. De lêste foargonger fan 'e Amerikaanske Loftmacht waard foarme troch de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften, dy't bestiene fan 1941 oant 1947.
Konflikten
bewurkje seksjeYn syn skiednis hat it Amerikaanske Leger oan mear as 50 oarloggen en oare konflikten dielnommen, wêrfan't it meastepart beflapt wurde kin ûnder de Amerikaansk-Yndiaanske oarloggen:
- de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1775-1783)
- de Sjeroky-Amerikaanske Oarloggen (1776-1794)
- de Noardwestlike Yndiaanske Oarloch (1785-1795)
- de Whiskeyrebûlje (1791-1794)
- de Nickajack-ekspedysje (1794)
- de Earste Barbarijske Oarloch (1801-1805)
- de Sabine-ekspedysje (1806)
- de Oarloch fan 1812 (1811-1815)
- de Oarloch fan Tecumseh (1811-1813)
- de Earste Kriik-Oarloch (1813-1814)
- de Peoaria-Oarloch (1813)
- de Seminoalske Oarloggen (1816-1858)
- de Arikara-Oarloch (1823)
- de Winnebago-Oarloch (1827)
- de Oarloch fan Swarte Hauk (1832)
- de Kriik-Oarloch fan 1836 (1836)
- de Floridaansk-Georgiaanske Grinsoarloch (1836)
- de Teksaansk-Yndiaanske oarloggen (1836-1877)
- de Komantsje-Oarloggen (1836-1877)
- de Komantsjekampanje (1867-1875)
- de Antelope Hills-ekspedysje (1858)
- de Oarloch fan de Reade Rivier (1874-1875)
- de Bizonjagersoarloch (1876-1877)
- de Komantsje-Oarloggen (1836-1877)
- de Osadzje-Oarloch (1837)
- de Patriottyske Oarloch (1838)
- de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848)
- de Kajûs-Oarloch (1848-1855)
- de Apache-Oarloggen (1849-1924)
- de Jikarylla-Oarloch (1849-1855)
- de Tsirikahûa-Oarloch (1860-1886)
- de Tonto-Oarloch (1871-1875)
- de Renegate-oarloch (1879-1924)
- de Oarloch fan Victorio (1879-1880)
- de Oarloch fan Geronimo (1881-1886)
- de Jûma-Oarloch (1850-1853)
- de Jût-Oarloggen (1850-1923)
- de Provo-oarloch (1850)
- de Walker-oarloch (1853-1854)
- de Tintic-oarloch (1856)
- de Oarloch fan Swarte Hauk (1865-1872)
- de Oarloch fan de Wite Rivier (1879)
- de Jût-Oarloch fan 1887 (1887)
- de Kliffe-oarloch (1914-1915)
- de Kliffe-skermutseling (1921)
- de Posey-oarloch (1923)
- de Sû-Oarloggen (1854-1891)
- de Earste Sû-Oarloch (1854-1856)
- de Dakota-Oarloch fan 1862 (1862)
- de Strafekspedysje tsjin de Sû (1863)
- de Strafekspedysje tsjin de Sû (1864)
- de Kolorado-oarloch (1863-1868)
- de Ekspedysje nei de Powderrivier (1865)
- de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868)
- de Yellowstone-ekspedysje (1873)
- de Ekspedysje nei de Black Hills (1874)
- de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 (1876-1877)
- de Geastedûnsoarloch (1890-1891)
- de Klikitat-Oarloch (1855)
- de Oarloggen fan de Rogue River (1855-1856)
- de Jakima-Oarloch (1855-1858)
- de Lytse Boargeroarloch of Utah-oarloch (1857-1858)
- de Herfoarmingsoarloch (1857-1861)
- de Mohave-Oarloch (1858-1859)
- de Navaho-Oarloggen (1858-1864)
- de Bald Hills-oarloch (1858-1864)
- de Cortina-oarloggen (1859-1861)
- de Earste Cortina-oarloch (1859-1860)
- de Twadde Cortina-oarloch (1861)
- de Pajût-Oarloch (1860)
- de Javapai-Oarloggen (1861-1875)
- de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865)
- de Noardlike Pajût-Oarloch (1864-1869)
- de Walapai-Oarloch (1865-1870)
- de Modok-Oarloch (1872-1873)
- de Las Cuevas-oarloch (1875)
- de Nez Persé-Oarloch (1877)
- de Bannok-Oarloch (1878)
- de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen (1878-1879)
- de Krieë-Oarloch (1887)
- de Bannok-Opstân (1895)
- de Jaky-Oarloggen (1896-1911)
- de Jaky-Opstân (1896)
- de Slach by Bear Valley (1911)
- de Slach by Sugar Point (1898)
- de Spaansk-Amerikaanske Oarloch (1898)
- de Banane-oarloggen (1898-1934)
- de Bokserrebûlje (1899-1901)
- de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch (1899-1902)
- de Moaro-rebûlje (1899-1913)
- de Rebûlje fan Mâle Slange (1909)
- de Meksikaansk-Amerikaanske Grinsoarloch (1910-1918)
- de Slach by Kelley Creek of it Lêste Bloedbad (1911)
- de Earste Wrâldoarloch (1916-1918)
- de Russyske Boargeroarloch (1918-1925)
- de Twadde Wrâldoarloch (1941-1945)
- de Portorikaanske Nasjonalistyske Rebûljes (1950-1954)
- de Koreaanske Oarloch (1950-1953)
- de Libanonkrisis fan 1958 (1958)
- de Dominikaanske Boargeroarloch (1965)
- de Twadde Yndosineeske Oarloch (1955-1975)
- de Fjetnamoarloch (1961-1973)
- it Koreaanske Konflikt om de Demilitarisearre Sône (1966-1969)
- de Iraanske Gizelderskrisis (1980)
- de Ynternasjonale Yntervinsje yn de Libaneeske Boargeroarloch (1982-1984)
- de Amerikaanske Ynfal op Grenada (1983)
- de Nikaragûaanske Boargeroarloch (1988)
- de Amerikaanske Ynfal yn Panama (1989-1990)
- de Earste Golfoarloch (1990-1991)
- de Somalyske Boargeroarloch (1992-1995)
- de Kosovo-oarloch (1999)
- Operaasje Enduring Freedom (2001-no)
- de Oarloch yn Afganistan (2001-no)
- de Oarloch op de Filipinen (2002-no)
- de Oarloch yn de Hoarn fan Afrika (2002-no)
- de Oarloch yn Trans-Sahara (2007-no)
- de Twadde Golfoarloch (2003)
- de Irakoarloch (2003-no)
- de Oarloch yn Noardwest-Pakistan (2004-no)
- de Pakistaansk-Amerikaanske skermutselings (2008-2012)
- de ynternasjonale yntervinsje tsjin de saneamde Islamityske Steat (2014-2019)
Rangen
bewurkje seksjeofsiersrangen fan it Amerikaanske Leger | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Am. rangkoade | O-10 | O-9 | O-8 | O-7 | O-6 | O-5 | O-4 | O-3 | O-2 | O-1 | ||
rangûnder- skiedingsteken (droegen op 'e epauletten) |
||||||||||||
rang | maarskalk general of the armies of the United States |
fjildmaarskalk general of the army |
generaal general |
luitenant-generaal lieutenant general |
generaal-majoar major general |
brigadegeneraal brigadier general |
kolonel colonel |
luitenant-kolonel lieutenant colonel |
majoar major |
kaptein captain |
earste luitenant first lieutenant |
twadde luitenant second lieutenant |
ôfkoarting | - | GA | GEN | LTG | MG | BG | COL | LTC | MAJ | CPT | 1LT | 2LT |
NATO-rangkoade | - | OF-10 | OF-9 | OF-8 | OF-7 | OF-6 | OF-5 | OF-4 | OF-3 | OF-2 | OF-1 | OF-1 |
ûnderofsiersrangen fan it Amerikaanske Leger | ||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Am. rangkoade | E-9 | E-8 | E-7 | E-6 | E-5 | |||
rangûnderskiedingsteken (droegen op 'e epauletten) |
||||||||
rang | 'sersjant-majoar fan it leger' sergeant major of the army |
adjudant command sergeant major |
sersjant-majoar sergeant major |
'oppersersjant' first sergeant |
'mastersersjant' master sergeant |
sersjant 1e klasse sergeant 1st class |
'stêfsersjant' staff sergeant |
sersjant sergeant |
ôfkoarting | SMA | CSM | SGM | 1SG | MSG | SFC | SSG | SGT |
NATO-rangkoade | OR-9 | OR-9 | OR-9 | OR-8 | OR-8 | OR-7 | OR-6 | OR-5 |
korporaals- en manskipsrangen fan it Amerikaanske Leger | |||||
---|---|---|---|---|---|
Am. rangkoade | E-4 | E-3 | E-3 | E-1 | |
rangûnderskiedingsteken (droegen op 'e epauletten) |
gjint | ||||
rang | korporaal 1e klasse corporal |
korporaal specialist |
soldaat 1e klasse private 1st class |
soldaat 2e klasse private |
soldaat 3e klasse private |
ôfkoarting | CPL | SPC | PFC | PV2 | PV1 |
NATO-rangkoade | OR-4 | OR-4 | OR-3 | OR-2 | OR-1 |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Further reading, op dizze side.
|