The Bourne Legacy (film)
The Bourne Legacy is in Amerikaanske spionaazje-aksjeskriller út 2012 ûnder rezjy fan Tony Gilroy, mei yn 'e haadrollen Jeremy Renner en Rachel Weisz. De titel betsjut "De Bourne-Neilittenskip". De film wie de fjirde yn 'e Bourne-filmsearje en folge as sadanich op The Bourne Ultimatum út 2007. Hoewol't The Bourne Legacy deselde titel hat as de roman fan Eric van Lustbader út 2004, is de plot folslein oars. Wylst it boek oer Jason Bourne giet, de mei ûnthâldsferlies oanhelle âld-agint fan 'e CIA, folget de film Aaron Cross, in kommando fan 'e Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinst, dy't sjen moat te oerlibjen as Operaasje Outcome, dêr't er diel fan útmakket, omreden fan 'e dieden fan Jason Bourne yn 'e foargeande film opheft wurdt en alle belutsenen fan hegerhân eliminearre wurde. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. In fyfde diel yn deselde filmsearje, Jason Bourne, kaam út yn 2016 mei yn 'e haadrol wer Matt Damon as Jason Bourne.
The Bourne Legacy | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Tony Gilroy | |
produsint | Frank Marshall Patrick Crowley Jeffrey M. Weiner Ben Smith | |
senario | Tony Gilroy Dan Gilroy | |
basearre op | de romansearje fan Robert Ludlum | |
kamerarezjy | Robert Elswit | |
muzyk | James Newton Howard | |
filmstudio | Relativity Media The Kennedy/Marshall Company Captivate Entertainment | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Jeremy Renner Rachel Weisz | |
byrollen | Edward Norton Stacy Keach Dennis Boutsikaris Željko Ivanek | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 30 july 2012 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazje-aksjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 135 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $125 miljoen | |
opbringst | $276,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Bourne | |
● foarich diel | The Bourne Ultimatum | |
● folgjend diel | Jason Bourne |
Plot
bewurkje seksjeSeis wiken nei de ûntsnapping fan Jason Bourne út Moskou nei de foarfallen oan 'e ein fan The Bourne Supremacy, wurdt Aaron Cross nei Alaska ta stjoerd foar training. Hy is in agint fan in topgeheime 'swarte operaasje' fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, dy't Operaasje Outcome hjit. Aginten dy't dêrby belutsen binne, brûke pillen om harren lichaamlike en mentale kapasiteiten te fergrutsjen. Cross wurdt troch syn oerhearrigen by wize fan bestraffing foar it feit dat er in pear dagen foar himsels nommen hat, twongen om ekstreem waar te trotsearjen en dreech terrein te bereizgjen. As er syn doel berikt, in post yn 'e foarm fan in blokhutte djip yn 'e Alaskaanske wyldernis, blykt dy bemanne te wurden troch in oare Outcome-agint, nûmer 3, dy't dêrhinne ferballe is om't er fereale rekke wie (wylst dat net tastien is).
Underwilens kriget kolonel b.tsj. Eric Byer fan Mark Turso, dy't oan it haad fan Operaasje Outcome stiet, de taak om 'e skea te beheinen dy't oan 'e swarte operaasjes fan it Ministearje fan Definsje tabrocht wurde kin troch it iepenbier meitsjen fan it bestean fan 'e soartgelikense operaasjes Treadstone en Blackbriar fan 'e ynljochtingetsjinst CIA. Ynformaasje oer dy projekten is nammentlik troch tadwaan fan Jason Bourne, in eardere slûpmoardner fan 'e CIA dy't oan ûnthâldsferlies lijt, en fan 'e yntegere adjunkt-direktrise Pamela Landy net inkeld by de tafersjochskommisje fan it Amerikaanske Kongres mar ek by de media belâne.
Byer hoecht net fier te sykjen om in direkte konneksje te finen tusken de CIA-programma's en Outcome: de beide medyske grûnlizzers fan 'e harsensspielings- en gedrachsferoaringspraktiken, Albert Hirsch (fan Treadstone en Blackbriar) en Dan Hillcott (fan Outcome) giene yn it iepenbier mei-inoar om en der steane ferskate fideo's fan sosjale gelegenheiden dêr't se tegearre oanwêzich wiene op YouTube. Om foar te kommen dat de media, of slimmer noch, de ûndersykskommisje fan 'e Senaat, lucht fan 'e swarte operaasjes fan Definsje kriget, oarderet Byer de opheffing fan Outcome en de eliminaasje fan eltsenien dy't by dy operaasje belutsen is. Dêrmei hopet er it wichtiger supersoldateprogramma LARX út 'e wyn te hâlden.
Om Cross en nûmer 3 út te skeakeljen yn 'e frijwol ûnberikbere wyldernis fan Alaska set Byer in drone yn, dy't mei in raket de blokhutte opblaast. Nûmer 3 komt om, mar Cross, dy't krekt nei bûten gien wie, oerlibbet de moardoanslach. Hy wit mei syn skerpskuttersgewear de drone del te sjitten, wêrnei't Byer in twaddenien stjoert. Yn 'e tuskentiid fangt Cross lykwols in wolf út 'e ridel dy't him by syn hiele trektocht troch de wyldernis op 'e hakken sitten hat, en twingt it bist it radiofrekwinsje-identifikaasjestjoerderke troch te slokken dat er by syn eigen heup ûnder de hûd wei snien hat. As de twadde drone arrivearret, spilet de wolf fan rutens troch de tichtbegroeide taiga; de drone efterfolget it bist en blaast it op. Byer-en-dy ferkeare neitiid yn 'e misse oertsjûging dat se Cross út 'e ljochten holpen hawwe.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
By Sterisyn-Morlanta, in biogenetikabedriuw wêrfan't de research de basis fan Operaasje Outcome foarmet, draait ien fan 'e ûndersikers, dr. Donald Foite, troch en sjit dr. Hillcott en alle oare topminsken dea. Inkeld biogemiste dr. Marta Shearing wit oan it bloedbad te ûntkommen. As Foite konfrontearre wurdt mei de tahastige befeiligingsminsken, sjit er himsels troch de holle. De media hâlde it op in klassyk gefal fan moard-selsmoard, útfierd troch in sljochtsinnige of wrokjende wurknimmer, mar Shearing fermoedet dat it hâlden en dragen fan Foite moedwillich oanpast is mei de gedrachsferoarjende middels dy't by Sterisyn-Morlanta ûntwikkele wurde. De oare Outcome-aginten binne ûnderwilens ombrocht mei fatale nije piltsjes dy't se fan harren begelieders krigen hawwe. Byer hat dêrmei syn doel hàst berikt: inkeld dr. Shearing wit noch tefolle.
Cross is ûnderwilens wer dwers troch de wyldernis nei de bewenne wrâld reizge. Hy stelt in fleantúch op in ôfhandich fleanfjild en brûkt dat om nei de legere 48 steaten te fleanen. Syn pillen binne hast op en syn earste prioriteit is sadwaande om oan nije te kommen. Om't er foar syn lichaamlike ûndersiken altyd by Sterisyn-Morlanta wêze moast, set er dêrhinne. Ut 'e media fernimt er fan 'e sjitpartij, en dan beseft er dat Operaasje Outcome opheft is en alle belutsenen ôftanke wurde. Byer stjoert in team fan fjouwer moardners dy't harren foardogge as FBI-aginten nei de filla fan Shearing, djip yn 'e bosken. As dy har besykje te fermoardzjen op sa'n manear dat it liket as hat se de hân oan harsels slein, wurde se ûnderbrutsen troch Cross, dy't de moardners deadet.
Nei't se it hûs yn 'e brân stutsen hawwe, naaie Cross en Shearing tegearre út. Shearing hat gjin pillen foar Cross, mar se fertelt him dat syn lichaamlike ferbetterings ûnderwilens permanint makke binne troch genetyske manipulaasje fia in keunstmjittich firus, en dat er de pillen foar syn fysike ferbetterings al in healjier net mear nedich is. Cross riddenearret dat him dat nea ferteld is om't syn oerhearrigen him ôfhinklik hâlde woene. Hy hat lykwols noch altyd ferlet fan 'e pillen foar mentale ferbetterings. Shearing kin him datoangeande net helpe, en se fertelt him dat it fabryk dêr't de pillen makke wurde yn Manilla stiet, yn 'e Filipinen.
Dat syn pillen opreitsje, is in grut probleem foar Cross. Hy fertrout Shearing ta dat er fan natuere sa'n leech IQ hie dat de ofsier dy't him oarspronklik foar it Amerikaanske Leger rekrutearre, fraudearje moast troch der tolve punten oan ta te foegjen sadat er de minimale yntelliginsje hie om yn 'e Amerikaanske Striidkrêften tsjinje te meien. Letter soed er yn 'e Irakoarloch sneuvele wêze troch in bermbom, mar eins bedarre er doe by Operaasje Outcome. Sûnder syn keunstmjittich ferhege yntelliginsje sille Cross en Shearing gjin inkele kâns hawwe om te oerlibjen. Hy riddenearret dat, as syn lichaamlike ferbetterings troch in firus permanint makke wurde kinne, dat ek mooglik wêze moat mei syn mentale ferbetterings. Shearing jout ta dat it yn teory mooglik is, hoewol't er dêr likegoed oan deagean kin, en yn elts gefal moatte se dêrfoar ek nei Manilla.
Cross en de troch him oanhâldend fan op ôfstân coachte Shearing reizgje mei ferfalske paspoarten yn itselde fleantúch nei de Filipinen. Dêr oankommen, bluffe se harrensels nei binnen ta by it fabryk fan Sterisyn-Morlanta. Byer en syn team hawwe ûnderwilens yn it útbrânde hûs de stoflike omskotten fan it moardteam fûn. Troch bylden fan satelliten en befeiligingskamera's hawwe se Shearing folge nei de lofthaven. As se de foto's fan alle oare passazjiers fan itselde fleantúch besjogge, ûntdekke se dat Cross noch libbet. Se riddenearje út wat Cross yn Manilla moat en warskôgje de befeiliging fan it fabryk. Dy arrivearret lykwols te let om tsjin te kearen dat Shearing Cross ynjektearret mei it libbene firus. Shearing en Cross ûntsnappe út it fabryk en fine in ûnderdûkadres yn ien fan 'e sloppewiken fan Manilla. Underwilens aktivearret Byer LARX #3, in harsensspielde supersoldaat sûnder lykfol hokker skrupules of begrutsjen, dy't him op dat stuit yn Tailân befynt.
Cross rekket fan 'e wrâld troch gryp-eftige symptomen feroarsake troch it firus. Ear't er sa begjint te dwyljen dat er gjin sinnich wurd mear útbringe kin, fertelt er Shearing dat der yn 'e fuorring fan syn jas $40.000 yn kontanten en ferskate blanko paspoarten sitte. Hy drukt har op it hert om him efter te litten en op eigen manneboet út te naaien. Dat docht se lykwols net. As Cross de oare moarns in stik opbettere wekker wurdt, is er allinne, mar hy fynt in bryfke fan Shearing dat se om medisinen foar him út is. By de apteek dy't Shearing fûn hat, sjocht se in grutte plysjemacht foarbykommen. Se set der efteroan en ûntdekt dat de lokaasje fan Cross útlekt is. As de plysje op it ûnderdûkadres binnenfalt, ûntsnapt Cross oer de dakken fan 'e sloppewyk, efterfolge troch de ûnderwilens yn Manilla arrivearre LARX #3. Shearing moat ek drave foar har libben, efterfolge troch de plysje, mar Cross hellet har by en rêdt har as se ynsletten rekket.
Tegearre naaie se út op in stellen brommer, wêrnei't in wylde en lange efterfolging troch de plysje en LARX #3 op motors ûntstiet, dwers troch it drokke ferkear fan Manilla hinne. Cross en Shearing witte de plysje al rillegau ôf te skodzjen, mar LARX #3 ferwûnet Cross sa swier dat er op in stuit fan bloedferlies út 'e tiid rekket. Shearing wit de ûnderwilens ek swierferwûne rekke LARX #3 mei in goedpleatste skop tsjin syn motor op folle faasje tsjin in pylder oanride te litten, ear't ek sy en Cross ûnder fuotten reitsje. Dêrnei smeket hja in Filipynske boateigner om help.
Underwilens liicht Noah Vosen, de CIA-adjunkt-direkteur mei tafersjoch oer Operaasje Blackbriar, alles byinoar yn syn ferklearring oan 'e ûndersykskommisje fan 'e Senaat. Neffens him wie Blackbriar inkeld optuge om Jason Bourne op te spoaren en soe Pamela Landy lânferrie begien hawwe troch Bourne te helpen en de ynformaasje oer Treadstone en Blackbriar út te bringen oan 'e media. Landy komt troch syn ligerij sels yn 'e juridyske swierrichheden.
Yn 'e lêste sêne farre Shearing en in oplape Cross op in âlderwetske Filipynske boat nei it eilân Palawan. Ut harren hâlden en dragen is op te meitsjen dat se in romantyske relaasje begûn binne.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Aaron Cross | Jeremy Renner |
dr. Marta Shearing | Rachel Weisz |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Eric Byer | Edward Norton |
Mark Turso | Stacy Keach |
Terrence Ward | Dennis Boutsikaris |
dr. Donald Foite | Željko Ivanek |
Dita Mandy | Donna Murphy |
dr. Connie Dowd | Elizabeth Marvel |
Arthur Ingram | Michael Chernus |
Zev Vendel | Corey Stoll |
LARX #3 | Louis Ozawa Changchien |
Mackie | Shane Jacobson |
Outcome #3 | Oscar Isaac |
dr. Dan Hillcott | Neil Brooks Cunningham |
generaal Paulsen | John Douglas Thompson |
Pamela Landy | Joan Allen |
dr. Albert Hirsch | Albert Finney |
Noah Vosen | David Strathairn |
Ray Wills | Corey Johnson |
CIA-direkteur Ezra Kramer | Scott Glenn |
dronepiloat | David Wilson Barnes |
Leonard | Michael Berresse |
Joseph | John Arcilla |
kaptein | Lou Veloso |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeIt wie oarspronklike de bedoeling fan filmstudio Universal Pictures dat The Bourne Ultimatum út 2007, de trêde film fan 'e Bourne-rige, it lêste diel fan dy filmsearje wêze soe. Tsjin oktober 2008 wie der dochs al wer in nij diel yn preproduksje nommen, wêryn't de losse eintsjes út 'e earste trije films ôftriedde wurde soene. It wie de bedoeling dat George Nolfi it senario skriuwe soe. Matt Damon, dy't de rol fan Jason Bourne yn 'e earste trije films fertolke hie, sei mids 2009 dat er net beskikber wêze soe foar in fjirde film as dy troch in oare regisseur as Paul Greengrass makke wurde soe. Doe't Greengrass ein novimber 2009 bekendmakke de fjirde film net regissearje te wollen, liek dat de deastek foar de film te wêzen.
Yn juny 2010 waard lykwols Tony Gilroy by it projekt belutsen, dy't as senarioskriuwer meiwurke hie oan 'e trije foargeande films. Hy en syn broer Dan Gilroy betochten in nij ferhaal oer in nij personaazje, Aaron Cross, dy't yn 'e swierrichheden rekke troch de dieden fan Jason Bourne. Se besleaten de film The Bourne Legacy te neamen, om't dat in tapaslike titel wie, mar de plot hie hielendal neat te krijen mei de roman mei dyselde namme út 2004 fan Eric van Lustbader. As produsinten wiene Frank Marshall, Patrick Crowley, Jeffrey M. Weiner en Ben Smith yn it projekt behelle foar de produksjestudio's Relativity Media, The Kennedy/Marshall Company en Captivate Entertainment. Der wie foar de film in budget beskikber fan $125 miljoen.
De kamerarezjy fan The Bourne Legacy wie yn 'e hannen fan Robert Elswit, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Newton Howard. Hoewol't de film foar it meastepart yn en om Washington, D.C. spilet, wie dy stêd yn 'e film eins inkeld te sjen yn shots fan 'e skyline. De opnamen fûnen foar in grut part plak yn 'e Kaufman Astoria Studios yn 'e New Yorkske borough Queens. De âlde filla fan Shearing stie eins yn Hudson (New York), mar waard inkeld brûkt foar bûtendoarshots; de binnendoarsênes waarden yn 'e studio opnommen. De sênes yn 'e Alaskaanske wyldernis waarden filme yn it Kanadeeske Alberta. Op 'e Filipinen waard filme yn Manilla en yn 'e baai fan El Nido, op Palawan.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan The Bourne Legacy waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 30 july 2012 yn New York yn premiêre en iepene dêrnei op 10 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. De Aziatyske premiêre fûn plak op 5 augustus yn Manilla. De soundtrack waard op 7 augustus as muzykalbum útbrocht troch platemaatskippij Varèse Sarabande. The Bourne Legacy kaam op 11 desimber 2012 út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeThe Bourne Legacy krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter skreau dat "de neilittenskip (legacy) fan 'e searje fermindere [wurdt] troch dizze adekwate, mar ûnynspirearrre fjirde ôflevering." Yn 'e Chicago Sun-Times joech Roger Ebert de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy fûn: "The Bourne Legacy is altyd oangripend yn it momint sels. It probleem is om al dy mominten op te tellen en der wat sinnichs út te krijen. Ik jou grif ta dat ik teminsten de earste tritich minuten gjin dúdlik idee hie wêrom't alles barde. De dialooch sit gjin fleis tefolle oan, de kamerarezjy is boeiend, mar de plot is in dizenige tizeboel." Peter Debruge fan it tydskrift Variety skreau dat de kombinaasje fan 'e "elegante" kamerarezjy en de "feardige" filmmontaazje fan The Bourne Legacy in film makket dy't "makliker ta jin te nimmen is as Greengrass syn hyperkinetyske dokumintêre-eftige styl, mar it yngewikkelde senario bewissiget dat it it filmpublyk likegoed oer de meuch gean sil."
Yn 'e Los Angeles Times joech Kenneth Turan The Bourne Legacy lykwols in tige positive resinsje. Hy neamde de film "in foarbyldige spionaazjeskriller mei in sterk besef fan wat er berikke wol en hoe't er dêr komme moat." Lisa Schwarzbaum fan Entertainment Weekly joech de film in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10 en skreau: "Gilroy, dy't as senarioskriuwer dizze filmrige fan it begjin ôf staljûn hat, ruilet de spande ritmes dy't yn 'e lêste beide ôfleverings troch Paul Greengrass fêstige waarden, yn foar eat dat mear reälistysk is en minder heechdravend. De feroaring is ferfrissend. De neilittenskip fan Jason Bourne is yn goede hannen."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Bourne Legacy in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 227 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hy is net alhiel like oangripend as de eardere trilogy, mar [dizze film] bewiist dat de franchise noch ferhalen hat om te fertellen – en ûnderfynt foardiel fan it magnetyske optreden fan Jeremy Renner yn 'e haadrol." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Bourne Legacy in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 42 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeThe Bourne Legacy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $113,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $162,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $276,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $125 miljoen betsjut dat in winst fan $151,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan The Bourne Legacy
- (in) Ynformaasje oer The Bourne Legacy yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Bourne (filmsearje) | |
---|---|
The Bourne Identity (2002) • The Bourne Supremacy (2004) • The Bourne Ultimatum (2007) • The Bourne Legacy (2012) • Jason Bourne (2016) |