Irene Bedard
Irene Bedard (Anchorage, 22 july 1967) is in Amerikaansk film-, tillefyzje- en stimaktrise fan mingd Yndiaansk en Eskimo-komôf. Hja hat sûnt it begjin fan har aktearkarriêre, yn 1994, in wiid ferskaat oan Yndiaanske froulju spile. It bekendst waard se mei har rol as Suzie Song yn 'e film Smoke Signals en trochdat se har stim liende oan it titelpersonaazje út 'e lange tekenfilm Pocahontas, fan Disney.
Irene Bedard | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Irene Bedard | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 july 1967 | |
berteplak | Anchorage (Alaska) | |
etnisiteit | Injûpiat Inûyt Jûpik Kry Mety | |
jierren aktyf | 1994 – no | |
offisjele webside | ||
Irene Bedard op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeBedard waard yn 1967 berne yn Anchorage, yn 'e Amerikaanske steat Alaska. Hja is fan mingd etnysk komôf, mei bloed fan trije Eskimofolken: de Injûpiat (Iñupiat) út noardlik Alaska, de Inûyt (Inuit) út noardlik Kanada en de Jûpik (Yup’ik) út súdwestlik Alaska. Dêropta stammet se ek ôf fan 'e Yndiaanske Kry (Cree) út súdlik Kanada en de noardlike 48 legere Feriene Steaten, en fan 'e Mety (Métis), in mingfolk fan blanken en Yndianen, dat yn Kanada mei Yndianen en Eskimo's as ien fan 'e trije lânseigen groepen beskôge wurdt. Bedard studearre muzikaal teäter oan The University of the Arts, yn Philadelphia.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeBedard spile har earste rol as de Lakota-aktiviste Mary Crow Dog, yn 'e tillefyzjefilm Lakota Woman: Siege at Wounded Knee, út 1994, dy't oer de Besetting fan Wounded Knee yn 1973 giet. Foar dy rol waard se nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste rol fan in aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm, en se wûn der in Western Heritage Award mei. Datselde jiers makke se ek har debút op it wite doek mei in lyts roltsje yn 'e film Squanto: A Warrior's Tale. Har bekendste rol hie se as stimaktrise doe't se yn 1995 har stim liende oan it personaazje fan Pocahontas, yn 'e lange tekenfilm Pocahontas fan 'e Walt Disney Animation Studios. Se stie ek lichaamlik model foar dat personaazje. It Amerikaanske tydskrift People keas har dat jiers ta ien fan 'e fyftich moaiste minsken fan 'e wrâld.
Op 'e tillefyzje hie Bedard gastrollen yn searjes as The Marshal (1995), Adventures from the Book of Virtues (1996), Profiler (1997) en The Outer Limits (2001). Yn 1996 spile se de rol fan Swarte Bizonfrou yn 'e tillefyzjefilm Crazy Horse, oer it Lakota-opperhaad Mâl Hynder. Ek fertolke Bedard yn 1997 de rol fan Minnehaha yn 'e film Song of Hiawatha, nei it ferneamde gedicht fan Henry Wadsworth Longfellow. In oare bekende rol fan harres wie dy fan Suzy Song yn 'e film Smoke Signals, út 1998.
Datselde jiers wie se ek te sjen yn 'e tillefyzjefilm Two for Texas, dy't har in twadde Western Heritage Award opsmiet, en teffens liende se op 'e nij har stim oan Pocahontas foar it direkt-op-fideo útbrochte ferfolch Pocahontas II: Journey to a New World (wêryn't Pocahontas op reis giet nei Jeropa). Bedard hie as stimaktrise ek in weromkearende rol as generaal Miriam Redwing yn fjouwer ôfleverings fan 'e science fiction-tekenfilmsearje Roughnecks: The Starship Troopers Chronicles (1999-2001). Oare stimrollen hie se yn ôfleverings fan What's New, Scooby Doo? (2004), Higglytown Heroes (2005), The Spectacular Spider-Man (2008), Young Justice: Invasion (2012), en de film Turok: Son of the Stone (2008).
Yn 2005 wie Bedard te sjen yn 'e film The New World, fan regisseur Terence Malick, dy't it ferhaal fan Pocahontas út in hiele oare hoeke besjocht. Dêryn hie se de rol fan Nonoma, de mem fan Pocahontas. Datselde jiers spile Bedard ek de healbloedfrou Margaret Light Shines Wheeler yn it mei loovjende kritiken ûntfongen Into the West, in minysearje fan it westernsjenre. Dêrmei wûn se har trêde Western Heritage Award. Fan 2012 oant en mei 2015 hie Bedard yn trije ôfleverings fan 'e plysjesearje Longmire in weromkearende rol as May Stillwater. In oare weromkearende rol hie se yn 2017 as Kimi Lucero yn njoggen ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje The Mist. Ek hie se yn 2018 in gastrol yn 'e searje Westworld, en liende se jitris har stim oan it personaazje Pocahontas yn 'e tekenfilm Ralph Breaks the Internet. Yn 2017 wurke Bedard fierders mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Family Feud, fan rapper Jay-Z, wêryn't se in ko-presidint fan 'e Feriene Steaten spilet.
Oar wurk
bewurkje seksjeNjonken har aktearkarriêre rjochte Bedard yn 2012, tegearre mei de Kanadeeske sakeman Thom Denomme, de ûnôfhinklike filmstudio's Sleeping Lady Films en Waking Giants Productions op, dy't fêstige binne yn Anchorage (Alaska), resp. Santa Fe (Nij-Meksiko). De studio's binne deroan wijd om positive en ynspirearjende ferhalen te ferfilmjen oer Yndianen en Yndiaanske kwestjes.
Yn 2001 presintearre Bedard de njoggende jierlikse útrikkingsseremoanje fan 'e First Americans in the Arts Awards (of FAITA Awards) yn it Beverly Hilton Hotel yn Beverly Hills. Bedard is ek tige aktyf yn organisaasjes dy't it miljeu en Yndiaanske hillige plakken besykje te beskermjen tsjin "untwikkeling" en eksploitaasje. Yn 2017 sleat se foar har studio's in kontrakt mei de Katôba Yndiaanske Naasje fan Súd-Karolina foar de ûntwikkeling fan beskate media.
Priveelibben
bewurkje seksjeBedard troude yn 1993 mei sjonger Deni Wilson. Hja hawwe in soan, Quinn Wilson, dy't berne waard yn 2003. Yn novimber 2010 kaam út dat Bedard har hiele houlik lang troch Wilson seksueel misbrûkt en lichaamlik mishannele wie. Har man hie dêrnjonken beslach lein op alle jild dat se mei har aktearwurk fertsjinne en har ferbean om in rol oan te nimmen as hy dêr net mei safolle wurden tastimming foar jûn hie. Bedard en Wilson skieden yn 2012.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1994 | Lakota Woman: Siege at Wounded Knee | Mary Crow Dog | tillefyzjefilm; nominearre foar in Golden Globe foar bêste aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm |
1995 | The Marshal | Melissa Carey | gastrol; ôfl. Twoslip |
1996 | Grand Avenue | Reyna | tillefyzjefilm |
1996 | Crazy Horse | Swarte Bizonfrou | tillefyzjefilm |
1996 | Adventures from the Book of Virtues | Morning Light and Sharp Eyes | as stimaktrise; gastrol; ôfl. Honesty |
1996 | Adventures from the Book of Virtues | dochter fan it opperhaad | as stimaktrise; gastrol; ôfl. Perseverance |
1996 | The Real Adventures of Jonny Quest | Alice Starseer | as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl. Return of the Anasazi en Trouble on the Colorado |
1997 | Profiler | Maddy Duvall | gastrol; ôfl. The Sorcerer's Apprentice |
1997 | True Women | Tobe | tillefyzjefilm |
1998 | Two for Texas | Sana | tillefyzjefilm |
1999 | Blood Money | Naomi Lister | tillefyzjefilm |
1999–2001 | Roughnecks: The Starship Troopers Chronicles | generaal Miriam Redwing | as stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl. |
2000 | The Lost Child | Grace | tillefyzjefilm |
2001 | The Outer Limits | Callie Whitehorse Landau | gastrol; ôfl. In the Blood |
2001 | The Agency | Diah Siagian | gastrol; ôfl. The Year of Living Dangerously |
2001 | House of Mouse | Pocahontas | as stimaktrise; gastrol; ôfl. Thanks to Minnie |
2003 | Edge of America | Annie Shorty | tillefyzjefilm |
2004 | What's New, Scooby-Doo? | Cody Long | as stimaktrise; gastrol; ôfl. New Mexico, Old Monster |
2005 | Higglytown Heroes | Forest Ranger Hero | as stimaktrise; gastrol; ôfl. Fran Takes a Hike/Mystery at Kip's House |
2005 | Into the West | Margaret Light Shines Wheeler | minysearje |
2005 | Love's Long Journey | Miriam Red Hawk McClain | tillefyzjefilm |
2008–2009 | The Spectacular Spider-Man | Jean DeWolff | as stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl. |
2012 | Young Justice: Invasion | Shelly Longshadow | as stimaktrise; gastrol; 1 ôfl. |
2012–2015 | Longmire | May Stillwater | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2017 | The Mist | Kimi Lucero | weromkearende rol; 9 ôfl. |
2018 | Westworld | Wichapi | gastrol; ôfl. Kiksuya |
2020 | FBI: Most Wanted | Mary Lou Skye | gastrol; 2 ôfl. |
2020 | The Stand | Ray Brentner | minysearje |
films | |||
1994 | Squanto: A Warrior's Tale | Nakooma | |
1995 | Pocahontas | Pocahontas | as stimaktrise |
1996 | Navajo Blues | Audrey Wyako | |
1997 | Song of Hiawatha | Minnehaha | |
1998 | 6/29 | Laura Cooper | |
1998 | Naturally Native | Tanya Lewis | |
1998 | Smoke Signals | Suzy Song | |
1998 | Pocahontas II: Journey to a New World | Pocahontas | as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht |
1998 | 12 Bucks | Babe | |
1999 | Wildflowers | Ruby | |
2000 | Pussykat | ? | |
2001 | Your Guardian | Kat Damon | |
2003 | Paris | Sandy | |
2003 | Greasewood Flat | Abbey | |
2005 | Planting Melvin | Billie Lawrence | |
2005 | Miracle at Sage Creek | Sunny | |
2005 | The New World | Nonoma (mem fan Pocahontas) | |
2007 | Cosmic Radio | K.C. | |
2007 | Tortilla Heaven | Liberata | |
2007 | The Red Chalk | Eve | |
2008 | Turok: Son of Stone | Catori | as stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht |
2011 | The Tree of Life | boadskipper | |
2011 | Timberwolf | Eleni | |
2013 | Vertical | Lucy Mills | |
2014 | Ron and Laura Take Back America | frou Alma | |
2015 | Songs My Brothers Taught Me | Lisa Winters | |
2017 | Spreading Darkness | Marci Gippolin | |
2018 | Ralph Breaks the Internet | Pocahontas | as stimaktrise |
2019 | The Bygone | frou Call | |
2019 | The Harbinger | Floating Hawk | |
fideospultsjes | |||
1995 | Animated Storybook: Pocahontas | Pocahontas | |
fideoklips | |||
2017 | Family Feud | ko-presidint fan 'e Feriene Steaten | nûmer fan Jay Z mei Beyoncé |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Irene Bedard op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Irene Bedard yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|