[go: up one dir, main page]

Kaap de Goeie Hope

(Trochferwiisd fan Kaap de Goede Hope)

Kaap de Goeie Hope (Afrikaansk: Kaap die Goeie Hoop) is de namme fan it súd-westlikste puntsje fan Afrika en Súd-Afrika. By Kaap de Goeie Hope komme de waarme Beguelastream en de kâlde Agulhasstream elkoar temjitte.

Kaap de Goeie Hope

De kaap wurdt faak sjoen as oergong tusken de Yndyske Oseaan en de Atlantyske Oseaan, mar dy oergong leit by it 200 kilometer eastliker lizzende Kaap Agulhas, dat de meast súdlike punt fan Afrika en Súd-Afrika is.

De earste Jeropeanen dy't yn dizze kriten kamen wienen Portegezen, dêr't Bartolomeus Diaz yn 1488 de earste fan wie dy't om de kaap hinne farde. Yn dizze tiid dienen de Portegezen in protte ekspedysjes by de kust fan Afrika del, hieltiid fierder nei it suden. Der wurdt sein dat Bartolomeus de kaap earst de namme Cabo Tormentosos (Kaap fan de Stoarmen) joech, mar dat Johan II fan Portegal de namme feroare ta Cabo de Bõa Esperança (Kaap fan de Goeie Hope), omdat dy ûntdekking in seerûte nei Yndia ienfâldiger makke.

 
In kaart fan Kaap de Goeie Hope út 1888.

Op 6 april 1652 stifte Jan van Riebeeck dêr in Nederlânske delsetting foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy. Fan dy delsetting út ûntwikkele har in koloanje, ûnder oare troch it takennen fan lân oan de frijboargers, minsken dy't harren yn it gebiet fêstigje woenen. Yn de earste 150 jier dêrnei fêstigen hast allinnich Nederlanners, Dútsers en Frânsen har yn it gebiet en groeide it gebiet rap út nei it noarden en easten.

Yn 1795, nei de Kafferkriich, kamen de Ingelsken yn it gebiet oan, mar yn 1803 waard it gebiet wer op harren oermastere. Letter, yn 1806 kamen de Ingelsken werom, se krigen de kaap yn 1814, mei it ûndertekenjen fan de Ingelsk-Nederlânske Oerienkomst fan 1814, hielendal yn hannen. It bleau in Britske Koloanje oant en mei de stifting fan de Súd-Afrikaanske Uny, it lân dat no Súd-Afrika is, yn 1910.