[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bo Derek

Ut Wikipedy
Bo Derek
akteur
Bo Derek yn 2010.
Bo Derek yn 2010.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mary Cathleen Collins
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 novimber 1956
berteplak Long Beach (Kalifornje)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Ingelsk
Nederlânsk
Welsk
jierren aktyf 1973 – no
offisjele webside
www.officialboderek.com

Bo Derek (berne as: Mary Cathleen Collins; Long Beach (Kalifornje), 20 novimber 1956), is in Amerikaansk aktrise en filmprodusinte en earder model en neakenmodel fan mingd Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk, Iersk en Welsk etnysk komôf. Hja is miskien wol it bekendst wurden mei har rol yn 'e film 10, út 1979, dy't late ta withoe hege ferkeapsifers fan in poster fan har yn badpak. Dêrnei waard Derek ien fan 'e populêrste sekssymboalen fan 'e tachtiger jierren. Har lettere films moasten de resinsinten lykwols neat fan hawwe, en ek it gewoane publyk bleau wei. Tsjintwurdich wurket se noch mar út en troch ris as aktrise.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bo Derek waard yn 1956 as Mary Cathleen Collins berne yn Long Beach, in foarstêd fan Los Angeles, yn it suden fan 'e steat Kalifornje. Har heit, Paul Collins, hie in liedingjaande funksje by de Hobie Cat Company, in produsint fan katamarans, wylst har mem, Norma Bass, de fisazjiste en kapster fan filmstjer Ann-Margret wie. Nei't har âlden útinoar gien wiene, wertroude har mem mei stuntman Bobby Bass.

Derek trochrûn de middelbere skoalle yn Harbor City, en krige op har sechstjinde in romantyske relaasje mei akteur, regisseur en fotograaf John Derek, in troude man dy't tritich jier âlder wie as har. Koarte tiid letter skiede John Derek fan syn doetiidske frou, de aktrise Linda Evans, en dêrop ferfear er mei Bo nei Dútslân ta, sadat se mei-inoar omgean koene sûnder dat hy (fanwegen har minderjierrigens) oanklage wurde soe ûnder de Amerikaanske wetjouwing oangeande statutory rape. Doe't Bo Derek achttjin jier waard, kearde it stel werom nei de Feriene Steaten, dêr't se yn 1976, doe't se tweintich wie, mei-inoar trouden.

Wylst se yn 1973 noch yn Dútslân taholden, sette John Derek útein mei it meitsjen fan in film mei Bo yn 'e haadrol. It waard in Ingelsktalige low budget-ûndernimming ûnder de titel Fantasies, wêryn't fierders inkeld ûnbekende Dútske akteurs en aktrises te sjen wiene. It hie net folle om 'e hakken, en om dochs noch publyk te lûken, liet Derek syn faam sênes spylje dy't derop ôf wiene en wêrby't se ek koart neaken yn byld kaam. Der ûntstie frijwat opskuor oer dizze rôlprint en John Derek moast him twaris oanpasse foar't er der mei de boer op gie nei de grutte filmstudio's. Dat waard lykwols neat, en úteinlik kaam Fantasies pas yn 1981 út, doe't Bo Derek de status fan sekssymboal al berikt hie.

John en Bo Derek mei Chandran Rutnam.

Tsjin 1976 hie John Derek syn frou in saneamde Hollywood makeover jûn; se hie har hier blûn ferve en de namme Bo Derek oannommen. Yn 1977 waard har in lyts roltsje yn 'e horrorfilm Orca taparte, dat regisseur Michael Anderson syn antwurd op Jaws wie. Hoewol't dat in flop waard, waard Derek yn 1979 útkeazen foar de rol fan Jenny Hanley yn 10, ek al makken bekendere aktrises, lykas Melanie Griffith en Heather Thomas, dêr ek gading op. 10 wie in tige populêre film fan regisseur Blake Edwards oer in man yn syn middeljierren, spile troch komyk Dudley Moore, dy't it personaazje fan Derek as de ideäle frou beskôget, wylst er ek fereale is op in âldere frou, spile troch Julie Andrews. De iepeningssêne, wêryn't Derek yn in dream fan Moore op him ta draafd yn in fleiskleurich badpak dat neat om it liif hat, waard in ikoanysk filmbyld en soarge foar Derek har trochbraak yn Hollywood.

Nei 10 spile Derek daliks yn A Change of Seasons (1980), mei û.o. Shirley MacLaine en Anthony Hopkins, oer in jonge studinte dy't in relaasje hat mei in folle âldere, troude learaar. Hoewol't de kritisy dy film leechleine, waard it dochs in beskieden súkses. Folle bekender waard Derek lykwols yn 'e rol fan Jane Parker yn Tarzan, the Ape Man (1981), in film dy't regisearre waard troch har man. Nettsjinsteande de titel gie dy film eins folle mear oer Jane en mar in hiel lyts bytsje oer Tarzan. Dit wie Derek har earste haadrol yn in mainstream-film, en de opnamen fûnen plak yn Afrika. Bo Derek ferskynde yn ferskate sênes yn klean dy't net folle oan 'e ferbylding oerlieten, en yn ien sêne sels neaken, wylst de froulju fan in Afrikaanske stamme dêr't sy en har selskip fan ûntdekkingsreizgers troch finzen nommen wiene, har wosken en letter wyt ferven. Op 'e nij wiene de resinsinten der net oer te sprekken, en John Derek en de studio MGM, dy't de film útbrocht, waarden sels oanklage troch de erven fan Edgar Rice Burroughs (de geastlike heit fan Tarzan), foar it brûken fan 'e namme fan Tarzan yn 'e titel fan in film dy't, neffens harren, dúdlik neat mei him út te stean hie. Likegoed waard Tarzan, the Ape Man kommersjeel wol deeglik in súkses, en wie it sels de op 14 nei bêstferkeapjende film fan 1981.

Neitiid berikte Bo Derek nea wer sa'n súkses, want mei har filmkarriêre gie it fan 1982 ôf de ferkearde kant út. Wol ferskynde se noch gauris (en faak op spraakmeitsjende wize) yn it iepenbier. Fierders stie se withoe faak op 'e omslaggen fan tydskriften, en yn augustus 1980 en septimber 1981 die se twa kear in neakenrapportaazje foar de Playboy. Yn 1984 makke se mei har man de film Bolero, oer it seksueel ûntweitsjen fan har personaazje, folge troch in wrâldreis op 'e sneup nei de perfekte earste minner. Dizze film waard tige min ûntfongen troch de kritisy, en de opbringsten derfan dieken de kosten net iens. Hoewol't it doedestiden Derek har minste aktearprestaasje ea neamd waard, is Bolero tsjintwurdich har populêrste film nei 10.

Bo Derek by in besyk oan in feteranesikehûs yn Los Angeles, yn 2005.

Nei in liddige perioade fan fiif jier kearde Derek yn 1989 werom as filmaktrise mei de haadrol yn Ghosts Can't Do It, op 'e nij ûnder rezjy fan har man. Ek dy film flopte. Neitiid spile Derek noch yn ferskate films, wêrûnder Woman of Desire (1994), mei Robert Mitchum, en dêrnjonken ek yn in pear tillefyzjefilms. De rouwe komeedzje Tommy Boy, út 1995, waard nettsjinsteande de minne kritiken dochs in kommersjeel súkses. Yn 1998 kaam John Derek hommels te ferstjerren oan in hertoanfal. Dêrnei lei Derek har fral ta op it spyljen fan gastrollen yn tillefyzjesearjes as Wind on Water, The Drew Carey Show, Family Law en Two Guys, a Girl and a Pizza Place. Ek hie se noch lytse rollen yn in pear films, wêrûnder Frozen with Fear en Malibu's Most Wanted.

Oare beuzichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har aktearwurk hat Bo Derek blyk jûn fan nei de Republikeinske Partij oerhingjende politike oertsjûgings. Hoewol't hja harsels yn fraachpetearen omskreaun hat as in "ûnôfhinklike" (d.w.s. in Amerikaan dy't gjin oanhinger is fan ien fan 'e beide grutte partijen), stipe se yn 1988 en 1992 aktyf de kampanje fan 'e Republikeinske presidintskandidaat George H.W. Bush, en yn 2000 en 2004 dy fan George W. Bush. Oan 'e oare kant sei se dat se yn 2008 op 'e Demokraat Barack Obama stimd hie.

Fierders is Derek al fan bern ôf oan in grut leafhawster fan hynsteriden en fan hynders. Se hat ferskate Andalusyske hynders yn besit en hat mei it Animal Welfare Institute, in bistebeskermingsorganisaasje, kampanje fierd om yn Kalifornje en yn 'e hiele Feriene Steaten it slachtsjen fan hynders by wet te ferbieden. Yn 2002 brocht Derek har autobiografy út, ûnder de titel Riding Lessons: Everything That Matters in Life I Learned from Horses ("Riidlessen: Alles Dat derta Docht yn it Libben Haw Ik fan Hynders Leard"). Ek set se har yn foar Amerikaanske oarlochsfeteranen, mei't har heit, styfheit en man silger alletrije feteranen wiene. Sûnt 2002 hat Bo Derek in relaasje mei de akteur John Corbett.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.