[go: up one dir, main page]

Pius VII (berne 14 augustus 1742 yn Cesena (Tsjerklike Steat) as greve Luigi Barnaba Niccolò Maria Chiaramonti; † 20 augustus 1823 yn Rome) wie sûnt 1800 oant syn dea de 251e paus fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Op 15 augustus 2007 krige er fan paus Benediktus XVI yn oanrin fan it sillichferklearringsproses de titel fan 'earbiedweardige tsjinstfeint fan God'.

Pius VII
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 18001823
foargonger Pius VI
opfolger Leo XII
wapen
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Luigi Barnaba Niccolò Maria Chiaramonti
bertedatum 14 augustus 1742
berteplak Cesena
stjerdatum 20 augustus 1820
stjerplak Rome
etnisiteit Italjaansk

Luigi Barnaba Chiaramonti gie yn 'e âldens fan op 13 jier nei it benediktynske kleaster Santa Maria del Monte by Cesena en naam as syn oardenamme Gregorio oan. Nei de stúdzjes filosofy en teology wied er professor oan 'e seminaria fan syn oarder yn Parma en Rome.

Paus Pius VI, in freon fan syn famylje, beneamde him as abt fan it kleaster fan San Callisto yn Rome. Dêrnei waard er yn 1782 beneamd ta biskop fan Tivoli, dêrnei wied er sûnt 1784 biskop fan Imola en op 14 febrewaris 1785 makke de paus him úteinlik kardinaal-preester fan San Callisto. Nei ferskate opstannen moast kardinaal Chiaramonti, dy't in bestjoer fan kompromissen fierde, Imola ferlitte en nei syn berteplak Cesena werom gean.

By de Frânske ynfal yn Noard-Itaalje yn 1797 (Italjaanske Kampanje), wiisde kardinaal Chiaramonti iepenlik fergees ferset ôf. Doe't de stêd Lugo him lykwols doch fersette en in doel fan plondering waard, gie de kardinaal nei de Frânske generaal Augereau om mei sukses in ein oan 'e plondering te meitsjen.

 
Tiara fan paus Pius VII (1800).

Nei de dea fan Pius VI, dy't revolúsjonêren spytgnyskjend 'Pius de Lêste' neamden, waard yn Feneesje yn 'e abdij fan San Giorgio Maggiore ûnder Eastenrykske proteksje in konklaaf organisearre. It konklaaf duorre trije moanne om't ferskate kandidaten polityk net akseptabel wiene foar de Eastenrikers of de Frânsen. Lang om let waard Barnaba Chiaramonti as in neutrale kandidaat nei foarren skood. Hy waard yn maart 1800 ta de nije paus keazen en op 21 maart dat jier ta paus Pius VII kroand. Om't de pauslike regalia troch de Frânsen stellen wiene, waard dêrby in kroan fan papier-maché brûkt. De kroaning fûn plak yn 'e abdijtsjerke fan San Giorgio Maggiore.

It pontifikaat fan Pius VII stie yn it skaad fan 'e Frânske Revolúsje. In soad besittings fan 'e Tsjerke waarden ûnteigene en it ynstitút waard marzjinalisearre. Underhannelings mei Napoleon Bonaparte laten ta it histoaryske Konkordaat fan 1801, dat de relaasje fan 'e Katolike Tsjerke mei de Frânske steat foar de folgjende 104 jier regele. Dêryn waard de erkenning fan 'e paus ôftwongen, dat de katolike tsjerke langer gjin steatsgodstsjinst fan Frankryk wie, ek al hearde de grutte mearderheid fan 'e Frânsen noch ta dy tsjerke. Letter foege Napoleon dêr noch betingsten oan ta dy't it tefersjoch op de Roomsk-Katolike Tsjerke ferskerpen en de ynfloed fan 'e paus yn Frankryk fierder beheinden.

Yn 1806 rûn it skeel tusken de keizer en de paus wer út de klauwen: Napoleon ferklearre dat de paus de fakto syn ûnderdaan en hy ferwachte dat de paus aksje tsjin syn fijannen ûndernimme soe. De paus protestearre diplomatyk en dúdlik en wegere oan in oarloch mei te dwaan. Op 2 febrewaris 1808 besetten Frânske troepen ûnder lieding fan generaal Miollis Rome en op 16 maaie 1809 folge de formele anneksaasje fan 'e Tsjerklike Steat troch Frankryk. Dat late op 10 juny 1809 ta de ekskommunikaasje fan Napoleon en yn 'e nacht fan 5 op 6 july waard de paus oppakt en as finzene nei Savona by Genua brocht, dêr't in leger oan soldaten de paus bewaakte.

 
Appartement du Pape, kastiel Fontainebleau.

Nei syn deportaasje nei Frankryk waard de paus yn 1812 yn it geheim oerbrocht nei it kastiel Fontainebleau. Dêr twong Napoleon de yntusken sike en ôfmêde paus om ôfstân te dwaan fan 'e Tsjerklike Steat, dat bekend waard as it konkordaat fan Fontainebleau. De paus sei lykwols twa moanne letter it konkordaat op en ek al waard der sterke druk op Pius útoefene, hy bleau him fersetten tsjin Napoleon's easken en wegere langer nije biskoppen yn Frankryk te beneamen, salang't er finzen siet. Pius gie sels in kear yn hongerstaking.

Nei de abdikaasje fan Napoleon koe Pius yn maaie 1814 werom nei Rome gean. Troch de resolúsjes fan it Kongres fan Wenen yn 1815 krige de paus de Pauslike Steat werom. Nettsjinsteande de minne behanneling fan Napoleon ferliende Pius VII Napoleon's famylje asyl yn Rome. Op 7 augustus 1814 rehabilitearre de paus de Jezuïteoarder. Hy hope dêrmei op in oerwinning fan 'e Ferljochting en in weropbloei fan it godstsjinstich en tsjerklik libben.

Troch syn diplomatike feardichheden en oanpassingsfermogen soarge er foar it herstel fan it pausdom as sintrum fan 'e Katolike Tsjerke en as morele autoriteit. By de restauraasje fan 'e Pauslike Steat krige er in soad stipe fan kardinaal Agostino Rivarola krige. Op it diplomatike mêd waard de paus ûnderstipe troch kardinaal-steatssekretaris Ercole Consalvi, dy't it Konkordaat fan 1801 útûnderhannele hie. Mei it sluten fan it Konkordaat mei it Keninkryk Sisylje yn febrewaris 1818 wist Pius politike en religieuze spanningen tusken de Pauslike Steat en Sisylje op te lossen. Nei ûnderhannelings mei kening Loadewyk XVIII waard yn 1819 wer in pauselike nuntiatuer yn Parys oprjochte.

Ferhâlding Tsjerke en Steat

bewurkje seksje

Wat de relaasje tusken Tsjerke en Steat oanbelanget moast de paus neat ha fan al te liberale ideeën. Dat die bliken út de apostoalyske brief oan 'e biskop fan Troyes út 1814 (Post tam diuturnas), dy't er skreau nei oanlieding fan it konsept fan 'e Senaatskonstitúsje fan 6 april 1814. De paus feroardielde, njonken it net erkennen as katolisisme as steatsreligy en it net neamen fan God, fral de yn Art. 22 neamde yndividuele religy- en gewissefrijheid skerp: "Dêrtroch, dat alle konfesjes sûnder ûnderskie deselde frijheid jout, ferwikselje se de wierheid mei betizing en wurdt de hillige en suvere breid fan Kristus, de Tsjerke, sûnder wa't gjin heil bestean kin, op 'e selde hichte steld as ketterske sekten en de trouweleaze joaden. As de ketterske sekten en harren prekers de garânsje fan geunsten en bystân krije, dan wurde net allinne de persoanen, mar ek harren foute tinkbylden tolerearre en begeunstige.

Nei de fal en it brekken fan in bilbonke ferstoar de paus seis wike letter op 20 augustus 1823. It grêf fan 'e paus is yn 'e Cappella Clementina fan 'e Romeinske Sint-Pietersbasilyk en makke troch Bertel Thorvaldsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Pius VII..