[go: up one dir, main page]

Pepyn fan Herstal

(Trochferwiisd fan Pippyn II)

Pepyn fan Herstal, ek wol Pepyn II of Pepyn de Jongere (Herstal, sa. 635 - 16 desimber 714) wie in Karolingyske hofmeier. Hy stiet bekend as in krêftige bestjoerder dy't troch tal fan oermasterings it Frankyske ryk fierder útwreide hat.

 
Klovis II en Pepyn fan Herstal

Pepyn wie de soan fan Ansegisel en Begga, en troch syn mem pakesizzer fan Pepyn fan Lannen. As hofmeier fan Austraasje, Neustrje en Boergonje fan 680 oant 714 krige hy hieltyd mear macht yn it Frankyske ryk. De Merovingyske kening Teuderik III hat noch besocht him út syn funksje te setten, mar soe by Tertry yn 687 troch Pepyn ferslein wurde, wêrnei't Pepyn de feitlike lieder waard fan Austraasje. As krêftige bestjoerder wie Pepyn de oare Frankyske keninkriken de baas.

Houlik en bern

bewurkje seksje

Om 670 hinne troude Pepyn mei Plektrudis en troch dit houlik kaam it gebiet om de Mûzel hinne yn syn besit. Sy krigen twa soannen dy't beide al dea wienen doe't Pepyn op 16 desimber 714 ferstoar .

Hy hie ek twa soannen by syn maitresse, mar koart foar syn dea hie Plektrudis him oerhelle dy twa út te sluten fan opfolging. Syn pakesizzers wienen dêrtroch legitime opfolgers as hofmeier wurden. Hy waard lykwols dochs opfolge troch Karel Martel, om't Martel de stipe hie fan de bewenners fan Austraasje.

Martel bleau noch hofmeier; dy syn soan Pepyn de Koarte waard yn 751 kening. Karel Martel wurdt wol sjoen as de earste fan de Karolingen (ynearsten in partynamme ûnder de Frankyske Boargerkriich), wylst de bern fan Plektrudis as de lêste fan de Pippiniden beskôge wurde.

Ut it Houlik mei Plektrude likernôch 670:

By syn maitresse Alpaida:

Neidat Pepyn syn soannen Drogo (708) en Grimoald (714) noch by syn libben ferstoarn wienen makke hy op oantreaun fan Plektrudis syn noch minderjierrige pakesizzer Teudobald, de soan fan Grimoald, ta syn opfolger. Teudoald wie lykwols te jong om it lân al selsstannich regearre te kinnen. Dêrom soe, doe't Pepyn op 16 desimber 714, sawat tachtich jier âld, hommels ferstoar yn Jupille (tsjintwurdich in part fan de Luikse agglomeraasje yn Belgje), Plektrudis foarearst it regintskip op har nimme. Harren rjochtmjittige bernsbern roppen harsels yndied ta de wiere opfolgers fan Pepyn, en besochten mei help fan Plektrudis de macht as hofmeier fan it paleis te behâlden. Karel Martel, de âlde soan fan syn twadde frou, hie lykwols mei súkses de geunst fan Austrasyske eallju ferkrigen. Nettsjinsteande de ynspannings fan Plektrudis, dy him in skoft finzen setten liet, slagge Karel der as ienige hofmeier yn de facto hearsker fan it Frankyske ryk te wurden. Dêroan gie lykwols wol in mear as trije jier duorjende machtstriid foarôf, de saneamde Frankyske Boargerkriich.

Pepyn en de Friezen

bewurkje seksje

Om-ende-by 690 hat Pepyn mei in leger tsjin de Friezen oplutsen en de Fryske kening Redbad by Dorestêd ferslein. Nei dy oerwinning waard mei Redbad in fredesferdrach sletten. It súdlike part fan it Fryske ryk, it gebiet besuden de Alde Ryn, kaam doe yn Frankyske hannen. It ferdrach waard besegele mei in houlik tusken Theudesinde, de dochter fan Redbad, en Grimoald, in soan fan Pepyn.