[go: up one dir, main page]

Astronomy

(Trochferwiisd fan Stjerrekunde)

Astronomy of stjerrekunde is de wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de observaasje en útlis fan alles bûten de atmosfear.

Planetêre dize (MZ3). It gas fan dizze stjerrende stjer wurdt symmetrysk útsmiten
Teleskoop
De Draaikolknevel (Messier 51)

De astronomy bestudearret ferskate objekten, lykas:

Der binne ferskate fjilden yn de astronomy:

Wichtige jiertallen

bewurkje seksje

Foar Kristus:

  • likernôch 500: Pytagoristen proklamearje dat de ierde om in sintraal himellichem beweecht.
  • likernôch 382: Yn Grikelân komt Meton fan Atene mei in lunisolêre kalinder.
  • 382: Demokrit beskriuwt de molkwei as in stjerrestelsel.
  • 374: Matematysk-astronomyske skoalle fan Eudoxus.
  • 289: Aristarchus berekkenet de ôfstân en grutte fan de sinne en de moanne.
  • 288: Eratostenes berekkenet de omfang fan de ierde frij sekuer op 39816 kilometer.
  • 131: Hipparchus beskriuwt 1008 stjerren.

Nei Kristus:

 
Geosintrysk model fan de kosmos út Peter Apian's Cosmographia, Antwerp 1539
  • 153: Geosintrysk wrâldbyld fan Ptolemaeus.
  • 1250: Planetetafel fan Alfons X fan Kastylje.
  • 1543: Oer de omwintelings fan de himellichems fan Copernicus wurdt publisearre.
  • 1610: G. Galilei ûntdekt de sinneflekken. Fierders stelt er fêst dat Fenus lykas de moanne fases hat, en yn in baan om de sinne draait.
  • 1655: Huygens ferklearret de ring om Saturnus en ûntdekt de earste moanne om Saturnus hinne.
  • 1676: Berekkening fan de ljochtsnelheid troch Ole Rømer.
  • 1679: Halley bestudearret de súdlike stjerrehimel.
  • 1687: Wet fan de swiertekrêft fan Newton.
  • 1781: Wilhelm Herschel ûntdekt de planeet Uranus.
  • 1796: Teory oer it ûntstean fan it sinnestelsel troch Laplace.
  • 1843: Samuel Schwabe skriuwt as earste oer de syklus fan de sinneflekken.
  • 1846: Johann Gottfried Galle ûntdekt Neptunus nei oanwizings fan Urbain Le Verrier .
  • 1877: De Marskanalen wurde foar it earst sjoen.
  • 1913: Publikaasje fan it Hertzsprung-Russelldiagram.
  • 1917: De ôfstân fan de Andromedadize wurdt beskieden troch Heber Doust Curtis.
  • 1929: Neffens in berekkening fan Edwin Hubble wreidet it hielal him út.
  • 1930: Untdekking fan Pluto troch Clyde Tombaugh.
  • 1931: Mjitting fan radiostrielen út it hielal wei.
  • 1946: Begjin fan de ûntjouwing fan de radioastronomy.
  • 1952: Jan Hendrik Oort steld de spiraalskruktuer fan in diel fan de molkwei fêst.
  • 1958: De Van-Allen-Gurdle wurdt ûntdekt.
  • 1962: De Amerikaanske romtesonde Mariner 2 berikt op 14 desimber de planeet Fenus.
  • 1963: De earste kwasar wurdt ûntdekt.
  • 1965: Romtesonde Mariner 2 ûndersiket it Marsoerflak.
  • 1966: De Sowjet romtesonde Luna 10 is de earste satellyt dy't yn in baan om de moanne brocht wurdt.
  • 1967: Untdekking fan de earste Pulsar.
  • 1969: De Space Shuttle's Apollo 11 en 12 lâne op de moanne.
  • 1975: De romteskippen Viking 1 en 2 sette nei Mars.
  • 1977: Begjin fan de Voyager 1 en 2 missy, dy't Jupiter (1979) en Saturnus (1980) en Uranus (1986) ûndersiket.
  • 1978: Untdekking fan de Pluto moanne Charon.
  • 1979: Untdekking fan in tinne ring om Jupiter.
  • 1986: De Europeeske romtesonde Giotto ûndersiket de komeet Halley; Untdekking fan in supernova yn de Magelhaanske wolken.
  • 1989: De satellyt Hipporcos berekkenet it krekte plak fan 120.000 stjerren.
  • 1990: De romteteleskoop Hubble en de röntgensatellyt ROSAT wurde yn in baan om de ierde brocht.
  • 1994: Ynslach fan ôfbrutsen parten fan de komeet Shoemaker-Levy 9 op Jupiter.
  • 1995: De romtesonde Galileo arrivearret nei seis jier by de planeet Jupiter.
  • 1995/96: Untdekking fan de earste planeten om in stjer dy't op ús sinne liket.
  • 1997: Romtesonde Pathfinder komt oan op Mars.
  • 1998: De Amerikaanske romtesonde Lunar Prospector fynt iis op de moanne.
  • 2001: Lâning fan de NASA-romtesonde NEAR Shoemaker op de asteroïde Eros.
  • 2003: Untdekking fan de planetoïde Sedna.
  • 2005: Lâning fan de Huygens-romtesonde op Titan, in moanne fan Saturnus.
  • 2006: Romtesonde Stardust bringt foar de earste kear yn de skiednis stof fan in komeet (Wild 2) nei ierde; Pluto ferliest syn status as planeet en wurdt tenei as dwerchplaneet klasifisearre.
  • 2007: De earste planeet dy't op ús ierde liket wurdt ûntdekt op 20 ljochtjierren distânsje fan de ierde (G1581 c).