[go: up one dir, main page]

Astana (Kazachstan)

(Trochferwiisd fan Noer-Sûltan)

Astana (earder Tselinograd, Aqmola en Nursultan, Kazachsk en Russysk: Астана) is de haadstêd fan Kazachstan en leit oan de rivier Isjim, yn Noard-Kazachstan, yn in flak steppegebiet.

Astana
Bestjoer
Lân Kazachstan
Dielgebiet Astana
Sifers
Ynwennertal 1 350 228 (2022)
Oerflak 722 km²
Befolkingsticht. 958/ km²
Hichte 347 m
Oar
Stifting 1830
Tiidsône Bûtaanske Tiid, BTT (UTC+6)
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjeel webstee Astana
Lizzing yn Kazachstan

De stêd, dy't yn 2022 sa'n 1 350 228 ynwenners telde, is sûnt 1997 haadstêd fan Kazachstan. De namme Astana betsjut 'haadstêd' yn it Kazachsk. Polityk en regearing binne de wichtichste ekonomyske faktoaren yn Astana. Astana foarmet in spesjale ekonomyske sône.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Der binne noch in protte bouprojekten net klear, sa as ambassades, represintative kades de rivier Isjim by lâns, ynfrastruktuer foar ferfier en kommunikaasje, ensafuorthinne.

  • de moderne regearingswyk
  • de ouwers fan de Isjim
  • it "Oseanarium"
  • it Islamitysk sintrum
  • de roomsk-katolike katedraal
  • de merkehal
  • it Histoarysk Museum fan Kazachstan
  • de piramide fan frede