Ynlieding
In ynlieding is it earste diel fan in tekst, lykas in essay, artikel of boek, wêryn't datjinge omskreaun wurdt dêr't de rest fan 'e tekst oer giet. Teffens wurdt yn 'e ynlieding ornaris werjûn wat de skriuwer mei de tekst berikke wol. Sa komt it faak foar dat yn 'e ynlieding in beskate probleemstelling fermelden wurdt, dy't yn 'e neifolgjende tekst oplost wurde moat. Sadwaande jout in ynlieding faak al in foarútblik op 'e saken dy't yn 'e rest fan 'e tekst oan 'e oarder komme sille.
De ynlieding is yn 'e tradisjonele tekstyndieling de earste fan trije parten; dêrnei folgje de kearn en de konklúzje, yn dy folchoarder. De namme 'ynlieding' wurdt lykwols ek brûkt foar teksten dy't min ofte mear op harsels steane en yngeane op in beskaat mêd, lykas yn in boektitel as Inleiding tot de Europese Rechtsgeschiedenis.
In ynlieding moat net betize wurde mei in foarwurd. In foarwurd giet nammentlik net oer de ynhâld fan in tekst, mar oer de tastânkomming derfan.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |