[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jitze de Groot

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jitse de Groot)

Jitze de Groot (Aldwâld, 10 jannewaris 1844 - Moarrewâld, 25 maaie 1910) wie in skoalmaster, bankdirekteur en bestjoerder yn ferskate ferienings yn Moarrewâld.[1][2]

Tritich jier lang wie master De Groot haad fan de iepenbiere legere skoalle yn Moarrewâld. De bern fûnen him nochal strang. As de lessen goed rûnen mocht master graach efkes ien smoke en in krantsje lêze. De Groot wie yn 1865 as helpûnderwizer yn Ikkerwâld komd. Op 26 april 1870 hie er de haadakte helle. De Groot wie 10 jannewaris 1844 yn Aldwâld berne en troude op 17 maaie 1869 yn Moarrewâld mei Lijsbeth Sikkes Halbesma.[3] As leafhawwer fan sang waard der yn de skoalle in soad sjongen.

Jitze de Groot waard yn de Dokkumer Wâlden in bekende persoanlikheid. Op in soad terreinen beklaaide hy bestjoersfunksjes. Hy wie foarsitter fan it wetterskip 'It Geastmer Noarder- en Suder Reidfjild" en siet yn it bestjoer fan "De Borken". Fierders wie er foarsitter fan it 'ûnderwizersselskip Dantumadiel', sekretaris fan de naai- en breiskoalle yn Moarrewâld, direkteur fan it sjongselskip "De ontluikende bloem", bestjoerslid fan de 'Folksbibleteek' en it "Nut" yn Dantumawâld, de toanielferiening en fan de 'Liberale Kiesferiening'. Boppedat wie hy direkteur fan de 'Sparbank Dantumadiel'.

Op 1 april 1903 moast master De Groot om reden fan sûnens ôfskied nimme fan de skoalle. Hy ferhuze yn maaie 1903 nei harren nije hûs by de Krúswei. Master mocht dêr noch sân jier fan syn pinsjoen genietsje en ferstoar op 25 maaie 1910.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berte-akte, AlleFriezen
  2. Dea-akte, AlleFriezen
  3. Houliksakte, AlleFriezen