[go: up one dir, main page]

The Walt Disney Company

(Trochferwiisd fan The Disney Company)

The Walt Disney Company (faak koartwei Walt Disney neamd, of noch koarter: Disney) is in Amerikaanske, ynternasjonaal operearjende korporaasje op it mêd fan media en amusemint. It bedriuw bestiet sûnt 1923, en it haadkertier is fêstige yn Burbank, yn súdlik Kalifornje. Disney begûn as in tekenfilmstudio, dêr't wrâldferneamde personaazjes as Donald Duck en Mickey Mouse betocht waarden, wylst der ek klassike animaasjes fan spylfilmlingte makke waarden, lykas Snow White and the Seven Dwarfs, Cinderella en Bambi. Sûnt de 1950-er jierren hat it bedriuw him lykwols útwreide nei oare wurkterreinen, lykas de produksje fan gewoane films, it meitsjen en útstjoeren fan tillefyzjeprogramma's, it eksploitearjen fan ferdivedaasjeparken en merchandising fan konsuminteguod op basis fan ferhalen, films en personaazjes dêr't Disney de auteursrjochten op yn besit hat.

The Walt Disney Company
algemien
hist. namme Disney Brothers Cartoon Studio
The Walt Disney Studio
Walt Disney Productions
nasjonaliteit Amerikaansk
type publyk
sektor multymedia, amusemint
haadkertier Burbank (Kalifornje)
oprjochte 1923
oprjochter Walt Disney en Roy O. Disney
eigner oandielhâlders
fuortk. út Laugh-O-Gram Films
dochters sjoch ûnder difyzjes
sifers
omset $48,8 miljard (2014)
winst $8 miljard (2014)
wearde $84,2 miljard (2014)
aktyf yn de hiele wrâld
wurknimmers 180.000 (2014)
offisjele webside
thewaltdisneycompany.com

Dreech begjin

bewurkje seksje

Nei't syn eardere bedriuw, Laugh-O-Gram Films, yn 1923 yn Kansas City (Missoury) fajyt gien wie, ferfear tekenfilmmakker Walt Disney nei Hollywood, dêr't er him by syn broer Roy O. Disney joech. Tegearre rjochten se datselde jiers noch de Disney Brothers Cartoon Studio op, dy't yn 1926 omneamd waard ta de Walt Disney Studio, yn 1929 ta Walt Disney Productions, Ltd., en úteinlik yn 1986 syn hjoeddeiske namme krige. De earste produksje fan Disney wie in rige koarte films oer it famke Alice (fan Alice in Wonderland), spile troch aktrise Virginia Davis, dy't dêryn omgie mei tekenfilmfigueren. Dat wie gjin grut súkses, en likemin súksesfol wie it earste selsbetochte tekenfilmfiguer, Oswald the Lucky Rabbit, dy't auteursrjochtlik eigendom wie fan it distribúsjebedriuw, en net fan 'e Disney-studio's. Doe't konkurrint Charles Mintz yn febrewaris 1928 it distribúsjebedriuw oernaam fia in mêsk yn it kontrakt, kaapte er dêropta fjouwer fan 'e fiif wichtichste tekeners fan Disney (de útsûndering wie Ub Iwerks) en begûn syn eigen tekenfilmstudio, Snappy Comedies.

 
It haadkantoar fan 'e Walt Disney Studios.

Nei't er op dy sneue wize Oswald the Lucky Rabbit kwytrekke wie, betocht Walt Disney in nij tekenfilmfiguer, Mortimer Mouse, dy't er op oanrieden fan syn frou al rillegau omneamde ta Mickey Mouse. Nei twa stomme filmkes dy't net folle diene, ferskynde yn novimber 1928 it earste tekenfilmke mei lûd dat Mickey Mouse yn 'e haadrol hie, titele Steamboat Willie, en dat waard in grut súkses. Neitiid waarden de beide stomme filmkes, Plane Crazy en The Gallopin' Gaucho, ek fan lûd foarsjoen en yn 1929 op 'e nij útbrocht, mei folle grutter súkses as earst. Yn 'e folgjende jierren gie Disney troch mei it meitsjen fan filmkes mei Mickey Mouse yn 'e haadrol, wylst de studio dêrnjonken yn gearwurking mei Columbia Pictures ek de rige Silly Symphonies makke. Yn 1932 tekene Disney in eksklusyf kontrakt mei Technicolor om foar it earst tekenfilms yn kleur te produsearjen. De Disney-filmkes waarden publisearre fia Powers' Celebrity Pictures (1928-1930), Columbia Pictures (1930-1932) en United Artists (1932-1937).

Iere súksessen

bewurkje seksje

It súkses fan Mickey Mouse stelde Walt Disney by steat en meitsje plannen foar syn earste tekenfilm fan spylfilmlingte. Dat waard de klassiker Snow White and the Seven Dwarfs, basearre op it bekende mearke Sniewytsje, dêr't yn 1934 mei úteinset waard en dêr't trije jier oan wurke waard. Dy film waard úteinlik yn 1937 fia RKO Radio Pictures útbrocht en wie tsjin 1939 de meast winstmeitsjende film fan 'e tritiger jierren wurden. Mei it jild dat op dy wize fertsjinne wie, finansiere Disney de bou fan in nij studiokompleks fan 210.000 m² yn Burbank, dêr't it haadkantoar fan it bedriuw oant op 'e dei fan hjoed yn fêstige is.

Neitiid gie Disney troch mei it meitsjen fan koarte tekenfilms, mar ek mei de produksje fan lange films, dy't allegear klassikers waarden: Pinocchio (1940), Fantasia (1940), Dumbo (1941) en Bambi (1942). Doe't de Feriene Steaten nei de oanfal op Pearl Harbor by de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekken, waarden in protte wurknimmers fan Disney oproppen foar militêre tsjinst, wêrûnder in grut diel fan 'e tekeners. De Amerikaanske en Kanadeeske regearings lieten sokken lykwols har tsjinsttiid by Disney úttsjinje mei de produksje fan trenings- en propagandafilmkes. Tsjin 1942 wiene sadwaande 90% fan 'e 550 wurknimmers fan Disney mei soksoarte filmkes oan 'e gong, wêrfan't de bekendste it komyske propagandafilmke Der Fuehrer's Face, út 1943 is, wêryn't Donald Duck it tsjin Adolf Hitler opnimt.

 
Disneyland út de loft wei besjoen.

De fyftiger en sechstiger jierren

bewurkje seksje

Mei mar in stikmannich wurknimmers dy't beskikber wiene foar sokke projekten, en likemin folle jild, hiene de "gewoane" films dy't Disney yn 'e fjirtiger jierren makke, net folle om 'e hakken of wiene it samlings koarte filmkes, lykas The Three Caballeros (1944) en Melody Time (1948), dy't it net goed diene yn 'e bioskopen. Underwilens waard wol úteinset mei de produksje fan natoerdokumintêres en fan spylfilms mei tekenfilmsegminten. Nije lange tekenfilms waarden yn 'e fyftiger jierren útbrocht: Cinderella (1950), basearre op it mearke Jiskepûster; Alice in Wonderland (1951), basearre op Lewis Carroll syn Alice's Adventures in Wonderland; Peter Pan (1953); Lady and the Tramp (1955); Sleeping Beauty (1959), basearre op it mearke Toarnroaske; en One Hundred and One Dalmatians (1961). De earste spylfilm fan Disney dêr't gjin inkeld tekenfilmelemint oan te pas kaam, wie Treasure Island (1950). Yn 1953 beëinige Disney de gearwurking mei RKO, en foarme it ynstee syn eigen distribúsje-ûndernimming: Buena Vista Distribution.

Underwilens wie yn desimber 1950 foar it earst in Disney-produksje (mei as titel An Hour in Wonderland) te sjen west op 'e Amerikaanske tillefyzje. Fanôf oktober 1954 waard de earste Disney-tillefyzjesearje útstjoerd op ABC. Dat wie de rige Disneyland, dat de langstrinnende jûnstillefyzjesearje út 'e Amerikaanske skiednis wurde soe. ABC en Disney wurken ek gear by de ûntwikkeling fan it ferdivedaasjepark Disneyland, dat yn 1955 yn it Kalifornyske Anaheim fan start gie. Yn 1965 waard de oanlis fan in twadde ferdivedaasjepark oankundige, Disney World, yn Orlando, yn 'e steat Floarida, oan 'e oare kant fan it lân, dat yn 1971 iepen gie. Underwilens wie yn 1955 ek The Mickey Mouse Club úteinset, in bernesearje op 'e tillefyzje dêr't jonge artysten út 'e hiele Feriene Steaten oan meidwaan koene, en dy't nei ferrin fan tiid in begryp waard en oant 1996 fuortbestie. Ek moderne artysten as Britney Spears en Christina Aguilera binne oarspronklik harren karriêre begûn by The Mickey Mouse Club.

 
Walt Disney yn 1938.

Nei Walt Disney's dea

bewurkje seksje

Ein 1966 kaam Walt Disney oan 'e gefolgen fan longkanker te ferstjerren en naam syn broer Roy O. Disney de lieding oer it bedriuw oer, oant ek hy stoar, yn 1971. De lêste lange tekenfilm dêr't Walt Disney aktyf it tafersjoch oer hie, wie The Jungle Book, mar ek nei syn ferstjerren gie de studio troch mei it útbringen fan sokke klassikers, lykas The Aristocats (1970), Robin Hood en The Fox and the Hound (1981). Teffens gie yn 1968 de spylfilmrige oer de libbene Folkswein Kever Herbie fan start mei The Love Bug. Yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich sette Disney syn ekspânsje fuort troch yn 1983 mei The Disney Channel te begjinnen, in eigen kabeltillefyzjekanaal. Datselde jiers waard yn 'e Japanske haadstêd Tokio it earste ferdivedaasjepark bûten Amearika iepene. En yn 1984 rjochte Disney ûnder de namme Touchstone Films in dochterûndernimming op foar de produksje fan grutte spylfilmprojekten, wêrfan't it earste de tige súksesfolle film Splash wie (1984, mei Daryl Hannah as seemearmin).

Likegoed rekke Disney yn dy jierren yn ferhâlding mei de konkurrinten efterop. It wie in lôge reus wurden dy't him foarstean liet op súksessen út it ferline, yn in wrâld dêr't ynnovaasje en fluch ynspyljen op 'e merk hieltyd wichtiger waard. Tsjin 'e tachtiger jierren waard 70% fan 'e ynkomsten fan 'e korporaasje opbrocht troch de ferdivedaasjeparken. Yn 1984 besocht de Reliance Group Holdings, fan finansier Saul Steinberg, in fijannige oername fan Disney te dwaan, mei as doel om it bedriuw yn lytse stikken te brekken en dy troch te ferkeapjen. Hoewol't dat mislearre doe't Disney de oandielen fan Reliance útkocht, makke in oare oandielhâlder beswier tsjin dy rêdingsoperaasje, mei't syn oandielen dêrtroch minder wurdich wurden wêze soene. De rjochtsaak dy't dêrút fuortkaam waard yn 1989 foar in som fan $45 miljoen skikt.

Nei't sakeman Sid Bass yn 1984 in belang fan 18,7% yn Disney nommen hie, soarge dy dat Michael Eisner, dy't earder by Paramount Pictures wurke hie, de lieding oer Disney krige. Under Eisner kaam Touchstone Films in folle sintralere rol te spyljen binnen it bedriuw, mei hitfilms as Down and Out in Beverly Hills (1985), Ruthless People (1986), Outrageous Fortune (1987) en Pretty Woman (1990). Dêrnjonken wreide er Disney syn oandiel yn 'e tillefyzje en keapfideomerk út mei searjes as The Golden Girls en Home Improvement. Teffens kaam der ûnder Eisner syn bewâld nij elan by de tekenfilmdifyzje, dêr't films makke waarden as Who Framed Roger Rabbit (1988), The Little Mermaid (1989, basearre op De Lytse Wetterfaam), Beauty and the Beast (1991), Aladdin (1992) en The Lion King (1994). Dêropta ferskynden nije tekenfilmsearjes as Adventures of the Gummi Bears, Duck Tales en Darkwing Duck.

 
It Kastiel fan Jiskepûster yn Disney World.

Yn 'e njoggentiger jierren rjochte Disney in eigen útjouwerij op ûnder de namme Hyperion Books, en bejoech it him ek op it terrein fan muzyk foar folwoeksenen, mei de platemaatskippij Hollywood Records. Yn 1993 waard de studio Miramax Films oernommen, en yn 1995 fúzjearre Disney mei Capital Cities Communications, de memme-ûndernimming fan 'e Amerikaanske lanlike stjoerders ABC, A+E Networks en ESPN. Yn 1998 sette Disney syn earste stappen yn 'e ynternetyndustry mei de oankeap fan Starwave, en yn 1999 waard mei de doop fan 'e Disney Magic en it susterskip de Disney Wonder in eigen cruiserederij oprjochte. Yn 2004 kocht Disney fierders noch de rjochten op The Muppets (bekend fan Jim Henson syn Muppet Show), dy't ûnderbrocht waarden by de nije Disney-ûndernimming The Muppets Studio.

Nettsjinsteande it feit dat it Disney tige foar de wyn gie, wie Eisner tsjin dy tiid yn konflikt rekke mei twa ynfloedrike leden fan 'e ried fan bestjoer, Roy E. Disney (de soan fan oprjochter Roy O. Disney), en Stanley Gold. Uteinlik late dat der yn 2004 ta dat Eisner fuortstimd waard as presidint-direkteur. Hy waard yn 2005 opfolge troch Robert Iger, ûnder waans liederskip Disney it jiers dêrop de konkurrearjende tekenfilmstudio Pixar Animation Studios oernaam foar $7,4 miljard (útbetelle yn oandielen). Teffens krige Disney yn 2006 de rjochten op Oswald the Lucky Rabbit yn 'e hannen, it earste troch Walt Disney betochte tekenfilmfiguer. Yn 2009 waard fierders it strip-ympearium Marvel Entertainment oernommen, foar in priis fan $4,3 miljard, en yn 2012 kaam ek de studio Lucasfilm (fan George Lucas) by Disney te hearren. Maker Studios, in YouTube-bedriuw wêrfan't de filmkes jiers miljarden kearen besjoen wurde, waard yn 2013 oanskaft. Underwilens hie Disney ek ferdivedaasjeparken yn Parys en Hongkong iepene, en yn 2011 waard bekendmakke dat úteinset wie mei de bou fan in nij ferdivedaasjepark yn Sjanghai.

 
It haadkantoar fan The Walt Disney Company, yn Burbank.

Difyzjes en dochterûndernimmings

bewurkje seksje

Sûnt in reorganisaasje yn 2020 is The Walt Disney Company opboud út fiif grutte 'bedriuwssegminten': twa difyzjes en trije 'ynhâldsgroepen'. Fan 'e difyzjes is Disney Media & Entertainment Distribution (DMED) is ferwantwurdlik foar it hiele distribúsjeproses, ynkl. transport, ferkeap en reklame. De oare difyzje is Disney Parks, Experiences and Products (DPEP), dy't de ferdivedaasjeparken, cruiseskippen en oare soksoarte dingen omfiemet. Fan 'e 'ynhâldsgroepen' beslacht The Walt Disney Studios de filmstudio's, wylst Disney General Entertainment Content (DGE) de tillefyzjenetwurken omfettet en ESPN and Sports Contents him taliet op 'e live-programmearring fan sport fia ESPN.

Los fan 'e fiif bedriuwssegminten omfettet The Walt Disney Company ek noch inkele lytsere dochterûndernimmings, dy't streekrjocht ûnder it haadbestjoer falle, lykas de stripútjouwerij en filmstudio Marvel Entertainment, en The Walt Disney Company India, de Yndiaaske poat fan 'e multinational.

de 5 bedriuwssegminten (desimber 2020)
oare belangen

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Further reading, op dizze side.