[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Winkelbetsjinner

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Winkelbetsjinde)

In winkelbetsjinner of winkelbetsjinde is immen dy't foar syn berop yn in winkel wurket dêr't hy of sy sels net de eigner fan is. Faak wurde fral froulike winkelbetsjinners oantsjut as 'ferkeapsters', mar in ferkeaper is eins immen dy't yn 'e tsjinst fan in bedriuw aktyf kontakt siket mei pontinsjele klanten, itsij tillefoanysk, itsij yn persoan. Winkelbetsjinners nimme oer it algemien in passive hâlding oan en wachtsje oant klanten de winkel binnenkomme. Fral yn kleanwinkels biede se wol aktyf help oan, mar dêrby wachtsje se yn 'e regel noch oant de klant yn kwestje belangstelling toand hat foar in artikel of derút sjocht as oft hy of sy wol help brûke kin. In oar ferskil tusken in ferkeaper en in winkelbetsjinner is dat in ferkeaper in beskaat selsstannich foech hat, wylst in winkelbetsjinner dat net hat en sadwaande net mei de klant ûnderhannelje kin oer dingen as koarting en bysûndere leveringsbetingsten. In jonge froulike winkelbetsjinster wurdt ek wol in winkelfamke neamd. In spesjaal soarte winkelbetsjinner is in kassiêre, dy't inkeld de ôfrekkening fan 'e te keapjen produkten by de kassa ôfhannelet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.