[go: up one dir, main page]

Jimmy Carter (folút: James Earl Carter jr.; Plains (Georgia), 1 oktober 1924), is in Amerikaansk steatsman, skriuwer en minskerjochte-aktivist fan mingd Ulstersk-Ingelsk etnysk komôf. As lid fan 'e Demokratyske Partij wied er fan 1977 oant 1981 de 39ste presidint fan 'e Feriene Steaten, wylst er earder as steatssenator en gûverneur fan Georgia tsjinne hie. As presidint rekke syn reputaasje skansearre troch de Iraanske Gizelderskrisis, en by de ferkiezings fan 1980 waard er ferslein troch syn Republikeinske rivaal Ronald Reagan. Neitiid sette er him fia it troch him oprjochte Carter Center o sa yn foar de minskerjochten en reizge er dêrfoar de wrâld yn 't rûn. Sadwaande waard him yn 2002 de Nobelpriis foar de Frede takend. Carter is de iennichste Amerikaanske presidint dy't dy priis krigen hat nei ôfrin fan syn presidintskip.

Jimmy Carter
politikus
echte namme James Earl Carter jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 1 oktober 1924
berteplak Plains (Georgia)
etnisiteit Ingelsk
Ulstersk
partij Demokratyske Partij
prizen Nobelpriis foar de Frede 2002
Pres. Frijheidsmedalje 1999
Grammy Award 2007
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19771981
foargonger Gerald Ford
opfolger Ronald Reagan
Gûverneur fan Georgia
amtsperioade 19711975
foargonger Lester Maddox
opfolger George Busbee
Lid fan de Steatssenaat fan Georgia
(foar it 14de Distrikt)
amtsperioade 19631967
foargonger nimmen (distrikt stifte)
opfolger Hugh Carter

Jonkheid, oplieding en militêre tsjinst

bewurkje seksje

Carter waard yn 1924 berne yn it petiterige stedsje Plains, yn it súdwesten fan 'e steat Georgia. Hy wie de âldste fan fjouwer bern yn it gesin fan James Earl Carter, in foaroansteand sakeman te Plains, en Bessie Lillian Gordy, in diplomearre ferpleechster. Hy hat Ulsterske (Noardierske protestantske) en Ingelske foarâlden. Syn famylje wennet al generaasjes lang yn it Súdlike Georgia, en syn oerpake L.B. Walker Carter focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch foar de Konfederaasje. Carter folge de middelbere skoalle yn Plains, dêr't er de stjer wie fan it skoalbasketbaltiim. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre er oan it Georgia Southwestern College, yn it nei-oan leine Americus. Nei it folgjen fan ekstra wiskundige lessen oan Georgia Tech (de heech oanskreaune technyske universiteit yn Atlanta) waard er yn 1943 talitten ta de Amerikaanske Marine. Oan 'e Amerikaanske Marine-akademy te Annapolis, yn Marylân, behelle er in bachelorstitel mei in ûnspesifisearre haadfak, sa't doedestiden wenst wie yn 'e Amerikaanske Marine. Nei't er as ofsier yn sawol de Atlantyske as de Pasifyske dûkboatfloat tsjinne hie, died er in ferfolchoplieding yn reäktortechnology en nukleêre natuerkunde. Yn desimber 1952 late Carter it Amerikaanske tiim dat yn 'e mande mei de Kanadezen de nukleêre reäktor yn it Chalk River Laboratoarium yn Ontario ôfsleat nei't him dêr by in ûngelok in ôfsmelting foardien hie. Under syn lettere presidintskip soe Carter oanjaan dat dy ûnderfining syn (negative) miening oer kearnenerzjy en nukleêre wapentechnology foarme hie.

 
Jimmy Carter op 'e fyts (2008).


Priveelibben

bewurkje seksje

Underwilens wie Carter op 7 july 1946 troud mei Rosalynn Smith. Hja krigen fjouwer bern: John William ("Jack"), James, Donnel en Amy Lynn. Op dit stuit (ein 2013) hawwe se fierders alve bernsbern en twa bernsbernsbern. Yn july 2011 fierden se harren briljantene brulloft (65-jierrich trouwen). Harren soan Jack besocht yn 2006 om 'e nocht foar de steat Nevada yn 'e Amerikaanske Senaat te kommen; Jack syn soan Jason sit sûnt 2010 yn 'e Steatssenaat fan Georgia.

Nei't syn heit yn oktober 1953 kommen wie te ferstjerren, wie Carter nedich om it famyljebedriuw te runnen en krige er earfol ûntslach út 'e marine. Hoewol't Carter syn heit in frij begoedige man wie, urf Carter net folle fanwegen syn heit syn oanwenst om skulden kwyt te skellen, en fanwegen de ferdieling fan wat oerbleau mei de oare erven. Sadwaande wennen de Carters in foech jier yn in wenningwetwente; Carter is de iennichste Amerikaanske presidint dy't ea yn sa'n subsidiëarre earmeljushûs wenne hat. Yn dy snuorje naam Carter de pindabuorkerij fan 'e famylje oer, wêrfoar't er earst nei de bibleteek moast om him troch selsstúdzje it buorkjen oan te learen. Underwilens learde syn frou Rosalynn harsels boekhâlden. Hoewol't se it earste jiers mar amperoan kyt spilen, feroare dat de jierren dêrnei. Tsjin 1970 wie Carter in rike pindaboer wurden.

 
Jimmy Carter yn 2005.

Iere politike karriêre

bewurkje seksje

Yn 'e iere jierren sechstich sette Carter útein mei in politike karriêre. Hy tsjinne twa terminen, fan 1963 oant 1967, as senator yn 'e Steatssenaat fan Georgia (wêrby't de earste kears besocht waard him mei ferkiezingsfraude fan 'e oerwinning ôf te hâlden). Yn 1966 besleat er om him ferkiesber te stellen foar it amt fan gûverneur fan Georgia. Syn folle neef Hugh Carter fierde doe yn syn plak kampanje foar syn steatssenaatssit, en wûn dy ek. Carter sels, lykwols, wist by de Demokratyske foarferkiezings foar it gûverneurskip de nominaasje fan syn partij net te bemachtigjen. Fjouwer jier letter besocht er it op 'e nij, en diskear mei súkses. Fan 1971 oant 1975 wied er de 76ste gûverneur fan Georgia.

Yn dy hoedanichheid makke er definityf in ein oan 'e rasseskieding yn 'e steat en beneamde er mei sin in grut tal Afro-Amerikanen yn it steatsbestjoer. Yn syn ynaugurele rede hold er de Georgianen foar dat it út wêze moast mei diskriminaasje op grûn fan ras; hy wie de earste steatsbestjoerder yn it Djippe Suden dy't dat iepentlik sei. Fierders fierde er in bestjoersherfoarming troch, troch de 300 ûnderskate organisaasjes fan it steatsbestjoer te fúzjearjen ta 30. Ek krewearre er foar de ôfskaffing fan 'e deastraf yn Georgia, mar dat rêde er net op.

Presidintskip

bewurkje seksje

Doe't Carter yn 1976 besleat en doch mei oan 'e Demokratyske foarferkiezings foar it presidintskip fan 'e Feriene Steaten, waard er troch kenners beskôge as in (bûten Georgia) frijwol ûnbekende outsider, dy't net folle kâns makke tsjin swiergewichten fan 'e lanlike partij. Mar hy wie der betiid by, en syn strategy wie om mei persoanlike besiken in oanhing yn in beskate regio fan it lân te kreëarjen foar't syn tsjinstanners dêr komme kinnen hiene. Sa reizge er mear as 80.000 km, besocht er 37 fan 'e 50 steaten en joech er mear as 200 taspraken foar't ek mar ien oare Demokraat oankundige hie ferkiesber te wêzen. Nei't er de Demokratyske nominaasje foar it presidintskip wûn hie, moast er it by de wiere presidintsferkiezings opnimme tsjin 'e sittende Republikeinske presidint Gerald Ford, mei wa't er letter trouwens goed befreone reitsje soe. Hy keas senater Walter Mondale, út Minnesota, om stimmen yn it Noarden te bewissigjen. Fieders wist er foar in grut part de media oan syn kant te krijen. Ek joech de swier kristlike Carter as iennichste Amerikaanske presidint ea in ynterview oan it neakenblêd Playboy, wêryn't er tajoech: "Ik haw in protte froulju mei lust besjoen. Yn myn hert haw ik withoefolle kearen oerhoer dien." Sokke iepenhertige útspraken rekken yn Amearika in gefoelige snaar nei alle ligerij en geheimdoggerij fan it Watergate-skandaal. Hoewol't Ford net yn Watergate behelle west hie (doe't dat spile hied er noch net iens diel útmakke fan 'e regearing-Nixon), wied er der as direkte opfolger fan Richard Nixon dochs mei besmodzge rekke, en spile it him ûnder de presidintskampanje parten. Sa wûn Carter de ferkiezings úteinlik mei in romme mearderheid oan kiesmannen (297 tsjin 240), al wie syn foarsprong yn prosinten net sa grut (50,1% tsjin 48,0%).

 
Carter mei Gerald Ford yn debat op 'e tillefyzje, yn septimber 1976.

As presidint skoep Carter twa nije ministearjes: it Ministearje fan Enerzjy en it Ministearje fan Underwiis. Op it mêd fan bûtenlânsk belied sleat er mei de Sovjet-Uny it twadde ferdrach fan 'e Strategic Arms Limitations Talks (SALT II), oer it werombringen fan it tal kearnwapens, en mei Panama de Panamakanaalferdraggen, oer de (úteinlike) weromjefte fan 'e Panamakanaalsône (dy't fan 1903 ôf yn Amerikaanske hannen wie). Syn grutste diplomatike súkses wie syn bemiddeling by de tastânkomming, yn 1978, fan 'e Camp David-akkoarten, de frede tusken Israel en Egypte. Troch de oanhâldende ekonomyske stagnaasje en ynflaasje, in beërf fan 'e regearing-Ford, dy't Carter syn hiele presidintskip troch om 'e nocht ûnder de knibbel besocht te krijen, begûn syn populariteit lykwols al rillegau yn it neigean te reitsjen. De lêste pear jier fan syn presidintskip waarden fierders ûntsierd troch de Enerzjykrisis fan 1979, it kearnûngelok fan Three Mile Island, de Sovjet-ynfaazje fan Afganistan (dy't late ta de Amerikaanske boykot fan 'e Olympyske Simmerspullen fan 1980 yn Moskou), de útbarsting fan 'e Mount St. Helens-fulkaan yn 'e steat Washington, en benammen troch de Iraanske Gizelderkrisis, wêrby't 52 Amerikaanske diplomaten en ambassademeiwurkers nei de Islamityske Revolúsje yn Iraan fan 1979 oant 1981 op 'e Amerikaanske ambassade yn Teheran yn gizeling holden waarden.

Fral troch dy 444 dagen duorjende gizelderskrisis, dy't Carter mar net ta in goed ein bringe liek te kinnen, waard er yn 'e Feriene Steaten doedestiden, en by in grut part fan 'e befolking noch wol, sjoen as in swak presidint. Sadwaande waard er by de presidintsferkiezings fan 1980 ferslein troch syn glêde Republikeinske rivaal Ronald Reagan. Iroanyskernôch waarden de gizelders yn Teheran in pear minuten foar't Carter begjin 1981 it presidintskip oan Reagan oerdroech, frijlitten.

Lettere jierren

bewurkje seksje
 
Alle noch libbene Amerikaanske presidinten op in rychje (2009): f.l.n.rj.: George H.W. Bush, Barack Obama, George W. Bush, Bill Clinton en Jimmy Carter.

Nei ôfrin fan syn presidintskip kearde Carter werom nei Georgia, dêr't hy en syn frou Rosalynn yn 1982 yn Atlanta it Carter Center oprjochten, in non-gûvernemintele not-for-profitorganisaasje dy't him ynset foar de minskerjochten en it ferlichtsjen fan minsklik lijen. As foarsitter fan it Carter Center begûn Carter de wrâld ôf te reizgjen om 'e fersprieding fan demokrasy oan te moedigjen (û.m. troch frije en earlike ferkiezings te ûnderstypjen), om te bemiddeljen by it oplossen en foarkommen fan konflikten, en om 'e útrûging fan sykten as de Guineäwjirmsykte, rivierblinens en malaria te befoarderjen. Ien fan 'e wichtichste prestaasjes fan it Carter Center is it foar mear as 99% útrûgjen fan 'e Guineäwjirmsykte, fan nei skatting 3½ miljoen gefallen yn 1986 oant 1.058 yn 2011. Ek levere it Carter Center tusken 1989 en 2010 waarnimmers foar 81 ferkiezings yn 33 lannen, en krewearre it om wapene konflikten ta in ein te bringen yn û.m. Haïty, Bosnje-Hertsegovina, Etioopje, Sûdaan en de Demokratyske Republyk Kongo. Fierders hawwe Carter en syn Center harren ynset om oare minskerjochte-aktivisten fan oer de hiele wrâld te stypjen, troch Carter as âld-presidint streekrjocht mei bûtenlânske steatshaden tuskenbeiden komme te litten as dat nedich wie.

Yn 2007 waard Carter lid fan 'e groep âldere wrâldlieders dy't bekendstiet as The Elders ("De Aldsten"), en dy't har krektlyk ynsette foar frede en demokrasy. Oare leden binne û.m. de Algerynske politikus en diplomaat Lakhdar Brahimi, de Súdafrikaanske aartsbiskop Desmond Tutu en âld-siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes Kofi Annan. Ek de Súdafrikaanske âld-presidint Nelson Mandela hearde ta dizze groep. Fierders hat Carter ek ûnmisbere bydragen levere oan it Habitat for Humanity-projekt, dat as doel hat om foar de hiele minskheid betelbere wenten te bouwen. Dêrnjonken hat Carter him, û.o. mei syn boek Palestine: Peace not Apartheid (2006) yn it minefjild fan it Israelysk-Palestynske Konflikt weage, dat fral yn 'e Feriene Steaten hiel gefoelich leit. Yn syn boek stelt Carter û.m. dat "de oanhâldende behearsking en kolonisaasje fan Palestynsk lân troch Israel de foarnaamste obstakels binne om ta in alomfiemjende fredesoerienkomst yn it Hillige Lân te kommen."

Yn 2002 waard oan Jimmy Carter de Nobelpriis foar de Frede takend. Trije sittende Amerikaanske presidinten (Theodore Roosevelt, Woodrow Wilson en Barack Obama) kinne him datoangeande belykje, mar Carter is de iennichste dy't de priis krigen hat fanwegen al it wurk dat er sûnt de ein fan syn presidintskip út 'e wei setten hat. Tegearre mei Martin Luther King is hy ien fan twa Georgianen dy't ea dizze prestizjeuze priis krigen hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.