[go: up one dir, main page]

USS California (skip út 1921)

(Trochferwiisd fan USS California (BB-44))

De USS California wie in Amerikaansk slachskip fan 'e Tennessee-klasse, mei de koade BB-44. It wie fan 1921 oant 1947 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. De USS California waard ûnder de Oanfal op Pearl Harbor ta sinken brocht.

USS California
De USS California op iepen see, mids 1930-er jierren.
De USS California op iepen see, mids 1930-er jierren.
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat (sjoch tekst)
eigner Amerikaanske Marine
oare namme(n) BB-44
skiednis
werf Marineskipswerf Mare Island,
   Vallejo (Kalifornje)
kyllizzing 25 oktober 1916
tewetterlitting 20 novimber 1919
yn de feart 10 augustus 1921
út tsjinst 14 febrewaris 1947
status sloopt 1 maart 1959
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Tennessee-klasse
lingte 190 m
breedte 29.69 m
djipgong 9.19 m
deplassemint 32.300 long ton (by bou)
34.858 long ton (reparaasje 1943)
tonnaazje 32.818 brt (by bou)
35.417 brt (reparaasje 1943)
bemanning 1.083 koppen
oandriuwing 4 × turbo-elektryske trânsmisje
4 × skroef
maks. faasje 21 knopen (39 km/h)
bewapening 4 × trijedûbel 14 inch (356
   mm)-kanon
14 × inkel 5 inch (127
   mm)-kanon
4 × inkel 3 inch (76 mm)-kanon
2 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis
opmerkings droech 3 wetterfleantugen,
   mei kattepûlen foar opstiigjen

Bou en skaaimerken

bewurkje seksje

De Tennessee-klasse boude fuort op 'e ûntwikkeling fan 'e foargeande New Mexico-klasse, en wie in standertsearje fan twa slachskippen. Dy waarden yn 'e 1910-er en de 1920-er jierren boud yn opdracht fan 'e Amerikaanske Marine. De kyl fan 'e USS California waard lein op 25 oktober 1916 op 'e Marineskipswerf Mare Island yn Vallejo yn Kalifornje, dêr't it skip op 20 novimber 1919 te wetter litten waard. As marineskip wie it skip swier bepânsere en it wie bewapene mei in batterij fan trije 14 inch (356 mm)-kanonnen yn elts fan 'e fjouwer geskutstuorren, en dêropta mei ferskate mindere wapens. De USS California hie in lingte fan 190 m, in breedte fan 29.69 m en in djipgong fan 9.19 m. De topsnelheid bedroech 21 knopen, oftewol 39 km/h.

Nei't de USS California op 10 augustus 1921 troch de Amerikaanske Marine yn 'e feart nommen wie, tsjinne it skip as it flaggeskip fan 'e Amerikaanske Slachfloat. Yn 'e 1920-er en 1930-er jierren naam it skip geregeldwei diel oan floatoefenings en makke it teffens reizen nei Austraalje en Nij-Seelân (1925) en troch it Panamakanaal nei Haïty (1934) en Porto Riko (1938). Yn 1926 waard oan board fan 'e USS California in fleantúchkattepûl ynstallearre, en waarden trije Vought UO-1-wetterfleantugen oan it skip tafoege dy't dêrmei lansearre wurde koene. Nei de ierdbeving fan Long Beach, op 10 maart 1933, bea de bemanning fan 'e USS California, dy't by tafal krekt in dei earder yn 'e haven fan Long Beach oankommen wie, needhelp oan 'e bewenners fan 'e troffen stêd.

Oanfal op Pearl Harbor

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 lei de USS California dêr ôfmarre oan Battleship Row doe't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden.

 
De USS California sinkt nei de Oanfal op Pearl Harbor yn it ûndjippe wetter fan 'e lagune Pearl Harbor.

De USS California rûn by de oanfal net mear as tuskenbeiden skea op troch de ynslaggen fan twa torpedo's en twa bommen, hoewol't der ûnder de bemanning 100 deaden foelen. It elektryske systeem fan it skip rekke útskeakele troch brân, mei as gefolch dat de pompen net wurken. De bemanning hie it skip boppe wetter hâlde kinnen, mar krige befel om fan board te gean krekt doe't se de pompen oan 'e gong krigen hiene. Baarnende oalje fan twa oare slachskippen, de USS Arizona en de USS West Virginia, dreau nei de USS California ta, sadat de sitewaasje slimmer liek as dat it eins wie. It skip rûn sadwaande oer in perioade fan trije dagen stadich fol mei wetter en sonk. Oan fjouwer bemanningsleden waard letter de Medal of Honor, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, takend foar harren dieden ûnder de oanfal. Yn april 1942 waard de USS California burgen, wêrnei't it skip yn 1943 reparearre en yngeand omboud waard en yn jannewaris 1944 wer yn 'e tsjinst kaam.

Fierdere Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Neitiid waard de USS California yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Oseaan ynset foar it ûnderstypjen fan ferskate amfibyske operaasjes troch it útfieren fan kustbombardeminten, lykas yn 'e Marianen- en Palaukampanje en de Twadde Filipinenkampanje. It skip rekke lykwols op 23 augustus 1944 skansearre troch in oanfarring mei it susterskip de USS Tennessee, en miste dêrtroch ûnder de Marianen- en Palaukampanje de bloedige Slach om Peleliu. Under de Filipinenkampanje naam de USS California yn oktober 1944 diel oan 'e Slach yn 'e Strjitte fan Surigao, dat de lêste seeslach tusken slachskippen yn 'e skiednis fan 'e wrâld wie. Under de Ynvaazje fan 'e Golf fan Lingayen, op 5 jannewaris 1945, waard it skip rekke troch in Japanske kamikaze, wêrby't 44 bemanningsleden omkamen en 155 ferwûne rekken. Nei reparaasjes yn Pearl Harbor en Long Beach, dêr't it skip op eigen krêft hinne farre koe, joech de USS California him op 15 juny wer by de float. Dat wie krekt op 'e tiid om 'e ynvaazje fan Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen, te ûnderstypjen yn 'e Slach om Okinawa.

Nei de oarloch

bewurkje seksje

Nei de kapitulaasje fan Japan, op 15 augustus 1945, naam de bemanning fan 'e USS California yn Wakayama en Yokosuka diel oan it begjin fan 'e besetting fan Japan. Op 15 oktober ferliet it slachskip Japan om fia de Yndyske Oseaan en de Atlantyske Oseaan nei Philadelphia te farren. Underweis brocht it skip in kontingint Súdafrikaanske troepen fan Britsk-Seylon (no Sry Lanka) nei hûs. Nei de oankomst yn Philadelphia waard de USS California dêr foar anker lein, wêrnei't it skip op 14 febrewaris 1947 formeel út 'e aktive tsjinst helle waard. It skip behold lykwols syn plak yn 'e ynventaris fan 'e Amerikaanske Marine oant it op 1 maart 1959 sloopt en foar skroat ferkocht waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.