[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Darhan

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Darhan
Дархан
Bûdakompleks by Darhan
Bûdakompleks by Darhan
Bestjoer
Lân Mongoalje
Armag Darhan-Uul
Sifers
Ynwennertal 80.738 (2010)
Oar
Stifting 1961
Tiidsône UTC+8
Flagge fan Darhan

Darhan (Mongoalsk: Дархан, 'smidte') is de tredde stêd fan Mongoalje en waard yn 1961 stifte. It is de haadstêd fan de provinsje (aimag) Darhan-Uul en hat sa'n 74.000 ynwenners, likernôch 82% fan de provinsjebefolking. Darhan leit likernôch healwei tusken Ulaanbaatar en de grins mei Ruslân.

Skiednis

Darhan waard earst stifte op 17 oktober 1961. De namme docht al út bliken dat it plak as in yndustrystêd opset is. Mongoalje waard by de bou bot stipe troch de Sovjet-Uny. De Russen hawwe dêr in soad apparteminten set, dat it oansjen fan de stêd hat in protte fan Sovjet-Russyske stêden. 86% fan de ynwenners wennet yn dy apparteminten en de rest libbet yn tradisjonele joerten oan de rânen fan de stêd, lykas op mear plakken yn Mongoalje.

Underwiis

Darhan is it twadde ûnderwiissintrum fan it lân. It ûnwiisnivo fan de stedsbefolking is frijwat heech. Hûnderten studinten út oare parten fan Mongoalje komme nei Darhan foar harren stúdzje. Op it heden sitte der tsien ynstituten foar heger ûnderwiis, 25 middelbere skoallen en ûnder oaren it Ynstitút foar Management en Untjouwing.

Susterstêden