[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Billboard (tydskrift)

Ut Wikipedy
Billboard
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre entertainment
frekwinsje 1x wyks
bestean sûnt 1894
oprjochter William Donaldson,
James Hennegan
plak haadred. New York (New York)
útjouwer Eldridge Industries
oplaach 17.000
ISSN 0006-2510
offisjele webside
www.billboard.com

Billboard is in Amerikaansk tydskrift dat berjochtet oer de muzyk- en entertainmentyndustry, en dat artikels publisearret op it mêd fan nijs, opinystikken, resinsjes, ferslaggen fan eveneminten en lifestyle. It stiet lykwols benammen bekend om syn hitlisten en albumlisten oangeande koartby útbrochte muzyk, wêryn't de populêrste singles en albums yn 'e Feriene Steaten byholden wurde. De bekendste fan dy hitlisten binne de Billboard Hot 100 en de Billboard 200, en foar countrymuzyk de Hot Country Songs.

De omslach fan 'e earste edysje fan Billboard, út novimber 1894.

Billboard, dat letterlik "oanplakboerd" of "oankundigingsboerd" betsjut, is in wykblêd mei in oplaach fan 17.000 eksimplaren dat útjûn wurdt troch de Hollywood Reporter-Billboard Media Group, in difyzje fan Eldridge Industries. It waard op 1 novimber 1894 oprjochte yn Cincinnati, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, troch William Donaldson en James Hennegan as in fakblêd op it mêd fan oanplakposters. Yn 1900 waard Hennegan troch Donaldson útkocht foar $500, wêrnei't de ynhâld feroare waard ta in soarte fan reklameblêd foar sirkussen, merken en fariëteefoarstellings. Teffens waard it brûkt as platfoarm om fia miny-advertinsjes berjochten oer te bringen oan merkefolk en reizgjende artysten.

Neigeraden dat de fonograaf, de radio en letter de jukebox mear ynboargere rekke, likernôch mids tweintichste iuw, begûn Billboard him mear ta te lizzen op muzyk. Tagelyk waarden oare ûnderwerpen ûnderbrocht by oare tydskriften, lykas it yn 1961 oprjochte Amusement Business foar sirkussen en merken. De redaksje ferfear yn 1946 nei Brighton (Ohio) en yn 1948 nei New York. Meitiid krige Billboard, benammen troch syn hitlisten, de namme it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske muzykyndustry te wêzen. Nei't Donaldson yn 1926 stoarn wie, waard it tydskrift oerdroegen oan ferskate generaasjes fan syn neiteam, oant it yn 1985 ferkocht waard oan privee-ynvestearders. Sûnt gie it ferskate kearen yn oare hannen oer, oant it yn 2015 eigendom fan Eldridge Industries waard.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan Billboard

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.