Teroele
Teroele is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren oan 'e eastkant fan 'e Kûfurd.
Teroele | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 25 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8524 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' N 5° 43' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Teroele yn 'e gemeente Skarsterlân. |
De súdlike hoeke by de Jiskenhúster Mar heart offisjeel by Jiskenhuzen, mar romtlik by Teroele. Dêr steane in stik as wat pleatsen oan ynhammen en opfearten byinoar en der binne in pear rekreaasjewenningen op 'e wâlskanten boud. Teroele is mar lyts, mar it doarp hat in haven en troch de lokaasje oan it wetter is der wat toerisme.
Teroele hat 25 (1 jannewaris 2023) [2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme fan it doarp wie oarspronklik Ter Welle, nei it rivierke De Welle. It betsjut dus 'oan it wetter'. De namme waard letter Teroele, dêr't de famyljenamme 'Troelstra' fan ôflaat is. Yn 1744 kocht Jelle Jenties, in foarfaer fan Piter Jelles Troelstra, dêr in pleats.
De klokkestoel fan Teroele waard om 1600 hinne boud by de tsjerke dy't der doe noch stie. De neffens benefisjaalboeken út 1543 oan Sint-Jakobus wijde tsjerke is yn likernôch 1700 ôfbrutsen. It hat in âlde tsjerke west, want der is in sarkofaach út it midden fan 'e 11e iuw fûn. Ek is de âlde alterstien fan foar de reformaasje bewarre bleaun, wêrop de wijingskrúskes noch te sjen binne.[3]
De klok fan 'e stoel is yn 1621 getten troch Jan Burgerhuys. De konstruksje is in stikmannich kearen fernijd, ûnder mear yn 1723 en foar it lêst yn 1974.
Noardlik fan Teroele leit it like lytse doarpke Diken. Lykas Teroele hat ek Diken in klokkestoel, dêr't oant it begjin fan de 18e iuw in tsjerke stien hat.
Op it doarpsgebiet fan Teroele stiet ek in wynmotor út it begjin fan 'e 20e iuw, dy't al in hiel skoft oan it fertutearzen is en yn 2007 al yn tige minne steat wie.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 wie Teroele part fan 'e eardere gemeente Doanjewerstâl. Dêrnei lei Teroele yn 'e gemeente Skarsterlân en sûnt de weryndieling fan 2014 yn 'e gemeente De Fryske Marren.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 72 | 51 | 59 | 57 | 48 | 47 | 20 | 20 |
Ofbylden
bewurkje seksjeStrjitten
bewurkje seksjeTeroele hat mar ien strjitte, de Piter Jelles Troelstrawei. De strjitte is ferneamd nei Piter Jelles Troelstra, dy't hjir in tal gedichten skreaun hat. Om 't syn foarfaars út Teroele kamen wie Teroele foar Piter Jelles Troelstra in 'stikje hillige grûn'.[4]
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|