[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Essay

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Essayist)
Michel de Montaigne.

In essay is in beskôgjende proazatekst of in artikel yn in krante of tydskrift, wêr't de skriuwer yn op in wittenskiplik ferantwurde wize syn persoanlike fyzje jout op hjoeddeiske ferskynsels, problemen of ûntwikkelingen. Yn it Ingelsk ferwiist de term mear yn it algemien nei in opstel of riddenearring. De Fryske betsjutting komt lykwols fan it Frânske 'essai', wat soksawats betsjut as probearsel. Tsjintwurdich wurdt it wurd ek wol brûkt yn de Ingelske betsjutting, mar it giet yn prinsipe om twa ferskillende kategoryen. De skepper fan dit literêre sjenre wie Michel de Montaigne (1533-1592) dy't yn 1580 syn 'Essais' publisearre.

De Montaigne waard earst neifolge troch Francis Bacon (Essays, 1597). Letter kaam it essay ta bloei yn Dútslân, Frankryk en wer letter yn de Feriene Steaten.

Fryske essayisten wienen ûnder oaren Fokke Sierksma, Bauke de Jong, Anne Wadman, Atte Jongstra en Lolle Nauta.

Yn Nederlân wienen ûnder oaren Conrad Busken Huet, Albert Verwey, Menno ter Braak, Simon Vestdijk, Karel van het Reve, W. F. Hermans en Hugo Brandt Corstius essayisten fan belang. Foar it sjenre is yn Nederlân de Jan Hanlo Essaypriis yn it libben roppen. Op 18 novimber 2018 waard de earste Joost Zwagerman Essaypriis útrikt.