[go: up one dir, main page]

It streekdoarp Boen leit yn it Eastfryske Reiderlân tusken de gongwei A31 en de Dútsk-Nederlânske grins yn in feangebiet. It doarp leit yn de gemeente Bunde yn it distrikt Lier en hat likernôch 460 ynwenners op in oerflak fan 8,79 km².

Boen
Eardere molkfabryk, hjoed-de-dei de tsjerke fan de Bibelgemeinde
Eardere molkfabryk, hjoed-de-dei de tsjerke fan de Bibelgemeinde
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Gemeente Bunde
Sifers
Ynwennertal 461 (2006)
Oerflak 8,79 km²
Befolkingsticht. 56 / km²
Hichte 0,2 m
Oar
Postkoade 26831
Koördinaten 53°8′ NB 7°16′ EL
Kaart fan it Reiderlân

De namme waard foar it earst neamt yn 1475 as Bonewerda. Lettere boarnen neame de skriuwwizen Baen (1585), Bohne (1645) en Bohlen (1719). It is net wis wat de namme betsjut.

Boen hearde oant 1467 ta de proasdy Hatzum en foel ûnder it Bisdom Múnster en it hie in eigen tsjerke. Om 1500 hinne krige it doarp te lijen fan de oerstreamings fan de Doalert, dy't by de Twadde Kosmas- en Damianusfloed fan 1509 syn wiidste omfieming krige. De ynwenners flechten út de âlde delsetting wei nei heger grûn. De gemeente waard part fan de parochy fan Bunde.

Yn de earste helte fan de sechtjinde iuw waard dêrom de Ol Diek as ferdigeningsdyk tusken Bunde en Wymeer boud. Dy wie in fuortsetting fan de dyk by Dünebroek, dy mooglik foar it winnen fan lân tsjinne. Yn de santjinde iuw late it winnen fan lân ta in skeel mei de Eastfryske greven om de erfpacht. In langer skeel ûntwikkele yn 1699 algeduerigen mei de Grinslânske bewenners oan de grins, dy't lêst fan it ûntwetterjen hiene. Dat skeel koe yn 1824 by it "Ferdrach fan Meppen" bylein wurde. Yn 1833/1834 kaam it ta wapene konflikten mei ynwenners fan Bellingwolde nei in trochbraak fan in dyk yn de Westerwâldske Aa.

Tusken 1868 en 1910 ferfearen goed 30 ynwenners oerseesk.

Yn 1973 kaam Boen by de gearwurkingsgemeente Bunde en is sûnt 1 novimber 2001 part fan de nije ienheidsgemeente Bunde. Dêrnei is Boen wynliken in buorren fan Bunde.

Yn de Midsiuwen wiene fiskjen en hanneljen de wichtichste boarnen fan ynkommen. Yn de sechtjinde iuw waard de lânbou oerhearskjend. Hjoed-de-dei wurdt Boen noch hieltyd skaaimerke mei syn moaie Eastfryske pleatsen, dêr't guon fan beskerme binne. Nettsjinsteande nimt it tal lânboubedriuwen ôf. Yn 1961 wiene der noch 51 pleatsen, yn 2005 wiene der noch 30 oer. Wurklju binne dreech te finen en dy binne benammen rjochte op Bunde.

Fan 1766 oant 1970 hie Boen in eigen skoalle. De Boenster Folksskoalle waard dêrnei sletten en tsjinne as tsjerke foar de Evangelische Bibelgemeinde Boenfoar in tal jierren. Yn 1990 waard it in doarpshûs.

Nei it ferwoastjen fan de tsjerke yn 1500, waard der nea wer in tsjerke boud yn Boen. Tsjerkegongers giene nei Wymeer of Bunde.

Ut in Bibeldiskusjekrite (1967) ûntstie yn 1989 de Freie evangelische Bibelgemeinde Boen, dy't hjoed-de-dei yn de eardere molkfabryk syn gearkomsten hâld.

  • Wymeer-Boen. Leben zwischen Moor und Meer. Risius, Weener 2005.
  • Harm Wiemann: Aus vergangenen Tagen. Chronik der Samtgemeinde Bunde. Selbstverlag, Bunde 1983.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  Bunde  
Haadplak: Bunde
Doarpen: BoenBunderheeDollartWymeer
  ·   ·