[go: up one dir, main page]

Patolooch

(Trochferwiisd fan Patolooch-anatoom)

In patolooch (fan it Aldgrykske πάθος, páthos, dat "sykte" betsjut, en -λογία, -logía, mei de betjutting "stúdzje fan") is in dokter dy't kennis hat fan 'e lichaamlike ôfwikings feroarsake troch sykten. De wichtichste taak fan 'e patolooch is it (benammen mikroskopysk) ûndersykjen fan weefselmeunsters fan pasjinten, mei as doel om it aard fan harren ôfwiking fêst te stellen. Sokke medysk spesjalisten wurkje yn sikehuzen en wurde klinysk patolooch neamd.

Patologen dogge ek autopsys. Yn dy funksje wurdt faak sprutsen fan in patolooch-anatoom. Sokken fiere obduksjes en seksjes út. In obduksje is in klinysk ûndersyk dat nei it ferstjerren fan in pasjint oanfrege wurdt troch de behanneljend dokter. Foar sa'n ûndersyk is altyd de tastimming fan 'e famylje fan 'e ferstoarne nedich. Seksjes binne gerjochtlike prosedueres dy't ûnderdiel útmeitsje fan it forinsysk ûndersyk nei in (eventueel) misdriuw. Sokke ûndersiken wurde útfierd op lêst fan 'e ofsier fan justysje en dêrfoar is gjin tastimming fan 'e famylje nedich. Sawol in obduksje as in seksje is in foarm fan autopsy of lykskôging.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.