Fersoargingsplak
In fersoargingsplak is in plak lâns in auto(snel)wei dêr't automobilisten de mooglikheid hawwe om de reis te ûnderbrekken, út te rêsten, te iten of te drinken,nei it húske te gean en benzine te tanken.
In fersoargingsplak kin ornaris allinnich fan de autowei ôf berikt wurde, en mar út ien rjochting. Dit om foar te kommen dat it as op- en ôfrit brûkt wurdt. Oer in lingte fan ien kilometer wurde om de ûngefear trijehûndert meter oanjûn. Fersoargingsplakken lizzen sa'n 20-25 kilometer fan elkoar. Om de fjirtich kilometer leit der meast in restaurant.
Nammejouwing
bewurkje seksjeFersoargingsplakken yn Nederlân wurde meast neamd nei eleminten yn de omjouwing, meast in natoergebiet, mar ek de plaknamme dêr't it plak by yn de buert leit of in lokale strjitnamme. Namen fan wichtige persoanen of barrens út de skiednis wurde wol ek wol as namme brûkt.
Fersoargingsplakken yn Fryslân
bewurkje seksje- De Lanen oan de A6 by de Tsjûkemar
- De Wiel oan de A6 by de Tsjûkemar
- Lemsterhop oan de A6 by de De Lemmer
- Breesândyk oan de A7 by it âlde wurkeilân Breesân
- Wildinghe oan de A7 by Surch
- Hayum oan de A7 by Wûns
- Laerd oan de A7 by Laard
- Bloksloot oan de A7 by de Bloksleat De Jouwer
- De Wâlden oan de A7 tusken De Tynje en Beetstersweach
- De Vonken oan de A7 tusken De Tynje en Beetstersweach
- De Mieden oan de A31 by Dronryp
- Mandelân oan de A32 by Wurdum
- Smarpot oan de A32 by Akkrum
- De Weeren oan de A32 by Teridzert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|