[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Provinsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Provinsjaal)

De provinsje is de twadde laach fan bestjoer, in part fan de steat. In provinsje wurdt foarme troch meardere gemeenten.

It deistich bestjoer fan de provinsje wurdt dien troch de Kommissaris fan de Kening tegearre mei Deputearre Steaten; de Provinsjale Steaten hawwe it bestjoer oer langere tiid. As wurkplak hawwe dizze organen it provinsjehûs wat yn it haadplak fan de provinsje stiet.

Yn Belgje en yn de Nederlânske provinsje Limburch hat men in gûverneur ynstee fan in Kommissaris fan de Kening.

It wapen fan de Provinsje Fryslân
It wapen fan de provinsje Súd-Hollân

De Stêdsregio Brussel heart net by ien fan de boppesteande provinsjes.

Yn Nederlân en Belgje is de provinsje in bestjoerslaach tusken it lânsregear en gemeenten. Yn oare lannen is der in lyksoartich systeem, mar dan mei in oare namme en mear as minder foech. Yn Dútslân hat in dielsteat likernôch itselde nivo as dat fan in provinsje, lykwols falle der ûnder de Dútske dielsteaten noch twa bestjoersnivo's. Yn Switserlân hawwe se kantons dy't ek in soad foech hawwe. Oare hyponimen binne 'departemint' (Frankryk), 'oblast'(Ruslân en oare Slavyske lannen), 'Woiwodskip' (Poalen) en 'prefektuer' (Japan).