Kosovo-oarloch
De Kosovo-oarloch (1998-1999) wie in wapene konflikt op de Balkan yn 'e doetiidske autonome provinsje Kosovo fan de Republyk Servje yn de Federale Republyk Joegoslaavje tusken de Joegoslavyske striidkrêften en de Albaneeske guerilla-organisaasje UÇK.
De oarloch bestie út trije fazes:
- 1998-1999: de gefjochten tusken it Joegoslavyske leger en de Albaneeske guerrilla-organisaasje UÇK.
- 1999: Bombardeminten en loftoanfallen op Servje troch de NAFO tusken 24 maart en 10 juny.
- 1999-2000: Massale stream fan Albanezen, Serviërs en Roma nei it Westen.
De Kosovo-oarloch makke diel út fan in breder en folle langer duorjend konflikt: de Joegoslavyske Oarloggen, dy't draaiden om it útinoarfallen fan Joegoslaavje.
Oanrin
bewurkje seksjeYn Servje wiene twa provinsjes mei autonomy: Vojvodina en Kosovo. Yn Vovodina bestie de mearderheid út Serven mei in grutte Hongaarske minderheid en yn Kosovo bestie de mearderheid út Albanezen en wie der in minderheid fan Serven.
Studinteprotesten
bewurkje seksjeDe oarloch yn de doetiidske Servyske autonome provinsje Kosovo fan Joegoslaavje wie it gefolch fan de oprinnende spanning tusken etnyske Albanezen en de Servyske autoriteiten. Yn maart 1981 wie der in studinteprotest fan Albaneeske studinten yn Pristina dat ynearsten like te gean om bettere fasiliteiten op de universtiteit, mar al gau útgroeide ta in protest foar mear autonomy. De protesten waarden beëinige mei it yngripen fan plysje-ienheden, mar der ûnstiene al gau nije protesten dy't boppedat jimmeroan nasjonalistysker en separatistysker fan aard waarden. Om de oarde te hanthavenjen moasten der hieltiten mear minsken oppakt wurde, dat wer ta nije protesten late. Fan protesten foar bettere fasiliteiten op skoalle feroaren de protesten yn de eask fan in selsstannige Albaneeske republyk yn Joegoslaavje. In lêste fûle oprisping fan studinteprotest yn ferskillende Kosovaarske stêden fûn op 3 april dat jier plak, dy't al gau troch ekstra plysje-ynset beëinige waard. De demonstraasjes in Kosovo wiene it begjin fan in djippe krisis yn Joegoslaavje, dy't lang om let oergie yn de ûntbining dêrfan.[1]
Stifting Demokratyske Liga fan Kosovo
bewurkje seksjeNei oanlieding fan de protesten stribben de autoriteiten fan de Joegoslavyske dielsteat der nei om de macht fan de Albanezen yn Kosovo te ferminderjen. Om it separatisme tebek te setten, waard yn 1989 de autonomy fan Kosovo troch Belgrado ôfskaft. Dêrmei krige Kosovo de status fan foar 1974 en hie Servje de kontrôle op de provinsje werom. As reaksje dêrop stifte in groep Albaneeske yntellektuelen de Demokratyske Liga fan Kosovo. De Liga fersette him tsjin de ratifikaasje yn 1990 fan de feroare status troch it parlemint fan Kosovo en sette ûnder lieding fan Ibrahim Rugova in parallele samenleving op. Sa ûntstie njonken de offisjele samenleving in Albaneeske samenleving mei in eigen regear, parlemint, ûnderwiissysteem en sels in eigen sûnenssoarch, dy't troch in eigen belestingstelsel en stipe fan Albanezen út it bûtenlân betelle waard.
De Demokratyske Liga fan Kosovo wie ek ien fan de inisjatyfnimmers fan in knoffelich organisearre referindum yn 1992 foar selsstannichheid. In grutte mearderheid fan 87% fan de Albanezen (dy't 80% fan de befolking útmakke) keas foar in brek mei Servje en dat brocht in noch gruttere ferwidering tusken de Albaneeske en Servyske befolking.
Yn 1992 waard nei de ûntbining fan Joegoslaavje de Federale Republyk fan Joegoslaavje foarme. Hielendal tsjin it sin fan de Liga bleau Kosovo yn dy republyk in autonome provinsje en nei in oprop fan de Liga dêrta boylotten de Albanezen de algemiene ferkiezings foar it nije parlemint.[2]
UÇK
bewurkje seksjeIt ûndergrûnske Albaneeske ferset tsjin it regear fan Joegoslaavje organisearre him en yn 1993 waard it Albaneeske Befrijingsleger (UÇK) oprjochte. It UÇK waard mei grutte jildbedragen troch Albaneeske organisaasjes yn 'e diaspoara stipe en waard der ek fan fertocht dat it narco-terrorisme brûkte om syn operaasjes te beteljen. It UÇK pakte de wapens op tsjin de oerheid en der folgen oanslaggen op militêre doelen en plysjeposten. Ek waarden der oanslaggen op Servyske boargers en boeren útfierd en wiene der oanfallen op Roma en Albanezen, dy't gearwurken mei de oerheid. De organisaasje hie twa konsintraasjekampen, it Lapušnik-kamp en it Jablanica-kamp, dêr't de Albanezen fral Serviërs en Roma tamtearren en fermoarden. It Albaneeske Befrijingsleger makke him yn en ek nei de Kosovo-oarlich skuldich oan oarlochsmisdaden op boargers, yn finzeniskampen en it ferneatigjen fan kultureel erfgoed.[3]
De oarloch 1998-1999
bewurkje seksjeMei de Kosovo-oarloch wurdt it wapene konflikt tusken Servje en de separatisten yn de opstannige provinsje Kosovo ornearre, dat duorre fan 29 febrewaris 1998 oant 11 juny 1999.
Nei't yn 1997 Slobodan Milošević presidint fan de Federale Republyk fan Joegoslaavje waard liet tagelyk it UÇK jimmeroan mear fan him hearre. Dat begûn yn 1998 begûn út de hân te rinnen. Milosevic stjoerde in hiele grutte plysjemacht mei militêren nei de opstannige provinsje om it separatisme ûnder de etnyske Albanezen te ûnderdrukken. It helle neat út en de Albanezen waarden allinne mar radikaler, sa'n 200 minsken kamen by de striid om en tsientûzen Serviërs ferlieten de provinsje.[4] Wat der dêrnei folge wie in kwestje fan útlokking en reaksje, dêr't beide kanten harren skuldich oan makken.
Ek mei om't de wrâld benaud wie dat it konflikt fierder nei oanbuorjende lannen lykas Albaanje en Masedoanje oerslaan koe, waard der jimmeroan oantrune op it dellizzen fan de wapens en it oangean fan gesprekken. Somtiden waarden de legers werom roppen, mar in oanfal fan de oare kant wie dan wer genôch om in nij offinsyf of in nije striid te begjinnen. By de striid waarden de boargers net mijd.
Op 28 febrewaris 1998 setten Servyske ienheden op 'e nij útein mei in grut offinsyf yn Kosovo tsjin it UÇK. Op in topberied op 10 maart 1998 fierde de FN-Feilichheidsried oerlis oer de kwestje Kosovo. De Feriene Steaten en de Europeeske Uny easken dêr dat Joegoslaavje de ienheden werom lûke soe en drigen mei nije sanksjes. Sjina en Ruslân dêrfoaroer neamden de striid in binnenlânske oangelegenheid. De Feilichheidsried stelde op 31 maart in wapenembargo tsjin Servje yn en easke dat Joegoslaavje mei underhannelings oer de autonomy fan Kosovo begjinne soe. Sjina stimde dêr net yn mei.
De Feriene Steaten beöardielen it UÇK ynearsten as in terroristyske organisaasje, mar nei it hurde optreden fan Milošević feroaren hja harren stânpunt en ûnstie der jimmeroan mear sympaty foar it Albaneeske Befrijingsleger.
Wylst it geweld trochgie stelde de EU yn juny in ynvesteringsembargo tsjin Servje yn. Nei bemiddeling fan de Russyske presidint Boris Jeltsin sei Milošević dat er ûnderhannelje woe, mar de striid gie ûndertusken gewoan troch.
Op 13 july easke de Europeeske Uny in wapenstilstân, dy't fuortendaliks yngean moast. Tagelyk waard ek pleite foar in militêr yngripen. In pear dagen letter begûn Servje op 18 july mei in nij, grut offinsyf tsjin de UÇK-bolwurken yn Kosovo. It regear fan de Feriene Steaten ûnder presidint Bill Clinton sei dat de Amerikanen ree wiene om eigenmachtich yn te gripen.
Alhoewol't sawol de Albanezen en de Serviërs by werhelling seine in ein oan de striid te meitsjen, gyngen de gefjochten gewoan troch. Op 11 augustus sei sekretaris-generaal Kofi Annan dat it wapenembargo net goed neilibbe waard. Fral it UÇK waard fanút Albaanje mei nij wapentúch útrist. Ruslân en Sjina ferhinderen dat de Feilichheidsried in beslút oer Kosovo meitsje koe.
Oproppen en resolúsjes folgen inoar op en op 28 septimber ferklearre Belgrado dat der in ein oan it offinsyf kaam, mar ek al waarden in pear ienheden weromlutsen, de striid gie fierder troch.
Yntusken makke de NAFO him op foar in militêr yngripen. De Feriene Steaten, Grut-Brittanje en Austraalje loeken alfêst harren ambassademeiwurkers út Belgrado werom yn in earste tarieding op loftoanfallen op de stêd.
Belgrado kundige begjin desimber in nij offinsyf tsjin it UÇK oan nei't dy sân Serviërs ûnder wa ek in boargemaster fermoarde hiene. Nei de ûnfiering fan Servyske militêren troch it UÇK rûn de spanning fierder op.[5][6]
Račak
bewurkje seksjeOp 16 jannewaris 1999 fûnen meiwurkers fan de Organisaasje foar Feiligens en Gearwurking yn Europa yn it UÇK-bolwurk Račak de liken fan 45 Albanezen. Sûnder iennich ûndersyk sei de Amerikaanske diplomaat William Walker, haad fan de OFGE, dat de liken fan ûnskuldige boargers wiene, dy't troch Servyske troepen fermoarde wiene. Lykas in soad oare Westerske funksjonarissen feroardiele president Bill Clinton Slobodan Milošević en de Servyske troepen om't de Serviërs boargers koelbloedich en sûnder oanlieding fermoarde hiene. De Serviërs ûntkenden it deadzjen fan de minsken net, mar seine dat hja yn 'e striid mei de UÇK omkommen wiene. De Finske patolooch Helena Ranta ûndersocht de liken en rapportearre oer de saak. William Walker sei dat it Finske rapport syn konklúzje ûnderstipe, mar it rapport fan de Finske patholooch waard geheim holden. Helena Ranta sei letter dat hja net yn steat wie om te efterheljen of de minsken sûnder oanlieding of yn de striid deade wiene.
De fynst fan de liken yn Račak krige in soad omtinken yn de media en spile in grutte rol yn it NAFO-beslút om in organisearre militêre operaasje op te setten, dy't bekend waard ûnder de namme Operaasje Allied Force. Dochs binne der oant hjoeddedei twifels oer de tadracht fan de moarnerij. Definsjespesjalist Rob de Wijk neamde de wize werop't Račak al te begearich troch NAFO-lannen brûkt waard in manier om de eigen befolking foar in oarloch ta te rieden.[7]
William Walker krige yn juny 1999 fan de foarsitter fan de OFGE, de Noarske minister Knut Vollebaek, in faks mei it berjocht dat nei de NAFO-bombardeminten der in nije Kosovo-missy komme soe en dat hy ferfongen waard.[8]
Rambouillet
bewurkje seksjeYn it Frânske Rambouillet ûnderhannelen tusken 6 oant 18 febrewaris 1999 Albaneeske en Servyske ôffurdigen ûnder tafersjoch fan de Kontaktgroep Kosovo (Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Ruslân, Dútslân, Frankryk en Itaalje) om in ein oan it konflikt te meitsjen.[9] De ûnderhannelings wiene sa goed as klear en beide kanten gyngen akkoard mei de betingsten foar autonomy fan Kosovo en wiene ree om in folgjende konferinsje foar de útfiering dêrfan te hâlden. Mar op it lêst kaam der gjin hantekening fan Servje.
De Dútske publisist Andreas Zumach die nei de NAFO-bombardeminten op Joegoslaavje ûndersyk nei wat der krekt mis gien wie en út syn ûndersyk die bliken dat der yn Rambouillet hieltiten praat wie oer de politike status fan Kosovo yn Lyts-Joegoslaavje en dêr wiene de stridende partijen it yntusken oer iens. Mar op de lêste dei yn Rambouillet joech de Amerikaanske ûnderhanneler Christopher Hill de Servyske delegaasje ûnder lieding fan Ratko Marković in hiel nij stik fan 50 kantsjes, de saneamde "Taheakke B", mei de meidieling dat hja trije oeren hiene om dy stikken te ûndertekenjen. Taheakke B regele de militêre ymplemintaasje fan de autonomy foar Kosovo en bestie út in rige nije easken lykas:
- Artikel 6: folsleine immuniteit fan de NAFO en it NAFO-persoaniel foar de Joegoslavyske oerheid oer;
- Artikel 8: in frije tagong fan de NAFO, net allinne yn Kosovo mar yn de hiele Federale Republyk Joegoslaavje, ynklúsyf it ûnbeheinde gebrûk fan de loftromte en it territoariale wetter fan de Federale Republyk Joegoslaavje foar oefenings en oare operaasjes en in ûnbeperkt rjocht op fasiliteiten foar beweging, training en ynkertiering op it hiele grûntgebiet;
- Artikel 10: it gratis en mei de heechste prioriteit brûken fan alle ynfrastruktuer, lykas havens en fleanfjilden en wegen yn de hiele republyk.
De Russen distansiearden harren fan de wurkwize en der binne oanwizigings dat it stik troch de Feriene Steaten en Grut-Brittanje opsteld is sûnder dat de leden Dútslân, Frankryk en Itaalje dêrfan wisten.
Op 15 maart 1999 ferklearre de Albaneeske delegaasje him by it ferfetsjen fan it Kosovo-oerlis yn Parys akkoard mei it Ferdrach fan Rambouillet (mei taheakke B yn de foarm fan 23 febrewaris 1999). De ûndertekening folge op 18 maart 1999. De Servyske delegaasje wegere de ûndertekening en tsjinne dy deis in nije ûntwerp-oerienkomst yn, mar dêr folge gjin reaksje op. Op 23 maart naam it Servyske parlemint in resolúsje oan, weryn it werom lûken fan de waarnimmers feroardiele waard en de Organisaasje foar Feiligens en Gearwurking yn Europa oproppen waard te helpen by in diplomatike oplossing. De resolúsje wie rjochte op in polityk akkoard oer in fiergeande autonomy foar Kosovo mei folsleine lykweardigens foar alle boargers en etnyske groepen. De resolúsje krige lykwols gjin omtinken yn 'e media.
Neffens in artikel yn de International Herald Tribune fan 11 juny 1999 hie Rambouillet foar de Amerikaanske polityk mar ien doel: de oarloch begjinne en de Europeanen oer de streep te heljen mei te dwaan.[10][11][12]
NAFO-oanfal op Servje
bewurkje seksjeOp 24 maart 1999 begûn de NAFO mei it bombardearjen fan Joegoslaavje (Operation Allied Force). Dat barde sûnder mandaat fan de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes en ek de doetiidske sekretaris-generaal Kofi Annan wie net foar in militêr yngripen.
De loftoanfallen duorren fan 24 maart 1999 oant 10 juny 1999. By de NAFO-bombardeminten waarden njonken kazernes en militêre ynstallaasjes ek brêgen, fabriken, sikehûzen, skoallen en kulturele monuminten ferneatige.
Krityk
bewurkje seksjeDe parleminten fan de NAFO lannen wiene oer it algemien frij maklik akkoard gien mei de aksje bûten NAFO-gebiet. Mar in pear wike nei't de NAFO-bombardeminten op Servje útein setten, ûnstie der yn it parlemint fan Dútslân grutte opskuor nei oanlieding fan in rige publikaasjes fan Andreas Zumach yn 'Die Tageszeitung'. Leden fan it parlemint en in diel fan it regear wisten nammentlik neat fan dy Taheakke B en guon parlemintsleden seine dat hja nea harren goedkarring oan de oarloch jûn hiene as hja mei Taheakke B op de hichte west hiene. Pas nei de ôfrin fan it bombardearjen berjochten Amerikaanske media foar it earst oer Taheakke B.
Neffens tsjinstanners fan it NAVO-yngripen legitimearren de NAFO-lieders it optreden mei in simplistyske framing, werby de Serviërs it kwea foarmen en de Kosovaren slachtoffers, ek al makke it UÇK him like skuldich oan moard, etnyske suvering en de eskalaasje fan it konflikt. [13]
Ek binne der twifels oer it argumint fan de NAFO dat Servje yn 1999 yn opdracht fan it regear systematysk grutte moardpartijen yn Kosovo útfierde. Yn it boek "Die kommenden Kriege" fan Andreas Zumach stelt de publisist dat waarnimmers yn 'e measte gebieten genôch tagong hiene om de fermiende moardpartijen te ûndersykjen, mar dat dêr gjin gebrûk fan makke waard. Oan de oare kant waarden rapportearre skeinings fan minskerjochten troch it Albaneeske UÇK net tematisearre. Sanksjes waarden boppedat iensidich tsjin Servje ynsteld, sadat de UÇK de frije hân krige. Yn syn boek oer de trije inoar opfolgjende oarloggen tsjin Servje (1999), Afghanistan (2001) en Irak (2003) stelt Zumach dat yn alle trije gefallen de offisjele reden foar it begjinnen fan de oarloch slim oerdreaun of sels betocht is en it folkerjocht in nije, Amerikaanske ynterpretaasje krige.[14]
De oarloch tusken Servje en de opstannige provinsje Kosovo hie al in grutte stream fan flechtlingen feroarsake. Mar de bombardeminten fan de NAFO feroarsake in twadde grutte flechtlingenstream.[15]
Neitiid
bewurkje seksjeIt bombardearjen duorre oant Milošević belies joech en it Joegoslavyske leger út Kosovo werom loek om de oprjochting fan in FN-missy foar in ynterimbestjoer yn Kosovo mooglik te meitsjen. Kosovo stie sûnt dy tiid ûnder it tafersjoch fan de Feriene Naasjes.
Nei't it Joegoslavyske leger him weromlutsen hie ferlieten mear as 165.000 Serviërs en 24.000 Roma Kosovo. In soad net-Albaneeske boargers dy't efterbleaun wiene, waarden it slachtoffer fan misbrûk en marteling, ûntfiering en moard. Nei de Kosovo-oarloch en de oare Joegoslavyske oarloggen waard Servje it lân mei it grutste tal flechtlingen yn Europa.[16]
De Feriene Naasjes woene dat Kosovo earnst makke om stappen te setten foar nije ferhâldings. Tagelyk hiene de Kosovaren it idee dat de takomstige status fan Kosovo op de lange baan skood waard. Yn 2004 ûnstiene oeral yn Kosovo útbarstings fan nij geweld. Albanezen foelen Serviërs en oare minderheden oan en fernielden harren hûzen. Tsientallen kleasters en tsjerken waarden yn 'e brân stutsen en der foelen likernôch 30 deaden en 900 ferwûnen ûnder de Servyske minderheid en op 'e nij ûnstie der in nije stream flechtlingen. Ek NAFO-ienheden fan de fredesmacht waarden troch de Albanezen oanfallen en 82 FN-weinen yn 'e brân stutsen. [17]
Yn febrewaris 2008 rôp Kosovo de ûnôfhinklikheid út.[18] In soad Westerske lannen erkenne Kosovo as steat, mar yn Súd-Amerika, Afrika en fierwei de measte Aziatyske lannen net. Ek binne der guon lannen dy't de erkenning wer ynlutsen ha.
Fanwegen de grutte earmoede yn Kosovo ferlieten allinne al yn de earste twa moannen fan 2015 sa'n 50.000 oant 100.000 Kosovaren it lân nei de Europeeske Uny om dêr asyl oan te freegjen.[19]
Nei in fearnsiuw wie der oan de spanningen tusken Albanezen en de Servyske minderheid fan Kosovo noch gjin ein kommen. Yn 2023 moast de NAFO ekstra manlju nei Kosovo stjoere om't der nije konfrontaasjes ûnstiene nei de ferkiezing fan Albaneeske boargemasters yn gemeenten mei in Servyske mearderheid. Yn dy gemeenten wenje hast allinne Serviërs en om 't dy de boarmasterferkiezings boycotten, wie de opkomst dêr mar 5%. Allinne de Albanezen diene mei oan de ferkiezings en dy stimden op in Albaneeske kandidaat. It regear yn Pristina sette lykwols de ynstallaasje fan de Albaneeske boargemasters mei help fan plysje-ienheden en de KFOR troch, dat ta opskuor late. De Feriene Steaten leine de skuld foar de ûnrêst by it regear fan Kosovo en staakte alle diplomatike druk op lannen om Kosovo te erkennen as selsstannich lân.[20][21] Yn maart 2023 wiene de lieders fan Servje en Kosovo it noch iens wurden oer de normalisaasje fan de relaasjes tusken de twa lannen. Underdiel fan dy normalisaasje wie de tasizzing fan Kosovo dat der in foarm fan autonomy foar de etnyske Serviërs komme soe. [22]