[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Baai

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ynham)
De Golf fan Bingalen, de grutste baai fan 'e wrâld.

In baai is in oerflaktewetter dat ûnderdiel útmakket fan in see of oseaan, en dat oan trije kanten omjûn wurdt troch lân. Grutte baaien wurde faak golf, see of bocht neamd, wylst lytse baaien wol bekendsteane as ynham of ynholte. In spesifyk soarte fan baai is in fjord, dat eins in djip yn it lân opgeande, tige smelle baai is, foarme troch in gletsjer.

Baaien kinne de mûnings fan rivieren omfiemje, lykas dat it gefal is by de mûning fan 'e Amazône, oan 'e kust fan Brazylje. It is ek mooglik dat har yn grutte baaien lytsere baaien befine, sa't de Jamesbaai bgl. diel útmakket fan 'e gruttere Hudsonbaai. Guon tige grutte baaien, lykas de Golf fan Bingalen, de Hudsonbaai en de Golf fan Meksiko, hawwe in tige ferskate geology en biology.

Mei't de kustline om in baai hinne faak beskerming biede kin tsjin hege weagen en smoute tsjin 'e wyn, wiene baaien histoarysk wichtich foar minsklike kolonisaasje om't se in feilich plak beaen foar fiskerij. Letter spielen se in grutte rol by de ûntwikkeling fan hannel oer see en skipfeart yn it algemien trochdat se feilige ankerplakken beaen by stoarmen en om't der faak havenstêden oan baaien fêstige waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.