Liguerje
Liguerje (Italjaansk: Liguria; Liguerysk: Ligûria) is in regio, dy't yn 1948 oprjochte waard. De regio leit oan de kust fan it noardwesten fan Itaalje en is de op twa nei lytste. It grinzget yn it westen oan Frankryk en oan de Italjaanske regio's Piëmont yn it noarden en Emilia-Romagna en Toskane yn it easten. De namme Liguria komt út de pre-Romeinske tiid.
Liguerje Liguria | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Genua |
Oerflakte | 5.418,21 km² |
Befolking | 1.510.135 (31.07.2024) |
Befolkingstichtens | 278,71 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Monte Saccarello: 2.201 m |
Oantal gemeenten | 234 |
Provinsjes | Genua, Imperia, La Spezia, Savona |
Liguerje leit oan de Golf fan Genua, dy't in part is fan de Ligueryske See, dat wer it noardlikste stik is fan de Middellânske See. De kuststripe wurdt ek wol de Ligueryske kust neamd. In oare namme is de Italjaanske of blommeriviêra, dêr't in soad aardige kustplakjes lizze.
Om-ende-by de helte fan it lânoerflak is begroeid mei bosk. Fan de befolking wennet 50 % yn ien fan de fjouwer provinsjehaadstêden. It oare part fan de befolking wennet yn haadsaak tichteby de kust. It bercheftige binnenlân is tin befolke.
Klimaat
bewurkje seksjeDe Ligueryske kust hat in myld seeklimaat. Yn jannewaris wurdt it yn Genua trochstrings sa'n 8° oant 10°C. It friest dêr selden, útsein yn it bergeftich gebiet fan it binnenlân. Simmerdeis komt de temperatuer op sa'n 24-25°C út. De reinfal kin somtiden oerfloedich wêze; fanwege de bergen ticht by de kust is der in soad wolkefoarming sadat yn Genua alle jierren likernôch 2000 mm rein falt. Lykwols hawwe oare gebieten de gewoane wearden fan it Middellânske Seegebiet (500-800 mm).
Nijsgjirrichheden
bewurkje seksje- De nijsgjirrichste plakken yn de regio binne: Genua, de doarpen fan de Cinque Terre, Albenga, Camogli, Sestri Levante, Noli, San Remo en Chiavari.
- De wichtichste natuergebieten fan Liguerje binne: Cinque Terre, it skiereilân fan Portofino, de Ligueryske Alpen en it karstlânskip om de plak Finale Ligure hinne.
Provinsjes
bewurkje seksjeDe regio bestiet út de metropolitane stêd Genua en trije provinsjes:
Kaart | Provinsje | Ofk. | Haadstêd | Oantal gemeenten |
---|---|---|---|---|
Genua | GE | Genua | 67 | |
Imperia | IM | Imperia | 66 | |
La Spezia | SP | La Spezia | 69 | |
Savona | SV | Savona | 32 |
Grutste gemeenten
bewurkje seksjeOp 28-02-2024 wiene de tsien grutste gemeenten yn 'e regio:
N° | Wapen | Gemeente | Provinsje | Ynwennertal* |
---|---|---|---|---|
1 | Genua | Metropolitane stêd Genua | 562.171 | |
2 | La Spezia | La Spezia | 92.661 | |
3 | Savona | Savona | 58.644 | |
4 | San Remo | Imperia | 53.009 | |
5 | Imperia | Imperia | 42.416 | |
6 | Rapallo | Metropolitane stêd Genua | 29.422 | |
7 | Chiavari | La Spezia | 27.483 | |
8 | Albenga | Savona | 23.553 | |
9 | Ventimiglia | Imperia | 22.922 | |
10 | Sarzana | La Spezia | 21.750 |
- Nasjonaal Ynstitút foar Statistyk fan Itaalje, 1 jannewaris 2024.)
Ofbylden
bewurkje seksje-
Cinque Terre.
-
Genua.
-
Sestri Levante.
-
Monte Saccarello.
-
San Remo
-
La Spezia
-
Savona
-
Rapallo
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |