Operaasje Barbarossa
Operaasje Barbarossa wie de koadenamme foar de Dútske oanfal op de Sowjet-Uny op 22 juny 1941 en wie ien fan de wichtichste foarfallen yn de Twadde Wrâldkriich. De operaasje wie ferneamd nei Freark I Barbarossa, in keizer fan it Hillige Roomske Ryk en lieder fan de Krústochten yn de 12e iuw. De oanfal wie Hitler syn persoanlike krústocht tsjin it Bolsjewisme. In krústocht dy't him lang-om-let ta fal bringe soe, 4 jier duorre en goed 30 miljoen deaden koste. De operaasje duorre oant desimber 1941, mar de kriich dy't dêrtroch útein sette oan it eastfront einige pas yn maaie mei de Dútske kapitulaasje.
Hitler ferwachte de ferneatiging fan de Russen en de ferovering fan Moskou yn inkele moannen. De oanfal waard lykwols fiif wiken útsteld troch it mislearjen fan de Italjaanske oanfal op Grikelân en troch rebûlje op de Balkan, wêrtroch dêr difyzjes bestimd foar Barbarossa hinne stjoerd wurde moasten.
Nei in swier bombardemint lutsen om 3 oere de earste troepen Ruslân binnen. De earste wiken setten de Dútsers goed troch, sy omsingelen difyzje nei difyzje wêrby't 3.000.000 Russen deade of kriichsfinzen nommen waarden. Troch de modder stôket de oanfal even, mar dêrnei kaam it wer op gong. By Smolensk waarden wer 2 legerkorpsen fan de Russen omsingele en lei de wei nei Moskou iepen. Mar dêr ûnderfine de Dútsers foar it earst goed wjerstân fan yn 'e gauwens graven rinfuorgen bemanne mei bewapene fabryksarbeiders (in heal miljoen) en Sibearyske difyzjes (fan de bêste Russyske difyzjes) mar benammen ek troch de ôfgryslike kjeld, dêr't it Dútske leger net op taret wie. Tanks frearen fêst, gewearen ek, en soldaten hienen te krijen mei beferzen lidden. Nettsjinsteande dat waard de oanfal trochset. Op 5 desimber sieten de Dútske troepen op 25 km fan Moskou ôf doe't de Russen op kosten fan in net te leauwen grut oantal deaden de tsjinoanfal lansearren. De Dútsers, troch seisenheale moanne swiere striid skjin oanein, moasten hjirtroch tebek wike en it die bliken dat de fiif wiken útstel fataal wienen.