Hunter Bryce
Hunter Bryce, echte namme: Kathryn Sue Johnston (Pittsburgh, 9 oktober 1980 – Los Angeles, 12 april 2011), wie in Amerikaansk letterkundige, fitnesstrener, neakenmodel, fetysjmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Italjaansk-Ulstersk etnysk komôf. Neffens har offisjele opjefte wie se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34D, dy't krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.
Hunter Bryce | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kathryn Sue Johnston | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 9 oktober 1980 | |
berteplak | Pittsburgh (Pennsylvania) | |
stoarn | 12 april 2011 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Italjaansk Ulstersk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, fetysjmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2007 – 2011 | |
offisjele webside | ||
www.hunterbrycexxx.com (deade link) |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeBryce waard yn 1980 berne yn Pittsburgh, yn 'e steat Pennsylvania, as ien fan 'e twa bern yn it gesin fan Howard en Karen Johnston. Se hie ien broer, Matthew, en wie fan mingd Italjaansk en Ulstersk (Noardiersk protestantsk) komôf. Bryce folge oant 1998 de middelbere skoalle oan 'e Frazier High School yn Pittsburgh. Dêrnei studearre hja Ingelske literatuer mei as byfak non-fiksjeskriuwen oan 'e Universiteit fan Pittsburgh en behelle yn 2003 dêryn in bachelorstitel.
Neitiid wurke Bryce yn 'e detailhannel, by in makelerdij, yn 'e marketingsektor, as persoanlik fitnesstrener en as stripper, foar't se yn 2007 yn Floarida yn neifolging fan har idoal Briana Banks har debút makke yn in pornografyske film. Koarte tiid letter ferfear se nei de Kalifornje, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles. De foarnamme fan har skûlnamme Hunter Bryce naam se oan by wize fan earbetoan oan Hunter S. Thompson, ien fan har favorite skriuwers. As pornoaktrise kaam hja bekend te stean as in squirter.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Bryce yn totaal yn 74 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Pure Play Media, New Sensations, Evil Angel, Third Degree Films, Hustler Video, Devil's Film, Digital Sin, Zero Tolerance en Diabolic Video. Ek wurke se in protte foar pornosites o it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Yn 2010 waard Bryce nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornoyndustry), yn 'e category milf/cougar fan it jier.
Njonken har aktearwurk posearre Bryce ek in soad as neakenmodel foar ûnderskate manljusblêden. Op woansdei 13 april 2011 waard se dea oantroffen yn har hûs yn 'e San Fernando Valley-krite fan Los Angeles. De lykskôging wiisde út dat se de deis tefoaren beswykt wie oan komplikaasjes fan alkoholisme. Hunter Bryce waard tritich jier.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2010 | AVN Award | nominearre | bêste milf/cougar-artyste fan it jier | n.f.t. |
XRCO Award | nominearre | orgastysk oraliste | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Hunter Bryce yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Hunter Bryce yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Hunter Bryce op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |