[go: up one dir, main page]

The New York Times

The New York Times, soms ôfkoarte ta NYT en lange tiid byneamd The Gray Lady ("De Grize Dame"), is in Amerikaansk deiblêd dat mear as oardel iuw oanhâldend fêstige west hat en útjûn is yn 'e stêd New York. Dizze krante waard yn 1851 oprjochte troch Henry Jarvis Raymond en George Jones, en wurdt hjoed de dei publisearre troch de New York Times Company. De New York Times komt sân dagen yn 'e wike út en wurdt op snein oanfolle troch ferskate kulturele taheakken. De New York Times hie yn 2014 in oplaach fan 1.379.806 eksimplaren, en is dêrmei ien fan 'e trije Amerikaanske kranten mei de grutste fersprieding, yn 'e mande mei de Wall Street Journal en USA Today. Sûnt syn oprjochting hat de New York Times 117 Pulitzerprizen wûn. Om utens is it nei alle gedachten de bekendste Amerikaanske krante.

The New York Times
algemiene ynformaasje
hist. namme The New-York Daily Times
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre krante
frekwinsje deistich
bestean 1851 – no
oprjochter Henry Jarvis Raymond
George Jones
plak haadred. New York (New York)
útjouwer New York Times Company
oplaach 1.379.806 (2014)
ISSN 0362-4331
offisjele webside
www.nytimes.com

De New York Times waard op 18 septimber 1851 ûnder de namme fan The New-York Daily Times oprjochte troch de sjoernalist en politikus Henry Jarvis Raymond (1820-1869) en de útjouwer en eardere bankier George Jones. Yn 1857 waard de namme ferkoarte ta The New-York Times, en it keppelstreekje liet men yn 'e 1890-er jierren út 'e namme falle. Nei't de krante de earste tsien jier fan moandei oant sneon publisearre wie, waard yn 1861 in sneinsedysje tafoege om ferslach te dwaan fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865). Under de Newyorkske Tsjinstplichtopskuor waard de New York Times op 13 july 1863 oanfallen troch in kliber oproerlingen, dy't troch Henry Raymond, de doetiidske haadredakteur en eigner fan 'e krante, persoanlik mei in pear Gatling-mitrailleurs weromdreaun waard.

 
Op 'e redaksje fan 'e New York Times yn 1942.

In krúsjaal barren yn 'e skiednis fan 'e New York Times foel foar yn 1870-1871, doe't de krante mei in rige iepenbierings oer William Magear Tweed, de lieder fan 'e Demokratyske Partij yn 'e stêd New York, in grut korrupsjeskandaal oan it ljocht brocht, dêr't de oerhearsking fan 'e stedspolityk troch Tweed en syn trewanten mei beëinige waard. Nei't de New York Times oarspronklik op 'e hân west hie fan 'e Republikeinske Partij, makke de krante yn 'e 1880-er jierren in oergongsperioade nei in neutralere posysje troch. Hoewol't it deiblêd dêr Republikeinsk oriïntearre lêzers mei ferlear, wist it oare lêzers oan te lûken mei in stadichoan wûne reputaasje fan earlike en akkurate ferslachjouwing. Dat barde fral yn 'e 1890-er jierren, doe't Adolph Ochs earst haadredakteur en letter eigner fan 'e krante waard. Dyselde stelde yn 1897 it biedwurd fan 'e New York Times yn: All the News That's Fit to Print, "Al it Nijs Dat it Wurdich Is om Printe te Wurden". Dat wie in stek ûnder wetter nei konkurrearjende útjeften lykas de New York World fan Joseph Pulitzer en de New York Journal fan William Randolph Hearst, dy't bekend stiene om harren sensasjonalistyske trant fan ferslachjouwing.

 
It kantoar fan 'e New York Times, oan 8th Avenue 620.

Fan 1910 ôf waard de New York Times fia it fleantúch ek yn Philadelphia distribuëarre, en yn 1919 fûn de earste oerseeske distribúsje nei Londen plak. De krúswurdpuzel ferskynde foar it earst op geregelde basis yn 'e krante yn 1942, en yn 1946 waard in moadeseksje tafoege. Fan 1944 oant 2009 hie de krante ek in eigen radiostasjon, WQXR. De oarspronklike ynternasjonale edysje hold op yn 1967, doe't de New York Times yn 'e mande mei de New York Herald Tribune en de Washington Post yn Parys úteinsette mei de publikaasje fan 'e International Herald Tribune, dy't letter de International New York Times wurde soe. Yn 1996 waard de website fan 'e New York Times oprjochte, dêr't de krante frij te lêzen wie, oant dat fanwegen de krimpende papierrene oplaach net mear rindabel wie; sadwaande moat men sûnt 2011 betelje om 'e onlineferzje te lêzen.

Ynfrastruktuer

bewurkje seksje

Hjoed de dei wurdt de New York Times publisearre troch de New York Times Company, dy't yn besit is fan 'e erven fan Adolph Ochs, yn haadsaak de Sulzberger-famylje. Njonken it haadkertier fan 'e krante yn New York, beskikt de New York Times oer 10 nijsburo's yn 'e regio New York, 11 regionale nijsburo's yn 'e rest fan 'e Feriene Steaten en 26 nijsburo's yn it bûtenlân.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.