[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Focke-Wulf Fw 200

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Focke Wulf Fw 200)
Focke-Wulf Fw 200


Rol Bommesmiter, ferkears- en ferkenningsfleanmasine
Makker Focke-Wulf
Untwerper Kurt Tank
Earste flecht 27 july 1937
Tal makke 276 (1937 - 1944)
Brûkers Luftwaffe (april 1940-1945), Deutsche Lufthansa, Syndicato Condor
In Deenske Fw 200 Dania op it fleanfjild Oslo, 1939

De Focke-Wulf Fw 200 'Kondor' wie in (strategyske) bommesmiter en ferkenningsfleanmasine (foar lange ôfstannen), ûntwurpen en makke troch de Dútske fleanmasinefabrikant Focke-Wulf. De Kondor waard ûntwikkele as passasjierstastel, mar operearre yn de Twadde Wrâldkriich yn tsjinst fan nazi-Dútslân.

De earste ienheid dy't de Kondor yn gebrûk naam wie it Kampfgeschwader KG40 yn april 1940. Dit eskader soe it tastel it meast ynsette yn de oarloch. De Kondor gie foar it earst op paad op 8 april 1940, út Denemark wei, tsjin Britske skippen. Twa moanne letter gie it KG40-eskader nei Frankryk, dêr't it oant ein 1944 bleaun. Ein septimber 1940 hiene de Kondors al in protte alliearde skippen ta sinken brocht, yn totaal sa'n 900.000 ton.

Yn desimber 1940 waarden 36 Kondors operasjoneel. Yn 1941 kamen der 58 C-2's, dy't bomrekken yn de wjukken en motergondels hiene. Rillegau kamen der lykwols swierrichheden mei it efterste part fan de romp oan it ljocht: guon tastellen brutsen by de lanning. Healwei 1941 waard der dêrom in krêftiger ferzje, mei swierdere moters produsearre, de Fw 200C-3.

Doe't der hieltyd mear Kondors operasjoneel waarden en de fleanders mear betûft rekken, foarme de Kondor in hieltyd gruttere bedriging foar de alliearde skipfeart. Allinne al yn april 1941 brochten se 116 alliearde skippen te sink. Mei help fan spesjale brânstoftanks waard it fleanberik tige fergrutte; it tastel koe doe 18 oeren yn de loft bliuwe ynstee fan 9 oere en 45 minuten de.

De lêste operasjonele ferzje fan de Kondor wie de Fw 200C-6, dy't twa Henschel Hs 293B raketten ûnder de wjukken hie. Yn de oarloch waarden 252 Fw 200's makke.

Nettsjinsteande dat wat lege oantal, sieten de alliearden wol oer de Kondor yn. Hja foarmen in grutte bedriging foar skippen en ûnderseeërs. Ein 1944 wie it lykwols dien mei de Kondordriging : de Alliearden feroveren doe de Dútske fleanfjilden yn Frankryk. De oerbliuwende Fw 200's waarden as transportfleanmasine ynset.

Technyske feiten Fw 200C-3

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Bemanning: 6
  • Lingte: 23,45 m.
  • Spanwiidte: 32,85 m.
  • Hichte: 6,30 m.
  • Wjukoerflak: 119,85
  • Leechgewicht: 17.005 kg
  • Startgewicht: 24.520 kg
  • Motor: 4x BMW-Bramo 323R-2 Fafnir 9-silinder radiaalmotors mei 1200 hk it stik
  • Heechste faasje: 360 km/o
  • Stiichfaasje: 200 m de min.
  • Fleanberik: 3560 km
  • Plafond gewoanwei: 6000 m.
  • Bewapening: 1x 7,92 mitrailleur yn in koepel foarop de romp, 1x 13 mm mitrailleur efter op de romp, 4x 13 mm mitrailleurs ûnder yn de romp, 1x 20 mm kanon foar yn de búkgondel, 1x 7,92 mm mitrailleur efter yn de búk
  • Bommelading: 5400 kg maksimaal
  • Francis Crosby; Bommenwerpers - geïllustreerd historisch overzicht van de ontwikkeling van de bommenwerper; Veltman Utjouwers, 2006

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]