Fenisysk
Fenisysk | ||
algemien | ||
lânseigen yn | Kanaän, letter ek sprutsen yn koloanjes om de Middellânske See hinne | |
tal sprekkers | útstoarn | |
skrift | Fenisysk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Afro-Aziatysk ● Semitysk ● Westsemitysk ● Middensemitysk ● Noardwestsemitysk ● Kanaänitysk ● Noardkanaänitysk ● Fenisysk | |
dialekten | ● Byblysk ● Tyro-Sidoanysk ● Punysk | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | phn Fenisysk | |
ISO 639-3 | phn Fenisysk-Punysk |
Fenisysk is in útstoarne Kanaänitysk-Semityske taal dy't oarspronklik oan de kust fan it hjoeddeistige Libanon sprutsen waard. De stêden Tyrus en Sidon wiene wichtige stêden en mulpunten fan de seehannel yn de tiid dat it Fenisysk sprutsen waard. Troch de seehannel fanút dy stêden fersprate it Fenisysk oer it gânse Middellânske Seegebiet en it waard de lingua franca yn dat gebiet yn de izertiid. It Fenisysk alfabet waard ûntwikkele om yn dy taal skriuwe te kinnen. Dat alfabet waard nei Grikelân ferspraat yn dy tiid, dêr't it de boarne waard fan alle hjoeddeistige Jeropeeske skriften.
It gebiet dêr't it Fenisysk sprutsen waard is de kuststripe fan it hjoedeistige Libanon, Syrje, en it noarden fan Israel en yn parten fan Syprus en Turkije. Ek waard it sprutsen yn de gebieten fan de Fenisyske koloanjes oan de kusten fan de Middellânske See, sa as yn hjoeddeistich Lybje, Tuneezje, Algerije en Marokko en op Malta, it westen fan Sisylje, Sardynje, de Baleären en súdlik Spanje.
Yn de moderne tiid waard de taal foar it earst ûntsifere troch Jean-Jacques Barthélemy yn 1758, dy't it opmurk dat de namme "Fenisysk" foar it earst oan dy taal jûn waard troch Samuel Bochart.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fenysjers wiene de earste maatskippij dy't it Semitysk alfabet wiidweidich op steatkundich nivo brûkten. It Fenisysk alfabet is it âldst bekende konsoninteskrift, abjad (allinnich my konsonanten). Hjoed-de-dei wurdt it alfabet ornaris as "Protokanaänitysk" oantsjutten fan foar 1050 f.Kr. en dêrnei as "Fenisysk". It Fenisysk fonetysk alfabet is op syn minst foar in grut part de foarrinner fan hast alle hjoeddeistige alfabetten.
It Fenisysk moast út in stikmannich dialekten bestien hawwe. Neffens guon boarnen ûntjoech it Fenisysk him yn twa ûnderskate dialekten: Byblysk en Tyro-Sidoanysk. It Tyro-Sidoanysk, dêr't it Punysk út ûntstie, fersprate him oer it Middellânske Seegebiet troch de seehannel, wylst it Byblysk, bekend om in stikmannich ynskripsjes, gjin rôl yn it fersprieden spile hat. It lytse ferskil tusken de dialekten makket it net wis oft it Fenisysk in eigen en feriene taalgebiet wie of as it in part fan in grutter dialektkontinuum wie. Troch harren seehannel ferspraten de Fenysjers harren alfabet nei Noard-Afrika en Jeropa, dêr't it troch de Griken oernaam waard, dy't it oan harren taalgebrûk oanpasten. Letter namen de Etrusken in oanpaste ferzje dêrfan oan foar harren eigen gebrûk, en dy waard op syn bart wer oannaam en oanpast troch de Romeinen, dat it Latynsk alfabet waard.
Troch Punyske kolonisaasje sprate it Fenisysk nei it westlike Middellânske Seegebiet. Harren wichtichste koloanje, Kartago, ûntwikkele him yn in machtich ryk, dat letter troch de Romeinske Republyk yn de Punyske Oarloggen (264-146 f.Kr.) ferneatige waard. It Punysk stjerde ek út, mar oerlibbe it folle langer as it Fenisysk, faaks oant yn de njoggende iuw n.Kr.
It Fenisysk alfabet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Fenisysk alfabet.
It Fenisysk waard skreaun mei it Fenisysk alfabet, dat in abjad, dus allinnich mei konsonanten, wie. It kaam fan it Protokanaänitysk skrift en lei it grûnwurk foar it Gryksk alfabet en, oer it Etruskysk oanpassen, it Latynsk alfabet. De Punyske foarm fan it skrift ûntwikkele him stadichoan justjes oars ta in mear kursyf lettertype. Yn de tredde iuw f.Kr. begûn it ek fokalen te brûken, benammen oan 'e ein fan in wurd, mei in alef of somtiden in ain. Fierders, yn de tiid fan de Twadde Punyske oarloch, ûntstie der sels in mear kursive foarm, dat as "Nijpunysk" oantsjutten waard, en it bestie njonken de âldfrinzige foarm. Nei de fal fan Kartago yn 149 f.Kr. waard it sels suver mear brûkt. Yn it Nijpunysk waarden fokalen mei matres lectionis (konsonanten) oantsjutten, mear as yn eardere foarmen, en it begûn stadichoan oare letters foar oare fokalen te brûken. In stikmannich ynskripsjes fan Constantine (Algerije) út de earste iuw f.Kr. waard it Punysk yn it Gryksk alfabet skreaun, en in soad ynskripsjes fan Tripolitaanje út de tredde en fjirde iuw waard it Latynsk alfabet foar it Punysk brûkt.
Yn it Fenisysk skrift, ta tsjinstelling fan de Arameeske, Bibelsk Hebriuwske en Arabyske skriften, waarden sels de lange fokalen ornaris net útdrukt, wêr't se ek mar weikamen (sels fan dûbele fokalen, sa as yn bt /beːt/ 'hûs'; Hebriuwske stavering hat byt). Punyske skriuwers begûnen stadichoan fokalen troch middel fan matres lectionis te brûken. Yn de tredde iuw f.Kr. waard de alef oan 'e ein fan in wurd brûkt, en bytiden waard de yod brûkt om in lange [iː] oan te tsjutten.
Letter, benammen nei de fal fan Kartago troch de Romeinen, waard yn de Nijpunyske ynskripsjes in systeem brûkt dêr't wau de [u], yōd de [i], ālef de [e] en [o], ain de [a] en hē en ek ḥēt de [a] mei oantsjutte. Dat systeem waard ynearsten brûkt foar wurden om utens en letter ek foar lânseigen wurden.
Letter waarden Punyske ynskripsjes skreaun mei it Latynsk alfabet, dy't ek fokalen brûkte. Dy lettere ynskripsjes, taheake mei guon ynskripsjes mei Grykske letters en teksten mei Fenisyske nammen yn oare talen, binne de wichtichste boarnen foar fokalen yn it Fenisysk.
Punysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Punysk.
De ûnderskate foarm fan it Fenisysk dat yn de Tyryske Fenisyske koloanje Kartago sprutsen waard, is bekend as Punysk, en dy waard folle langer brûkt as it Fenisysk yn Fenysje sels. It waard noch brûkt yn de tiid fan de hillige Augustinus, dy't deroer skreau. It Punysk bestie njonken it Berbersk, dy't lânseigen yn Tuneezje (mei Kartago ynbegrepen) en Noard-Afrika wie. It Punysk ferdwûn stadichoan nei de fal fan Kartago troch de Romeinen en de Berbers. It is mooglik dat it Punysk de islamityske bemastering fan de Magreb oerlibbe hat yn guon lytse ôfsûnderlike gebieten. De geograaf al-Bakri omskreau in folk dat in taal sprekt dat gjin Berbersk, Koptysk of Latyn is yn de stêd Sirte yn de streek Ifriqiya, dêr't it sprutsen Punysk it langer as it skreaune Punysk oerlibbe hie. De measte Punysktaligen namen nei de fal fan Kartago it Berbersk en it Latyn oer.
Nettsjinsteande wiene der ek Punyske ynfloeden yn it Berbersk. Ien foarbyld is it wurd agadir "muorre" dat fan it Punyske gader komt. De grutste ynfloed fan it Punysk wie dat fan de namme Hispania (Ibearysk skiereilân, hjoed-de-dei Spanje en Portegal), en komt neffens ien teory fan it Punyske I-Shaphan, dat "kust fan de klipdassen" betsjut, dat eins in fersin fan de ferskate Fenisyske seefarders wie, dy't in soad kninen en dassen seagen. Yn de Golf fan Guinee joech Hanno de Seefarder in fijannige stamme mei "hierrige minsken" de namme, dat letter fan it Punysk troch it Gryksk oernaam waard, as gorillai en waard yn 1847 troch Thomas S. Savage jûn oan de westlike gorilla.
Foarbylden fan oerbleaune teksten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tekst | Transliteraasje |
---|---|
𐤀𐤍𐤊 𐤕𐤁𐤍𐤕 𐤊𐤄𐤍 𐤏𐤔𐤕𐤓𐤕 𐤌𐤋𐤊 𐤑𐤃𐤍𐤌 𐤁𐤍 𐤀𐤔𐤌𐤍𐤏𐤆𐤓 𐤊𐤄𐤍 𐤏𐤔𐤕𐤓𐤕 𐤌𐤋𐤊 𐤑𐤃𐤍𐤌 𐤔𐤊𐤁 𐤁𐤀𐤓𐤍 𐤆 𐤌𐤉 𐤀𐤕 𐤊𐤋 𐤀𐤃𐤌 𐤀𐤔 𐤕𐤐𐤒 𐤀𐤉𐤕 𐤄𐤀𐤓𐤍 𐤆 𐤀𐤋 𐤀𐤋 𐤕𐤐𐤕𐤇 𐤏𐤋𐤕𐤉 𐤅𐤀𐤋 𐤕𐤓𐤂𐤆𐤍 𐤊 𐤀𐤉 𐤀𐤓𐤋𐤍 𐤊𐤎𐤐 𐤀𐤉 𐤀𐤓 𐤋𐤍 𐤇𐤓𐤑 𐤅𐤊𐤋 𐤌𐤍𐤌 𐤌𐤔𐤃 𐤁𐤋𐤕 𐤀𐤍𐤊 𐤔𐤊𐤁 𐤁𐤀𐤓𐤍 𐤆 𐤀𐤋 𐤀𐤋 𐤕𐤐𐤕𐤇 𐤏𐤋𐤕𐤉 𐤅𐤀𐤋 𐤕𐤓𐤂𐤆𐤍 𐤊 𐤕𐤏𐤁𐤕 𐤏𐤔𐤕𐤓𐤕 𐤄𐤃𐤁𐤓 𐤄𐤀 𐤅𐤀𐤌 𐤐𐤕𐤇 𐤕𐤐𐤕𐤇 𐤏𐤋𐤕𐤉 𐤅𐤓𐤂𐤆 𐤕𐤓𐤂𐤆𐤍 𐤀𐤋 𐤉𐤊𐤍 𐤋𐤊 𐤆𐤓𐤏 𐤁𐤇𐤉𐤌 𐤕𐤇𐤕 𐤔𐤌𐤔 𐤅𐤌𐤔𐤊𐤁 𐤀𐤕 𐤓𐤐𐤀𐤌 |
ʾnk tbnt khn ʿštrt mlk ṣdnm bn ʾšmnʿzr khn ʿštrt mlk ṣdnm škb bʾrn z my ʾt kl ʾdm ʾš tpq ʾyt hʾrn z ʾl ʾl tptḥ ʿlty wʾl trgzn k ʾy ʾrln ksp ʾy ʾr ln ḥrṣ wkl mnm mšd blt ʾnk škb bʾrn z ʾl ʾl tptḥ ʿlty wʾl trgzn k tʿbt ʿštrt hdbr hʾ wʾm ptḥ tptḥ ʿlty wrgz trgzn ʾl ykn lk zrʿ bḥym tḥt šmš wmškb ʾt rpʾm |
Oersetting | |
Ik, Tabnit, preester fan Astarte, kening fan Sidon, de soan fan Esmunazar, preester fan Astarte, kening fan Sidon, lis yn dizze sarkofaach. Wasto ek bist, wa't dizze sarkofaach ek fine mei, nee, iepenje it net en steur my net, om't der gjin sulver by my is, gjin goud by my is, of wat ek mar wearde hat, allinnich ik lis yn dizze sarkofaach. Nee, iepenje it net en steur my net, om't dat in grouwel is foar Astarte. En asto it yndie iepenest en asto yndie my steurst, dan silsto gjin sied hawwe ûnder dyjingen dy't ûnder de sinne libje, en ek gjin rêstplak fine by de Refaïten. |
Tekst | Rekonstruksje (troch Igor Diakonov) |
---|---|
ΛΑΔΟΥΝ ΛΥΒΑΛ ΑΜΟΥΝ ΟΥ ΛΥΡΥΒΑΘΩΝ ΘΙΝΙΘ ΦΑΝΕ ΒΑΛ ΥΣ ΝΑΔΩΡ ΣΩΣΙΠΑΤΙΟΣ ΒΥΝ ΖΟΠΥΡΟΣ ΣΑΜΩ ΚΟΥΛΩ ΒΑΡΑΧΩ |
lʾdn lbʿl ḥmn wlrbtn tnt pn bʿl ʾš ndr S. bn Z. šmʾ klʾ brkʾ |
Oersetting | |
Oan de master Baäl Hammon en oan jo frijster Tanit, it gesicht fan Baäl, [dat] wat Sosipatius tawijde, soan fan Sopyrus. Hy hearde syn stim en segene him. |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |