[go: up one dir, main page]

Electra is de namme fan in plakje yn Grinslân dêr't it gemaal 'De Waterwolf' stiet. De eigentlike namme is Lammerburen, mar fan 1920 ôf wurdt de namme Electra hieltyd mear ferbûn oan dit buorskip. De namme Electra komt fan it wetterskip dat dit gemaal behearde. Dit wetterskip is opgien yn it wetterskip Noardersylfest.

De Waterwolf
Reitdjipskant

It plak hat neist, it bekende gemaal, trije huzen (oarspronklik tsjinstwenten), in swimbad, in jachthaven, in camping en in hartekampke. Der is ek noch in skutslûs, dy't brûkt waard at it boezemwetter heech stie. Dat barde nochalris by lang oanhâldende westewyn, wêrtroch it wetter yn de eardere Lauwerssee te heech stie om by Sâltkamp genôch spuie te kinnen. Nei de ôfsluting fan de Lauwerssee is de boezum fan De Waterwolf in stik grutter wurden en kin der hast altyd wol meald wurde.