[go: up one dir, main page]

Jean Nicot (Nîmes, 1530Parys, 4 maaie 1604[1]) wie in Frânsk diplomaat en gelearde. Hy is de ûntdekker fan de 'genêzende krêft' fan de tabaksplant, de saneamde nikotine.

Jean Nicot

Jean Nicot waard berne yn Nîmes, yn Súd-Frankryk, en waard Frânsk ambassadeur yn Lissabon, Portugal fan 1559 oant 1561. Hy wie 29 jier doe't er yn 1559 nei Portugal stjoerd waard om te ûnderhanneljen oer it houlik fan de seis jier âlde prinsesse Margereta fan Falois mei kening Sebastiaan fan Portegal dy't sels mar fiif jier âld wie.

Op de werom reis naam er tabaksplanten mei út Portegal dy't doe krekt ûntdutsen wienen yn Noard-Amerika. Nicot beskreau de medyske eigenskippen fan de plant en stjoerde it as in medisyn, yn de foarm fan snúftabak, nei it Frânske hof om de keninginne-mem, Catherine de Medici, fan har pineholle ôf te helpen; hja waard fuortendaliks in grut leafhawwer(1559).[2] Mear en mear Parisenaren begûnnen doe tabak te brûken, it waard in moade-artikel, en Nicot waard ferneamd.

Yn 't earstoan waard de tabaksplant Nicotina neamd nei Nicot, mar letter ferwiisde nikotine nei mar ien stof út de plant.

Jean Nicot wie fierders wie de gearstaller fan ien fan de earste Frânske wurdboeken, de Thresor de la langue françoyse tant ancienne que moderne (publisearre yn 1606).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www2.culture.gouv.fr/culture/actualites/celebrations2004/villemain.htm
  2. http://www.tc.columbia.edu/centers/cifas/drugsandsociety/background/chronologydruguse.html Heading: 1550-1575 Tobacco, Europe.