[go: up one dir, main page]

Ipen (skaai)

(Trochferwiisd fan Yp)

De ipen (inkeltal: yp), ipebeammen of iperenbeammen (Ulmus) (Nederlânsk: 'iep' of 'olm') binne in skaai fan leafbeammen. De blêden binne fearnervich en hawwe in skerptakkige blêdrâne. Se lykje wol wat op de blêden fan de haachbûk (Carpinus betulus), mar hawwe in mear skeve, ûngelikense blêdfoet. De blommen ferskine earder as de blêden. It blomtek is lyts, grien en oan de slippen binne se mei inoar fergroeid. Dêrboppe steane de moalstêfkes mei pearse helmhokken en de stamper. De sieden binne ôfplatte en hawwe in brede wjuk as râne rûnom.

ipen
In glêde yp (Ulmus minor)
In glêde yp (Ulmus minor)
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): rosiden
(sûnder rang): fabiden
skift: roaseftigen (Rosales)
famylje: ipen (Ulmaceae)
skaai: ipen (Ulmus)
Linnaeus, 1753

Ipen groeie it leafst op frijwat fiedselrike, focht fêsthâldende, kalkige grûn.

Yn Nederlân is meast de Hollânske Yp set yn de kustprovinsjes, om't er goed oer de hurde, sâltige seewyn kin.

Op de bast fan iperenbeammen kin in grut ferskaat oan koarstmoassen foarkomme.

De iep is gefoelich foar de ypsykte. Dizze ferwylgingssykte wurdt feroarsake troch de skimmel Ophiostoma ulmi. De ypsykte wurdt oerbrocht troch de ipespintkrobbe, dy't de skimmel by him hat. De skimmel groeit yn de houtfetten fan ipen, sadat dy ferstopd reitsje. De blêden wurde wilich en de beam giet dea. Fan it tige grutte ipebestân yn Nederlân fan begjin 20e iuw is tusken 1919 en 2000 grif njoggentich prosint troch de ypsykte ferdwûn, sadat it lânskip in grutte feroaring ûndergien hat. De ferkeap fan Ipesoarten yn Nederlân is fan mear as 56.000 yn 1989 tebekrûn nei mar 6.800 yn 2004,[1] Sûnt 1928 is men ûnûnderbrutsen oant 1992 dwaande west mei it kweken fan resistinte farianten.[2] Fergelykbere kweekprogrammas wiene der yn Noard Amerika (1937), Itaalje (1978) en Spanje (1990s).

 
Rûge yp, blêd en sied

Iperenhout waard tige wurdearre om syn fezelstruktuer dy't net sa maklik tespjaltet. It frijwat djoere hout waard brûkt foar tsjillen, stoelsittings, klompen en deakisten. De tichtens fan it hout ferskilt tusken de soarten, mar sit trochstrings om de 560kg de m³[3]. At it hout wiet bliuwt sil it net gau ferrotsje. Yn de midsiuwen waarden holle stammen dêrom wol brûkt as wetterbuis. De wjerstân tsjin ferrotsjen is it mei dien by grûnkontakt.[4].

Ipeblêd hat in lange skiednis as feefoer. Yn de grutte hûngersneed fan 1812 yn Noarwegen hat de seane bast fan de Yp in soad minsken fan de hûngerdea rêden. It ipesied is ek streksum, it befettet sa'n 45% aaiwyt en < 7% rizel. [5]

Fan de 18e iuw oant begjin 20e iuw waard de ipebeam oeral yn Jeropa en Noard-Amearika foar de sier oanplante. Sy waarden bylâns diken, wat in soarte fan tunneleffekt joech, en om pleatsen set, yn stêden en doarpen. Yn Fryslân bestie de beambeplanting op de klaai- en feankrite meast út ipebeammen. De âlde rykswegen dêre (b.g. de Grinzer Strjitwei) wienen der mei beplante. Oare skaaimerken fan de yp binne dat se goed oer loftfersmoarging kinne en dat it ôffallen blêd hurd wei wurdt.

 
'Herbie', de grutste en âldste yp fan Maine, Feriene Steaten (2008)

Ta de ipen hearre ûnder oaren de folgjende soarten:

  • fladderyp of stâleyp (Ulmus laevis), blomkes hawwe in lange stâle, ûnderkant fan blêden hat krollich hier, hout fan mindere kwaliteit.
  • glêde yp of fjildyp (Ulmus minor of Ulmus carpinifolia); jonge tûken binne glêd, boppekant blêden ek glêd, ynsnien wjuk om sied; útrinners fan de woartels hawwe typyske koarkwjukken; yn Nederlân seldsum.
    • monumintale fjildyp of Wheatley's yp (Ulmus carpinifolia 'Sarniensis' of Ulmus carpinifolia 'Monumentalis')
  • rûge yp of berchyp (Ulmus glabra); lânseigen, wurdt in grutte beam, de donkergriene blêden en de bast fiele rûch oan; rint ei april, begjin maaie út.
  • Ingelske fjildyp (Ulmus procera)
  • Hollânske yp (Ulmus ×hollandica) is in krusing tusken de rûge yp en de glêde yp.
    • Ulmus x hollandica 'Groeneveld' is yn 1941 ûntstien en yn 1949 selektearre.
    • huntingtonyp (Ulmus hollandica 'Vegeta')'
    • goudyp (Ulmus hollandica 'Wredei'), goudgiele blêden, yn parken by bûtenpleatsen.

De yn Nederlân oanplante soarten binne faak krusings tusken de soarten Ulmus glabra, Ulmus wallichiana, Ulmus carpinifolia en Ulmus ×hollandica

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hiemstra et al., (2005). Belang en toekomst van de iep in Nederland. Praktijkonderzoek Plant & Omgeving, Wageningen UR
  2. Burdekin, D. A. & Rushforth, K. D. (Revised by Webber J. F. 1996). Elms resistant to Dutch elm disease. Arboricultural Research Note 2/96. Arboricultural Advisory and Information Service, Alice Holt, Farnham, UK.
  3. Elm. Niche Timbers. Rieplachte 19-08-2009.
  4. Elm. Niche Timbers. Rieplachte 19-08-2009.
  5. Osborne, P. (1983). The influence of Dutch elm disease on bird population trends. Bird Study, 1983: 27-38.
  • Helge Vedel/Johan Lange, Bomen en struiken in bos en veld. Moussault's útjouwerij, Baarn (1976)

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Iep.


Keppelings om utens