Luchtfersmoarging
Luchtfersmoarging is in ferskynsel dat optreedt as de lucht fersmoarge wurdt mei mikroskopysk lytse dieltsjes fan stoffen dy't dêr oarspronklik net thúshearre. Dat kin komme troch in natuerlike oarsaak (lykas by in fulkaanútbarsting) of troch oarsaken dêr't de minskede hân yn hat (lykas yndustry of intinsive feehâlderij). De media hawwe it yn 'e regel benammen oer de luchtfersmoarging bûtendoar, hoewol't de fersmoarging yn ús hûs krekt sa skealik foar de sûnens is. Fierders binne der resinte ûndersiken fan it U.S. Environmental Protection Agency, dy't stelle dat de luchtfersmoarging yn 'e binnenstêd 2 oant 5 kear slimmer is as op it plattelân.[1]
Boarnen fan luchtfersmoarging
bewurkje seksjeNatuerlike boarnen
bewurkje seksjeNatuerlike boarnen binne:
- Fulkaanútbarstings
- Moude, bygelyks fan stofstoarmen boppe skrokke gebieten
- Gassen, lykas metaan fan natuerlike oarsprong, bygelyks út it termstelsel fan fee
- Reek fan natoerbrannen
Minsklike boarnen
bewurkje seksjeBoarnen fan minsklike oarsprong binne:
- Moude en gemikalyen fan lânbou, yn Nederlân benammen ammoniak fan dong en keunstdong
- Alderlei yndustriële boarnen, wêrûnder ek elektrisiteitssintrales
- It ferkear troch ferbrâningsmotoren, it sliten fan remmen- en rubberbannen
- Ferbrâningsûnen
- Oplosmiddels út bygelyks ferve
- Gefaarlike gassen út bygelyks spuitbussen (gfk's)
- fjoerwurk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |