Dirkje Postma
Dirkje Postma | ||
Dirkje Postma | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | nederlânsk | |
berne | 1951 | |
berteplak | Nij Beets | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Longdokter, heechlearaar | |
aktyf as | Akademysk ûndersiker | |
jierren aktyf | 1978-2016 | |
reden bekendheid |
Patofysiology fan it Sykheljen (astma en COPD) | |
prizen | Aletta Jacobspriis, Spinozapremy, earedoktoraten |
Prof. dr. D.S. (Dirkje) Postma (Nij Beets, 1951) is longdokter en emeritus heechlearaar patofysiology fan it sykheljen oan de Ryksuniversiteit Grins en it Universitêr Medysk Sintrum Grins. Postma heart op har mêd ta de meast foaroansteande ûndersikers yn de wrâld. Postma har ûndersiken hawwe makke dat dokters it ferskil tusken astma en COPD meitsje kinne. Se is lid fan de sûnensried. Op 1 april 2016 gie Dirkje Postma mei emeritaat.
Postma har ûndersyk waard ûnder oaren stipe troch it Nederlands Astma Fonds. Yn 1993 waard hja fanwege dit fûns beneamd ta bysûnder heechlearaar. Yn 1998 folge de oanstelling as gewoan heechlearaar. Durkje Postma studearre genêskunde oan de Universiteit fan Grins en woe yn 't earstoan 'gewoan' dokter wurde. Yn 1984 promovearre sy op it proefskrift 'Reversibility of chronic airflow obstruction'.[1] Fan 1985 ôf hat Postma as ûndersiker ferbûn west oan it Astma Fûns.
Yn 2000 krige hja de Spinozapremie, dy't alle jierren útrikt wurdt troch de Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO) oan foaroansteande wittenskippers, en de Saal van Zwanenbergpriis[2], in earepriis foar in bysûnder wittenskiplik oeuvre op it mêd fan de farmakoterapy.
Postma waard yn 2007 beneamd ta Akademyheechlearaar troch de KNAW út reden fan har bydragen oan it ûndersyk op it mêd fan astma, COPD en allergyen [3][4]. Itselde jier waard hja ek Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Dêrneist is Postma noch Fellow fan it Britske Royal College of Physicians en Visiting Professor fan de Amerikaanske Harvard-universiteit.
Yn 2012 krige hja in earedoktoraat fan de Universiteit fan Sheffield en 2013 ûntfong hja in earedoktoraat fan de Universiteit fan Lund foar har ûndersyk en pionierswurk.[5][6]
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dirkje Postma hat mear as 600 artikels yn wichtige medyske tydskriften publisearre. (European Respiratory Journal, Clinical and Experimental Allergy, New England Journal of Medicine, Lancet, Journal of Allergy and Clinical Immunology, Thorax, and American Journal of Respiratory and Critical Care Medicine.)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oersjoch op NWO (Spinoza Laureate 2000)
- Oersjoch fan Postma har publikaasjes op www.biomedexperts.com
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk dokter
- Frysk fysiolooch
- Frysk heechlearaar
- Frysk publisist
- Nederlânsk dokter
- Nederlânsk fysiolooch
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk publisist
- Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Winner fan de Spinozapremy
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn Nij Beets
- Persoan berne yn 1951