[go: up one dir, main page]

In tsjerketaal (ek wol liturgyske taal of hillige taal neamd) is in taal dy't inkeld brûkt wurdt foar religieuze doelen troch taalmienskippen dy't foar deistige sprutsen kommunikaasje gebrûk meitsje fan in oare taal. Yn 'e regel wie de tsjerketaal yn 'e taalmienskip dy't him as sadanich brûkt yn it ferline wól teffens it middel foar deistige kommunikaasje, mar is er útstoarn en ta in deade taal wurden. Inkeld komt it ek foar dat der gjin foargeande bân tusken tsjerketaal en taalmienskip bestien hat, lykas tusken de Romeinen en it Etruskysk, dat nei syn útstjerren as sprektaal yn it Romeinske Ryk foar religieuze en magyske doelen brûkt waard.

Hoewol't de oantsjutting "tsjerketaal" gebrûk yn kristlike leauwensmienskippen ymplisearret, is dat misliedend en komme tsjerketalen yn oare religyen likegoed foar. Faak is in tsjerketaal in deade taal, mar net altyd. Sa hat Sun Myung Moon, de lieder fan 'e Unifikaasjetsjerke, syn oanhingers fan oer de hiele wrâld opdroegen om Koreaansk te learen, om't "Koreaansk de taal is dy't Gods hert it neist is en de takomstige wrâldtaal sil it Koreaansk wêze". Fierders is guon foarhinne deade tsjerketalen nij libben ynblazen, sa't dien is mei it Hebriuwsk, de liturgyske taal fan it joadendom, dy't fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ôf troch de sionistyske beweging wer ta libben brocht waard en sûnt 1948 de offisjele taal fan 'e steat Israel is. Ek it Sanskryt, de hillige taal fan it hindoeïsme, wurdt tsjintwurdich wer as memmetaal sprutsen troch inkele tsientûzenen minsken.

Guon foarbylden fan tsjerketalen binne: