[go: up one dir, main page]

Sacramento (Kalifornje)

haadstêd fan Kalifornje, Feriene Steaten

Sacramento is de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en teffens it haadplak fan it omlizzende Sacramento County. De stêd leit yn 'e Sintrale Delling, yn 'e regio Noardlik Kalifornje, op it plak dêr't de rivieren de Sacramento en de American gearfloeie. Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Sacramento doe goed 485.000 ynwenners, wêrmei't it 6e stêd fan Kalifornje is. De hiele stêdekloft fan Sacramento hat 2,2 miljoen ynwenners.

Sacramento
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Sacramento County
Sifers
Ynwennertal 485.199 (2014)
Oerflak 259,3 km² (ynkl. wetter)
253,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.861,9 / km²
Stêdekloft 2.149.000 (2012)
Hichte 7,6 m
Oar
Stifting 1848
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 38°33′20″N 121°28′08″W
Offisjele webside
www.cityofsacramento.org
Kaart
De lizzing fan Sacramento yn Sacramento County en yn 'e steat Kalifornje.

Sacramento is ferneamd nei de rivier de Sacramento. Bynammen fan 'e stêd binne: the Capital City ("de Haadstêd"), the River City ("de Rivierestêd" of "de Stêd oan 'e Rivier"), the Big Tomato ("de Grutte Tomaat"), en the City of Trees ("de Beammestêd").

 
It haadgebou fan Sutter's Fort of Nij-Helveesje.

De Súdlike Maidû en Flakte-Miwok libben al iuwen, miskien al tûzenen jierren, yn 'e krite fan Sacramento foar't it gebiet foar it earst troch blanken besocht waard. De earste Jeropeaan dy't der kaam, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Gabriel Moraga, dy't de krite òf yn 1799, òf yn 1808 oandie, en sawol de Sacramento-delling (it noardlike part fan 'e Sintrale Delling) as de rivier de Sacramento syn namme joech en ferneamde nei it hillich sakramint fan 'e eucharistyfiering. It gebiet makke diel út fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje oant dy yn 1821 syn ûnôfhinklikheid wûn ûnder de namme Meksiko.

Yn 1839 arrivearre de Switserske ymmigrant Johann August "John" Sutter, dy't mei tastimming fan de Meksikaanske oerheid deunby it hjoeddeistige Sacramento in partikuliere Switserske koloanje en delsetting stifte dy't er Nij-Helveesje neamde, mar dy't nei it haadgebou al rillegau bekend kaam te stean as Sutter's Fort. Yn 1840 begûn Sutter 2.000 fruitbeammen te plantsjen, wat it begjin foarme fan 'e lânbou yn 'e Sacramento-delling. Nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch moast Meksiko it hjoeddeistige Kalifornje en it Amerikaanske Súdwesten yn 1848 by it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo oan 'e Feriene Steaten ôfstean.

Datselde jiers briek de Kalifornyske Goudkoarts út, dy't ek de Sacramento-delling trof doe't der te Coloma, 80 km noardeastlik fan Sutter's Fort, goud ûntdutsen waard. De goudkoarts betsjutte de ein foar Sutter syn Switserske koloanje, doe't it gebiet oerspield waard troch in floedweach fan tsientûzenen goudsikers út it Easten, dy't de oarspronklike Switserske kolonisten ta in lytse minderheid makken. Sutter syn soan, John Augustus Sutter jr., stifte dêrop yn 'e mande mei Sam Brannan, mar tsjin 'e wil fan syn heit yn, de stêd Sacramento, dy't er om kommersjele redens ferneamde nei de rivier de Sacramento. Yn 1849 naam Sacramento op eigen manneboet stedsrjochten oan, in gong fan saken dy't yn 1850 erkend waard troch it Steatskongres fan Kalifornje. Dêrmei is Sacramento de âldste stêd fan Kalifornje.

Yn 'e 1850-er jierren begûn Sacramento fluch te groeien, al hie it yn it begjin te kampen mei wettersneed, brannen en goalera-epidemyen. Yn 1854 waard it de haadstêd fan Kalifornje (hoewol't it steatsregear yn 1861 fanwegen wettersneed koarte tiid nei San Fransisko útwike moast). It steatskapitool kaam ôf yn 1874. Nei't de stêd yn 1856 berikt waard troch it spoar (fanôf de westkust, by San Fransisko), ûntjoech Sacramento him ta in sintrum fan hannel, dat doedestiden ek wol de Boomtown on the River neamd waard. Fanwegen de strategyske lizzing fan 'e stêd waard Sacramento it westlike einpunt fan 'e Pony Express en letter in wichtige halte oan it Earste Transkontinintale Spoar, wêrmei't in maklike ferbining mei it Easten fan 'e Feriene Steaten ûntstie.

 
Rekonstruksje fan 'e earste skouboarch fan Kalifornje, it Eagle Theatre.

Yn 1920 naam Sacramento syn hjoeddeistich sjarter oan, dat de bestjoersfoarm mei in gemeenterie en stedsmanager (in soarte fan boargemaster) omfieme, dy't tsjintwurdich noch brûkt wurdt. Troch de oanlis fan in kanaal waard de stêd yn 1963 foar de skipfeart makliker te berikken. Yn 1964 waard de foarstêd North Sacramento by de gemeente lutsen, yn 'e santiger, tachtiger en njoggentiger jierren folge troch de anneksaasje fan lytsere plakken yn 'e Natomas-krite. De lettere presidint Ronald Reagan wie yn 1967 de lêste gûverneur fan Kalifornje dy't permanint yn Sacramento wenne. Doe't brânwachten de âlde gûverneursresidinsje as brângefaarlik oanmurken, liet Reagan nammentlik ûnder ynfloed fan syn frou Nancy yn 'e rike foarstêd Carmichael in nije residinsje sette, dy't ôfkaam krekt doe't Reagan begjin 1975 gûverneur-ôf wie. Syn Demokratyske opfolger Jerry Brown wegere lykwols om him dêr nei wenjen te setten; de nije residinsje waard yn 1982 ferkocht en sûnt hawwe de gûverneurs fan Kalifornje altiten yn ymprovisearre omstannichheden wenje moatten.

Sacramento hjoed de dei

bewurkje seksje

Tsjintwurdich stipet de ekonomy fan Sacramento foar in grut part op 'e túnbou yn it omlizzende gebiet, dy't de oanfier foar de konserve- en oare itensmiddelsyndustry yn 'e stêd geande hâldt. Oare tûken fan yndustry yn Sacramento binne auto- en masinefabriken en de houtyndustry. Ek it toerisme is fan grut ekonomysk belang. De grutste wurkjouwer yn 'e stêd is de steat Kalifornje mei hast 70.000 banen, folge troch Sacramento County mei 11.500 banen en it UC Davis Medysk Sintrum (in akademysk sikehûs) mei 7.700 banen. De gemeente Sacramento sels stiet op it alfde plak, mei 4.100 banen.

 
It Steatskapitoal fan Kalifornje.
 
It B.F. Hastings-gebou út 1853, it westlike einstasjon fan 'e Pony Ekspress.
 
De Tower Bridge oer de rivier de Sacramento, boud yn 1935.

Sacramento is de thúsbasis fan it basketbalteam de Sacramento Kings. Fierders is de Kalifornyske Steatsuniversiteit (Sacramento) yn 'e stêd fêstige, dy't yn 2004 31.000 studinten hie. De Universiteit fan Kalifornje hat in kampus, UC Davis, yn 'e foarstêd Davis. Toeristyske attraksjes yn Sacramento binne it Histoarysk Steatspark Ald-Sacramento, it âldste part fan 'e stêd, mei in grut tal gebouwen dy't datearje út 'e 1850-er en 1860-er jierren, lykas it B.F. Hastings-gebou út 1853, dat tsjinne hat as de sit fan it Heechgerjochtshôf fan Kalifornje en as it westlike einstasjon fan 'e Pony Express. Fierders is der in rekonstruksje fan it Eagle Theatre, de earste skouboarch fan Kalifornje, en stiet ek it haadgebou fan Sutter's Fort noch altyd. Op it mêd fan museä moat benamme it Crocker Art Museum neamd wurde, it âldste keunstmuseum bewesten de Mississippy.

Susterstêden

bewurkje seksje

Dit binne de susterstêden fan Sacramento, op folchoarder fan it oangean fan 'e stêdebân:

Neffens in offisjele skatting fan it Amerikaanske Folkstellingsburo (op basis fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Sacramento yn 2014 in befolking fan rom 485.000 minsken. Teffens wie doe 10,6% fan 'e befolking âlder as 65 jier en 24,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 30,5% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 20,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (ynkl. 29,5% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier). Yn 2010 hearde 10% fan 'e befolking fan Sacramento ta de homoseksuële, lesbyske en biseksuële mienskip.

Untjouwing fan it ynwennertal
  • 1850 -     6.820
  • 1860 -   13.785
  • 1870 -   16.283
  • 1880 -   21.420
  • 1890 -   26.386
  • 1900 -   29.282
  • 1910 -   44.696
  • 1920 -   65.908
  • 1930 -   93.750
  • 1940 - 105.958
  • 1950 - 137.572
  • 1960 - 191.667
  • 1970 - 257.105
  • 1980 - 275.741
  • 1990 - 369.365
  • 2000 - 407.018
  • 2004 - 454.330
  • 2010 - 466.488

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 34,5% blanken; 26,9% Latino's; 17,8% Aziaten; 16,6% swarten; 1,4% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,1% Yndianen; 1,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e Latino's wiene de grutste subgroepen: Meksikanen (22,6% fan 'e totale stedsbefolking), Portorikanen (0,7%) en Salvadoranen (0,5%). Fan 'e Aziaten wiene de grutste subgroepen: Sinezen (4,2%), Hmong (3,3%), Filipino's (2,8%), Ynjers (1,6%), Fjetnamezen (1,4%), Laotianen (1,2%) en Japanners (1,2%). Fan 'e Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs wiene de grutste subgroepen: Fidzjianen (0,6%), Tonganen (0,2%) en Samoänen (0,2%).

 
Stephen Kern Robinson.
 
Greta Gerwig.
 
Kayden Kross.

Berne yn Sacramento

bewurkje seksje

Sacramento hat in Mediterraan klimaat, mei hjitte, drûge simmers en wiete, mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,4 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 12,1 °C. Rekôrtemperatueren wiene 46 °C op 17 july 1925 en –8 °C op 11 desimber 1932. Sacramento kriget jiers trochinoar 470,4 mm delslach. Snie falt yn 'e stêd mar selden; it rekôr stiet op 8,9 sm op 4 jannewaris 1888. Sûnt 1900 hat him mar by trije gelegenheden sniefal fan betsjutting foardien, en de lêste kears dat dat barde, wie yn 1976.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.