Pieter Brueghel de Alde
Pieter Brueghel de Alde(re) (Breda of Bree (ûnwis), ± 1520 – Brussel, 9 septimber 1569) wie in Flaamske keunstskilder. Hy wie de heit fan Pieter Brueghel de Jonge en fan Jan Brueghel de Alde. Njonken Bree yn Belgysk-Limburch (eartiids Brede, Brida, Breda neamd) as berteplak, tinkt men ek wol dat syn widze yn Breda stean kind hat.
Biografy
bewurkje seksjeBruegel waard yn 1546 opnaam yn itin het Antwerpske skildersgilde, en waard learling fan Pieter Coecke fan Aelst. Bruegel makke yn 1551 of 1552 in reis nei Itaalje, dêr't er meast lânskippen skildere.
Oant 1559 maake er foaral gravueres en printen (ûntwerpen foar wandtapiten). Yn 1559 smyt er it roer om en skildert er allinne noch. It iene nei it oare masterwurk socht dan it ljocht.
Om 1563 hinne ferhuzet Bruegel fan Antwerpen nei Brussel, dêr't er boasket oan de dochter fan Coecke huwde, Mayken. Yn syn Brusselske tiid brûkte Breughel it lânskip fan it ticht by lizzende Pajottenlân, sa as it tsjerkje fan Sint-Anna-Pede (dat no heart ta Dilbeek) as eftergrûn foar de "Parabel fan de binen".
Skilderijen
bewurkje seksjeAlle bekende skilderijen fan Pieter Bruegel de Alde:
- Kristus op it Mar fan Tiberias, 1553 (Kolleksje Charles de Pauw, Waver)
- De Fersiking fan Sint-Antonius, 1557 (National Gallery of Art, Washington D.C.)
- Parabel fan de Siedder, 1557 (Timken Museum of art, San Diego)
- Sicht op Napels, 1558 (Galleria Doria Pamphilj, Rome)
- De Fal fan Ikarus, 1558 (Koninklijke Musea voor Schone Kunsten van België, Brussel)
- Tolve Sprekwurden, 1558 (Museum Mayer van den Bergh, Antwerpen)
- Nederlânske Sprekwurden, 1559 (Gemäldegalerie, Berlijn)
- It Gefjocht tusken Vasten en Vastenavond, 1559 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- Bernespullen, 1560 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- Oanbidding fan de Wizen, c. 1556-1562 (Koninklijke Musea voor Schone Kunsten van België, Brussel)
- Mâle Gryt, 1562 (Museum Mayer van den Bergh, Antwerpen)
- Twa Aapkes, 1562 (Gemäldegalerie, Berlyn)
- De Delfal fan Opstannige Ingelen, 1562 (Koninklijke Musea voor Schone Kunsten van België, Brussel)
- De Triomf fan de Dea, 1562 (Museo del Prado, Madrid)
- De Selsmoard fan Saul, 1562 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- De Flecht nei Egypte, 1563 (Courtauld Gallery, Londen)
- De Toer fan Babel, 1563 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- De 'Lytse' Toer fan Babel, 1563 (Museum Boijmans Van Beuningen, Rotterdam)
- Oanbidding fan Wizen, 1564 (National Gallery, Londen)
- Dea fan Us-Leaf-Frou, 1564 (Upton House)
- De Krúsdraging, 1564 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- Holle fan in boerinne, nei 1564 (Alte Pinakothek, München)
- Gapjende man, 1564 (Koninklijke Musea voor Schone Kunsten van België, Brussel)
- Jagers yn de Snie, 1565 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- De Fûgelknip, 1565 (Koninklijke Musea voor Schone Kunsten van België, Brussel)
- Kristus en de oerhuorrige frou, 1565 (Courtauld Gallery, Londen)
- De Rispinge, 1565 (Metropolitan Museum of Art, New York)
- De Hea-rispinge, 1565 (Národní galerie, Praag)
- De Sombere Dei, 1565 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- Werom kommen fan it Keppel, 1565 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- De Folkstelling te Bethlehem, 1566 (Koninklijke Musea voor Schone Kunsten van België, Brussel)
- De Prediking fan Jehannes de Doper, 1566 (Szépművészeti Múzeum, Boedapest)
- De Moard op de Unnoazele Bern, 1566 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- De Breidsdûns, 1566 (Detroit Institute of Arts, Detroit)
- De Bekearing fan Paulus, 1567 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- Oanbidding fan de Wizen yn de Snie, 1567 (Sammlung Oskar Reinhart, Winterthur)
- It Loailekkerlân, 1567 (Alte Pinakothek, München)
- De Kreupelen, 1568 (Musée du Louvre, Parijs)
- De Nesterôver, 1568 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- Boeredûns, 1568 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- De Boerebrulloft, 1568 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
- Parabel fan de Blinen, 1568 (Museo di Capodimonte, Napels)
- Ekster op de Galge, 1568 (Hessisches Landesmuseum, Darmstadt)
- De Misantroop, 1568 (Museo di Capodimonte, Napels)
- De Stoarm, 1568 (Kunsthistorisches Museum, Wenen)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Ryksbureau foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
- Pieter Bruegel de Alde op artcyclopedia mei in protte keppelings
- Pieter Bruegels ‘Kruisdraging' in proefstik fan close-reading
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pieter Brueghel de Alde fan Wikimedia Commons. |