[go: up one dir, main page]

In spin-off (útspr.: ['spɪnɔ:f]) is in Ingelske term op it mêd fan 'e tillefyzje, radio, literatuer, fideospultsjes, ensfh., wêrby't tsjut wurdt op in ferheljend wurk fan lykfol hokker soarte, dat fuortkomt út in oar, earder besteand mar soartgelikens wurk. In spin-off leit him mear bysûnder ta op in beskaat aspekt fan it orizjinele wurk (in beskaat ûnderwerp, personaazje, foarfal, ensfh.).

Om in foarbyld te jaan, de bekende Amerikaanske tillefyzjekomeedzjesearje Frasier, oer de labile psychiater Frasier Crane, wie in spin-off fan 'e eardere komeedzjesearje Cheers, oer in kroech yn Boston, wêryn't Frasier Crane ien fan 'e stamgasten wie en in minder wichtich personaazje. Frasier pakte de trie fan Crane syn libben op op it punt dêr't Cheers ophold, mar as in spin-off yn itselde gronologyske tiidsramt bestiet as it orizjinele wurk, lykas by de tillefyzjesearjes Buffy the Vampire Slayer (orizjineel) en Angel (spin-off), dan wurdt de spin-off ek wol in sidequel (útspr.: ['sa:idkwǝl]) neamd, in term dy't in gearlûking fan side ("side") en sequel ("ferfolch"). Spin-offs bringe soms sels ek wer spin-offs fuort, wêrby't de nije spin-off dan oer it algemien noch mar dizenich ferbûn is mei it orizjinele wurk.

Yn 'e marketingyndustry wurdt de term spin-off ek wol brûkt. Dêr wurdt dermei ferwiisd nei in nij produkt fan in oar soarte, dat troch in besteand bedriuw oanpriizge wurdt ûnder in fêstige merknamme. Sa'n marketingstrategy wurdt ek wol brand extension neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.