[go: up one dir, main page]

Bud Lee, echte namme: Cameron Lyndon Bennett (Indianapolis, septimber 1955), is in Amerikaansk rêstend regisseur en produsint fan pornografyske films, dy't ek wol as pornoakteur wurke hat. Hy sette yn 1983 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en makke mear as 250 films, wêrfan de lêste yn 2009. Yn 2017 spile Lee foar it lêst yn in pornofilm. Hy is ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Bud Lee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Ben Cameron (as regisseur)
Butt Lee (as akteur)
echte namme Cameron Lyndon Bennett
nasjonaliteit Amerikaansk
berne septimber 1955
berteplak Indianapolis (Indiana)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as regisseur, filmprodusint,
út en troch pornoakteur
jierren aktyf 19832017
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Libben foarôfgeande oan syn pornokarriêre

bewurkje seksje

Lee waard yn 1955 berne yn Indianapolis, yn 'e Amerikaanske steat Indiana. Hy wurke oarspronklik as diplomearre leadjitter foar in wetterliedingbedriuw yn Indianapolis, en wie fan 1975 oant 1979 troud mei syn earste frou. Nei syn skieding wertroude er yn 1980 mei stripper, neakenmodel en earder toanielaktrise Hyapatia Lee, dy't him, sa fertelde er letter gauris yn fraachpetearen, alles learde wat er wist oer de entertainmentyndustry. Lee naam foar syn skûlnamme de efternamme fan syn frou oan, dy't fan Sjeroky-komôf wie, om't dat yn 'e Sjeroky-kultuer fan âlds wizânsje wie.

Karriêre yn de pornoyndustry

bewurkje seksje

Doe't Hyapatia Lee yn 1983 úteinsette mei in karriêre as pornoaktrise, rekke Bud Lee fia har ek by de pornoyndustry behelle. Hy begûn te wurkjen as regisseur en produsint fan pornografyske films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Sin City, Adam & Eve, Penthouse, Vivid Entertainment, New Sensations en VCA Pictures, mar ek wol foar minder bekende studio's, lykas Jill Kelly Productions, Metro en Coast to Coast Video. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) makke Lee tusken 1985 en 2009 yn totaal 256 pornofilms. Ien fan 'e bekendste films, dêr't er as produsint by belutsen wie, wie Babewatch (1994), in parody op 'e yn 'e 1990-er jierren populêre aksjesearje Baywatch.

Teffens wie Lee geregeldwei yn films fan himsels en oare regisseurs te sjen as akteur. Neffens de IAFD barde dat tusken 1983 en 2017 75 kear. Dêrby fertolke er oer it algemien net-pornografyske figuranteroltsjes, hoewol't er yn guon films wol deeglik seksuële omgong mei aktrises hie, ûnder wa syn eigen frou Hyapatia Lee en Erica Boyer. Njonken syn wurk yn 'e pornoyndustry wie Lee ek ympressario yn 'e tsjinst fan it modelleburo 101 Modeling. Yn 2014 waard er ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Yn 2017 wurke er foar it lêst yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Priveelibben

bewurkje seksje

Yn 1992 einige Lee syn houlik mei Hyapatia Lee yn in skieding. Mei har krige er twa soannen, dy't berne waarden yn 1987 en 1990. Op 27 febrewaris 1995 troude Lee op 'e nij, diskear mei pornoaktrise Asia Carrera. Ek dat houlik einige yn in skieding, op 29 septimber 2003, nei't Lee en Carrera al ferskate jierren skieden fan tafel en bêd west hiene.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.