[go: up one dir, main page]

Eurik44028 desimber 484) wie kening fan de Fisigoaten tusken 466 en 484. Hy wie in krêftige kening ûnder waans bewâld de Fisigoaten alle formiele biningen mei it Romeinske Ryk ferbrutsen en it Fisigoatyske Ryk har grutste útwreiding berikke soe.

stânbyld fan Eurik yn Madrid

Eurik waard berne as tredde soan fan de Fisigoatyske kening Diderik I. Syn âldere bruorren Thorismund en Diderik II wienen syn foargongers as kening. Hie wie earsuchtich en die yn 466 in steatgreep tsjin syn broer Diderik II en it slagge him om de macht oer te nimmen. Bûten earsuchtich wie Eurik ek ûntwikkele. Hy wie de earste Germaanske kening dy't de wetten fan syn folk kodisearre yn in wetboek, de saneamde Codex Eurici.

Los fan it Romeinske Ryk

bewurkje seksje

De krisis yn it Romeinske Ryk dy't ûntstie troch de ferpletterjende nederlaach fan de folsleine Romeinske float yn 468 tsjin Fandalen, wie foar Eurik de oanlieding him ta ûnôfhinklik foarst te ferklearjen. Syn leger foel Spanje yn en besette de stêden Merikda, Braga, Zaragona, Pamploma en Cluna, wêrmei in ein kaam oan de Romeinske hearskippij yn Spanje. Syn krewearjen om it noarden fan Galje te oermasterjen yn 469 mislearre lykwols. Krekt as syn foargonger ferlear hy fan de Romeinen by Orleans. Eurik slagge der wol yn om fêste foet te krijen yn de Provence (471) en ek foel Berry yn syn hannen. Allinnich yn Auvergne, it sintrum fan Galje hâlden de Romeinen stân tsjin him. Dit ferwar barde troch Avitus Ecidicius en Sidonius Apollinaris de soan en skoansoan fan de eardere keizer Avitus. Keizer Julius Nepos dy't de stipe fan Fisigoaten nedich hie, die lykwols ôfstân fan it gebiet yn 475. Letter waard dit noch bekrêftige troch it East-Romeinske Ryk.

De Fisigoaten oermachtich

bewurkje seksje

Doe't yn 476 in ein kaam oan it Westromeinske Ryk, hearske Eurik fan de Strjitte fan Gibraltar oant de Loire. Hy hie trijekwart fan Spanje yn besit en de helte fan Galje. Syn tsjinstanners wienen Syagrius, dy't mei in Romeinsk leger ynklamme siet tusken de Germaanske folken, de Frankyske stammen, dy't yntern ferdield wienen, en de Boergonden yn de Rhôneflakte, dêr't op dat stuit om de macht striden waard.

Eurik ferstoar yn 484 en waard opfolge troch syn soan Alarik II.