[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Mingtaal

Ut Wikipedy

In mingtaal is in taal dy't fuortkomt út it ferranen fan meastal twa, mar yn seldsume gefallen mear as twa boarnetalen. Dit proses is yn 'e regel it gefolch fan in sitewaasje fan twataligens wêrby't de sprekkers oarspronklik beide talen floeiend prate. Faak is it sa dat de mingtaal yn sa'n taalmienskip úteinlik ien fan 'e (of beide) boarnetalen folslein ferfangt. It ûntstean fan mingtalen komt fral foar yn isolearre taalmienskippen, yn West-Jeropa fral by groepen Roma en wenweinbewenners. Ek it Biltsk, dat ûntstien is troch de ferminging fan Frysk mei it oarspronklike Súdhollânsk fan 'e (yn Fryslân fan oare Hollânsktaligen isolearre) Bilkerts, is in mingtaal.

Trochdat se de eigenskippen fan beide boarnetalen hawwe, kinne mingtalen faak noch as in foarm fan 'e iene, noch as in foarm fan 'e oare taal klassifisearre wurde. Bygelyks it Anglo-Romany, dat in ferminging is fan it Ingelsk mei it Romany fan 'e Roma, is dúdlik gjin Yndo-Aryske taal mear (lykas it Romany), mar klassifikaasje as in Germaanske taal (lykas it Ingelsk) is ek twifelich. It proses dat liedt ta it ûntstean fan in mingtaal is frij seldsum, en kin ek it ûntstean fan in nije etnyske groep ta gefolch hawwe.

Mingtalen moatte net betize wurde mei pidgins en kreoalske talen. In pidgin is in taal mei in sterk ferienfâldige grammatikale struktuer en in beheind leksikon, dy't troch nimmen as memmetaal sprutsen wurdt, mar ûntstiet as de leden fan twa ûnderling ûnfersteanbere taalmienskippen mei-inoar besykje te kommunisearjen sûnder dat se dêrby har taflecht nimme kinne ta in trêde taal. Soks resultearret yn in mingfoarm fan 'e beide oarspronklike talen, wêrby't dy werombrocht wurde ta in tige simpele foarm. By it ûntstean fan mingtalen is fan sa'n ferienfâldiging lykwols gjin sprake, mei't de sprekkers beide boarnetalen floeiend behearskje. In kreoalske taal is in pidgintaal dy't sa wichtich wurdt dat er memmetaalsprekkers kriget, wat wer in taname fan kompleksiteit fan 'e grammatika en de omfang fan 'e wurdskat ta gefolch hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.