[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Minske

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Minsken)
minske

in man (rj.) en in frou (l.)
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift primaten (Primates)
famylje minskeftigen (Hominidae)
skaai minsken (Homo)
soarte
Homo sapiens
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

In minske (Homo sapiens) is in sûchdier út de famylje fan de minskapen, dy't rjochtop rint, net in soad hier op it lichem hat en yn ferhâlding in grutte harsens hat. Troch dy lêste eigenskip hat de minske in beskaving opbouwe kind en dêrtroch kin de minske himsels op in oantal unike kwaliteiten fan de oare dieren ûnderskiede: it brûken fan in komplekse taal en it brûken fan ark. Resint ûndersyk hat sjen litten dat in pear soarten dieren ek wol in oantal fan dy skaaimerken hat mar it ferskil yn nivo dat de minske hellet mei syn beskaving is folle "heger".